b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. c. Brede Scholen Wethâlder Minkes: De ried hat in mail krige. It kolleezje kin wol wat sizze oer de fuortgong fan de brede skoalle, mar net oer de ûnderhannelings fan Welkom. Dat léste sil o.are wike tiisdei barre. Wol moat der earst ek noch mei de PB'en oerlis komme. Men is op de goede wei mei de gear- wurkingsoerienkomst en der komt sa'n 10 miljoen euro oan. Op 16 desimber hat de hear Van der Meer as saakwaarnimmer fan Welkom en as direkteur fan de BV Herstructurering Boarnsterhim de ried ynformearre oer de stén fan saken fan de ûnderhan- nelings mei Welkom. Sy sitearret wat sy oanslutend op it ferhaal fan de hear Van der Meer sein hat 'Tijdens de inspraakavond brede school op 27 maart 2007 heb ik namens het college de stel ling in Akkrum kunnen verdedigen dat er in tegenstelling tot hetgeen de illustraties in het toenma lige projectenboek suggereerden geen sprake zou zijn van woningbouw rond de brede school in Akkrum. Daar was ook geen aanleiding toe anders dan een mogelijk stedenbouwkundige woning bouw in dat gebied'. Tuskentiids binne de feiten drastysk feroare. Men moat as gemeente in by- drage leverje oan in finansjeel herstelplan en wenningbou moat jild generearje. It grutte ferskil mei earder is it finansjeel tafersjoch en it finansjeel ynsicht. Boekweardes fan grûnen hawwe lang gjin issue west yn Boarnsterhim. Men wol in brede skoalle yn Akkrum en fanút dy drive woe it kollee zje yn oerlis mei de omwenners. It dilemma hat sy op 21 jannewaris yn Akkrum en op 22 janne- waris yn Grou útlein. Men hie fansels yn Akkrum wat út te lizzen, mar men hie net op safolle lul- kens rekkene. Der binne foar beide lokaasjes gjin 'kant-en-klare' plannen. Welkom hie wol in pear ynrjochtingssketsen opset. Dy hat men yn Akkrum net fertoand, want dat soe as oalje op it fjoer wurkje kinne.Yn Grou wienen de reaksjes posityf kritysk oer de sketsen. De taksaasjes komme út op goed 16 miljoen. De boekwearden binne goed 6 miljoen. De netto opbringst is dêrmei sa'n lytse 10 miljoen. De boekwearde fan de totale kavel yn Akkrum is 1,6 miljoen en de restearende boekwearde, mei ferrekkening fan it diel foar de brede skoalle en it ke- atsfjild, is in goed miljoen. As men gjin wennings talit op de lokaasjes dan hat men in tekoart fan sawat in miljoen. Dat jout problemen foar it finansjeel herstelplan. Mefrou Dekker (PvdA): Sy betanket de wethélder foar de útlis. Dochs hat sy noch wat fragen. Dat hat te meitsjen mei de gong fan saken yn Akkrum en wat der mei de ried ôfpraat is. Der bin ne ôfspraken mei de minsken makke en se fynt it wat nayf dat it kolleezje it ferkeard ynskat hat. As der gjin wentebou komme soe dan soenen omwenners gjin beswier hawwe tsjin de bou fan de brede skoalle. As it kolleezje seit dat men gjin plannen hat dan hie men dat dy jûn dúdlik sizze moatten. Sy hie seis fan tefoaren it byld dat der op de ynformaasjejûn mei de minsken oerlein wurde soe. Yn de ried hat de wethélder sein dat der gjin wennings komme soenen salang't sy wethélder wêze soe. De wethélder hie nei de ried weromkomme moatten as de saak sterk feroa re wie. De PvdA-fraksje komt mei in moasje. Sy lést de moasje foar. De Rie fan de Gemeente Boarnsterhim yn iepenbiere gearkomste bijinoar op 27 jannewaris 2009, Heard it berie oangeande de Brede Skoalle yn Akkrum, Sprekt út, dat der op de lokaasje fan de Brede Skoalle yn Akkrum gjin wentebou plak fine moat en draagt it kolleezje op om mei in útstel te kommen foar in oare ynfolling fan it gebied, dy't de kapitaellêsten dekt. En giet oer ta de oarder fan de dei. De hear Hemminga (GB): Wat ferstiet men ûnder in oare ynfolling? Pagina 2 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 6