Mefrou Dekker (PvdA): Hat it kolleezje al ûndersyk dien nei in oare wikseling fan funksjes of lo kaasjes? Dy opdracht is yn de moasje jûn. Wethâlder Minkes: As men net bouwe kin dan komt men mei de finânsjes leger út. Der is op dit momint gjin alternative ynfolling foar de lokaasje. It drukt op it finansjeel herstelplan. Mefrou Esser (PvdA): De wethâlder wol dus feitlik net meigean mei de moasje? Wethâlder Minkes: Dan soe sy 1,1 miljoen kwyt wêze. Om dat tekoart wei te wurkjen soe men noch mear ynwenners fan de gemeente treffe. De hear Bouma (VVD): De situaasje kin samar wer oars wêze. Yn de mearjierrerûzing sitte in tal pm-posten. Miskien komme der wol opbringsten út de ferkeap fan de Essent-oandielen. De hear Van der Meer (GB): Zijn er andere locaties die ingevuld kunnen worden? Wethâlder Minkes: Oare wike sjocht men it hiele plaatsje fan Welkom en dan hat men sicht op trânsaksjes. De hear Van der Meer (GB): Betekent dat men op andere locaties het tekort kan aanvullen? Wethâlder Minkes: As dat sa wie dan wie de lokaasje fan de brede skoalle net oan de oarder kommen. De skoalle wolle it tempo der ek ynhâlde. Sy wol net te folie farre op mooglike meifal- Mefrou Dekker (PvdA): It giet de PvdA ek om it prinsipe. Der is sein dat der yn Akkrum by de brede skoalle gjin huzen komme soenen. Dêrta is de moasje ynstjinne. De hear Seldenrust (FNP): De FNP wol net al te maklik konklúzjes lûke. De ûnderbrekking foar oerlis soe jilde moatte foar de hiele ried en net allinne foar de fraksjefoarsitters. De foarsitter: Op verzoek van de PvdA wordt de vergadering geschorst. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan mevrouw Dekker. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wit eins net wat sy sizze moat omdat sy begrepen hat dat it kolleezje de gearkomste ûnderbrekke wol. De ried is der Onderling net útkommen. De PvdA-fraksje tinkt oars oer de saak as de oare partijen. De PvdA-fraksje wol in útstel foar 14 dagen oangeande de moasje. It giet benammen om it prinsipe fan de tasizzing dat der gjin wentebou komme soe. De hear Hemminga (GB): Yn hoefier feroaret der wat oan de prinsipe-útspraak fan de moasje dat der gjin wentebou komme soe? Hy giet derfan út dat dat punt oereinstean bliuwt en dan hoecht men gjin 14 dagen mear te wachtsjen. De hear Seldenrust (FNP): Hy slút him dêrby oan. Bliuwt yn de moasje oerein dat de wentebou yn Akkrum der net komt? De hear Bouma (VVD): De VVD slút him by de foarige twa sprekkers oan. De hear Zijlstra (CDA): Foar it CDA kin it oer twa wike wol. Wethâlder Minkes: Sy jout oan dat de ried oer de moasjes giet. Pagina 6 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 10