Wethâlder Minkes: Sy hat noch net in reaksje fan de ynspeksje sjoen. As dy der is dan sii der ried dêroer ynformearre wurde. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oantenmei 3.7 Mefrou Siemonsma sprekt yn op punt 3.6. Sjoch bylage. Mefrou Van der Heide sprekt yn op punt 3.6. Sjoch bylage. De hear Van der Bij sprekt yn op punt 3.6. Sjoch bylage. De hear Galama sprekt yn op punt 3.7. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel oangeande ûntwerpbestimmingsplan Terherne - Villapark De Herne Mefrou Esser (PvdA): De VROM-ynspeksje hat sjoen nei de dûbelbestimming. De útkomsten fan dat dndersyk binne posityf en dat docht de PvdA goed. Wannear wurde de rekreaasjewennings toetst oan it boubeslút? Hoe skat de wethâlder de lesten foar de hanthaving yn? Hoefolle wen nings komme der noch by foar de telling fan de kontinginten? No't minsken der permanint wenje, krijt men miskien ek mear ozb-ynkomsten. Is de 75.000 euro genôch foar de te ferwachtsjen prosedueres? De hear Hemminga (GB): Der is no gelokkich dúdlikheid foar de bewenners fan it fillapark. Hoe sit it mei de kontinginten? Wat is de stân fan saken fan it oerlis mei de provinsje? De hear Riemersma (FNP): As Terhernster hat er him goed mei de saak dwaande hâlden. Bewen ners en DB binne tige bliid mei it resultaat. De kompliminten oan de wethâlder en de amtners dat it op sa'n koarte termyn oplost is. Mefrou Meinderts (CDA): Wurdt de útkearing út it gemeentefûns basearre op de ekstra kontingin ten fan alle adressen of moat men alle jierren Clndersykje hokker wennings permanint bewenne wurde? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is bliid mei de oplossing. De ynspeksje sil de huzen noch fierder ûndersykje. Jildt de ûntheffingsmooglikheid foar lytse ôfwikings of moat men it breder sjen? Wethâlder Minkes: Men is bliid dat men no al sa fier is. De hear Hemminga (GB): Hy wiist derop dat de wethâlders earder tsjinstimd hawwe. Wethâlder Minkes: Sy wie krekt wethâlder doe't sy har opstelling oer dit Onderwerp dúdlik makke hat en dy is net feroare. De tiid fan 92/93 wie fan in oare oarder as dy fan de léste jierren. De pénen foldogge oan de boubesluten fan 2003 en de hanthaving sil dan ek net in grutte lést foarmje. Men sil it noch mei de provinsje oer de kontinginten hawwe. De provinsje praat oer in persintaazje fan 50%, mar der moat noch dúdlikheid oer komme fan hokker sifers men dan útge- an moat. Men hat noch net oer de ozb-opbringsten neitocht. Der wie in ton reservearre foar de risiko's en men hat 20.000 euro nedich om it bestimmingsplan óf te meitsjen. It sil foar it gemeentefûns net ta hiel oare getallen liede. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 9