De hear Seldenrust (FNP): 'Sprekt út dat der op de lokaasje fan de brede skoalle yn Akkrum gjin wentebou plakfine moat' soe wêze moatte 'Sprekt út dat der op de lokaasje fan de brede skoalle yn Akkrum gjin wentebou of oare bebouwing plakfine moat útsûndere foar de brede skoalle en/of sport'. De hear Zijlstra (CDA): It is in goede saak dat de wethâlder har ekskuzes oanbean hat. It is ek goed dat der nei in alternatyf sjoen wurde kin. Dat biedt hoop. De hear Hemminga (GB): Hy hat ek wurdearring foar de oanbeane ekskuzes fan de wethâlder. It is ek goed dat it kolleezje it mei it punt oer it net tastean fan wentebou akkoart giet. Hooplik is der oer 4 wike in akseptabele oplossing. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje is der bliid mei dat it kolleezje de moasje oernimt en ho- pet dat der oer 4 wike in goed alternatyf foar leit. Ek tank foar de oanbeane ekskuzes. De oanfol- ling fan de FNP is op himsels net ferkeard, mar hoe sjocht it kolleezje dêr tsjinoan? De foarsitter: Het college wil meedenken om tot een oplossing te komen. Gelukkig vindt de raad dat het een gemeenschappelijke verantwoordelijkheid betreft. Wethâlder Minkes: Alles wat der oan de moasje tafoege wurdt, jout fansels in beheining. Sy wol de fraach fan de hear Van der Sluis oer de ynvestearing graach skriftlik beäntwurdzje. De hear Van der Woude (PvdA): Hy nimt oan dat alle riedsleden ferlet hawwe fan dy ynformaas- je. Wethâlder Minkes: Dat sil barre. Mefrou Veldstra (FNP): Watfoar moasje wurdt oannommen? Mefrou Dekker (PvdA): It kolleezje hat in rom gebaar makke. As it kolleezje seit dat de oanfolling op de moasje bepaalde beheinings jout, dan kin de PvdA deryn meigean dat men fan de oar- spronklike moasje útgiet. De hear Hemminga (GB): GB wol de alternativen wol ôfwachtsje en dan hoecht de oanfolling der net perfoarst by. Wethâlder Minkes: It fertrekpunt is de moasje sa't dy oarspronklik formuleard is. Under de foar- wearde dat it kolleezje yn 4 wike by steat is om in akseptabel alternatyf te finen. De foarsitter: Over dat alternatief kan dan in de raad gesproken worden. De hear Seldenrust (FNP): Men kin mei de tasizzing fan de wethâlder noch wol 4 wike libje en dê- rom hoecht de oanfolling der om him net perfoarst by. De foarsitter: Zij schorst de vergadering tot 3 februari. Het eerste deel wordt om 23.1 5 uur afge sloten. 2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan de Ondertekening fan de ferklearring fan dielname oan de "Impuls brede scholen, sport en cultuur" troch de ynset fan kombinaasjefunksjes 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant en mei 3.4 Pagina 8 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 12