Mefrou Dekker (PvdA): De ried is frege om oer de saak te praten. Oare wike tiisdei komt der útlis
oer de finânsjes fan de brede skoalle. Wat fynt it kolleezje derfan dat der in ferdieldheid yn de
ried is oer it momint fan behanneling fan de moasje? Is der oer 14 dagen in oare situaasje?
De hear Seldenrust (FNP): Wat wol de PvdA mei de eigen moasje dwaan? Bliuwt de bepaling oer
gjin wentebou yn Akkrum oereinstean wat foar ynformaasje der ek fan de kant fan it kolleezje
komt?
De hear Bouma (VVD): Dat is ek de betizing by de VVD. Men wol de prinsipe-útspraak oer it net
bouwen opnij befestigje troch de moasje. Oer 14 dagen is der gjin soelaas neffens him.
De hear Hemminga (GB): De ried wol in útspraak fan de portefúljehâlder oer it prinsipe fan it al of
net tastean fan wentebou.
Mefrou Dekker (PvdA): Dat wol de PvdA ek freegje.
De hear Zijlstra (CDA): Neffens de moasje soe it kolleezje ek mei in oplossing foar de 9 ton kom-
me moatte. Dêr soe it CDA mei it each op de gearkomste fan oare wike noch wol eefkes op
wachtsje wolle.
Mefrou Dekker (PvdA): Der stiet gjin datum yn de moasje. It kolleezje krijt dus de romte om mei
in oplossing te kommen.
De foarsitter: Schorst de vergadering om het college de gelegenheid te geven zich over de motie
te beraden.
De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Minkes.
Wethâlder Minkes: Elkenien wol de brede skoalle, mar der is in grut finansjeel dilemma. Sy hat
net de bedoeling hân om it dilemma óf te wenteljen op de bewenners fan de Boarnsterdyk. As
dat al sa oerkommen is dan wol sy har ekskuzes dêrfoar oanbiede.
It kolleezje wol de moasje oernimme ûnder it betingst dat it kolleezje by steat wêze moat om oer
in termyn fan 4 wike in akseptabel alternatyf te finen.
Twadde termyn
De hear Van der Sluis (VVD): De boekwearde fan de lokaasje Akkrum is 1.600.910 euro. De
grûn hat neffens de boeken in wearde fan 755.559 euro. It ferskil sit him yn de ynvestearring,
û.o. yn it bouryp meitsjen fan de grûn en de ûntslutingswei fan mei elkoar 845.000 euro. Dat is
neffens him as ynvestearring in ófskriuwpost. Dêrtroch wurdt it bedrach fan 1 miljoen, dêr't de
wethâlder it oer hat, in stik lytser. As men syn berekkening folget dan bliuwt der in tekoart oer
fan sa'n heal miljoen. Wêrom is der gjin ófskriuwpost fan de ynvestearing yn de skoalle makke?
De hear Seldenrust (FNP): It siert de wethâlder dat sy de hân yn eigen boezem stekt troch har
ekskuzes oan te bieden foar har wurden yn Akkrum op de ynformaasjejûn. As it kolleezje no fynt
dat men de moasje oernimme kin dan is dat de moasje dy't no foar leit. Hy soe foar in oanfolling
op de moasje earst noch oerlis mei de fraksjes hawwe wolle.
Mefrou Dekker (PvdA): Men hat it yn de de ûnderbrekking dêr al oer hân.
Kin de hear Seldenrust de oanfolling oanjaan?
Pagina 7
1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/7