2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan twa brieven fan de Provinsje Fryslân en de finansjele konsekwinsjes te ferwurkjen yn de begrutting Mefrou Veldstra (FNP): Sy fynt it in goede saak dat men noch mei de tafersjochhâlder yn petear giet. Wat foar gefolgen hawwe de maatregels foar it ûnderhâld fan de begraafplakken? Hoe fier is it mei de behearsplannen? Makket it kolleezje noch beswier? De hear De Visser (PvdA): Kin it kolleezje wat mear taljochtsje oer de kansen? Hokker dossiers binne noch mear ûnderwerp fan petear? De hear Bouma (VVD): Sit der skot yn it oerlis mei de provinsje? Hoe fier is men mei de behears plannen? Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje is dwaande om der beweging yn te krijen. Men is drok te set mei de behearsplannen en hy hopet dat dy mei de maaitiidsnota klear binne. Hy hopet dat it mei in bettere Onderbouwing mei de begraafplakken wol losrint. Men is ek noch mei de provinsje yn petear oer de ynfolling fan it GRP. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan it foarnimmen fan it kolleezje om de spinnekopmole út Warniahuzen te ferpleatsen De hear Riemersma (FNP): It is spitich dat de mûne net yn Warniahuzen bliuwe kin, mar it is ek moai dat der wol op in oar plak bestean bliuwe kin. Hy wiist derop dat de ynstânsjes wol mei- wurkje woenen as it wetterskip meidwaan wollen hie. Oer de 'bevoegdheid verplaatsingsbesluit': Yn Op 'e Hichte fan jannewaris 2008 stie dat de mû- ne ferpleatst wurde soe. It wie lykwols net in lyts stikje, mar de mûne waard ferpleatst nei Smel- lingerlân. De ried koe neat freegje, want men wist neat. De wethâlder koe him doe ek gjin eksak- te ynformaasje jaan. Hy soe dan graach wat mear helderheid oer de gong fan saken hawwe wolle by sa'n proseduere De hear Van der Sluis (VVD): It is tige spitich dat de mûne der wei giet. Mar hy krijt op himsels wol in moai plak op it Eilân. De hear Hemminga (GB): Hy slút him dêrby oan. De hear Zijlstra (CDA): Hy kin him yn de wurden fan de foarige sprekkers fine. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wol noch de kompliminten útsprekke rjochting kolleezje, mar ek be- nammen oan de hear Van Schaick. Wethâlder De Vries: Hy is it dermei iens dat de hear Van Schaick en syn bestjoer fan grutte bets jutting binne foar de mûnen. It is yndied tige spitich dat de mûne net op Warniahuzen bliuwe koe. Der hat bestjoerlik oerlis mei it wetterskip west. Men koe der lykwols neat oan feroarje. Oer it ferrin fan it ferpleatsingsbeslút. Hy tocht dat it al lang regele wie doe't de hear Riemersma him dernei frege. It is it foech fan it kolleezje, mar it is de keninklike wei om de ried te ynformea- ren en de gefoelens te hifkjen. Hy seit ta dat de ried tenei by sa'n proseduere foarôf ynformeard wurde sil en dat men de gefoelens kenber meitsje kin. It soe moai wêze dat it oarspronklike plak op ien of oare wize markeard wurde kin en dy ynspan- ningsferplichting wol er op him nimme. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan de list fan befinings fan de VROM-Inspectie en de gemeentlike reaksje hjirop oangeande ûndersyk asbestregeljouwing De hear Vellinga (PvdA): It kin fan libbensbelang wêze hoe't men mei asbest omgean moat. Der sit nochal wat krityk yn it stik fan de ynspeksje. Is dy tefreden mei it antwurd fan de gemeente? Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 8