Mefrou Dekker (PvdA): As it mar gjin wentebou is. De hear Hemminga (GB): De ried hat de kaders foar de brede skoalle oanjûn. Op de ynformaasje- jûnen yn Akkrum en Grou wurdt ôfwykt fan de kaders. Dêr hie de wethâlder earst mei de ried oer prate moatten. De wethâlder seit, neffens wat der yn de krante stiet, dat der sûnder wenningbou gjin kâns is. It is de fraach ek oft men de opbringst wol foar de bou fan de brede skoalle brûke kin. En der komme oare problemen om 'e hoeke as men de kaders feroaret lykas oanpassing fan de ynfrastruktuer. Dêrmei sjitte de plannen net op. Op 1 5 jannewaris is der in Algemene Maatregel van Bestuur fan kracht wurden oangeande gefoe- lige lokaasjes. Wat foar konsekwinsjes hat dat? It liket mei de brede skoalle in fata morgana te wurden. As Welkom sa rojaal is mei jild dan soe dy de gemeente ek wol oernimme kinne. De hear Bouma (VVD): De VVD is ek ferbjustere troch de jûn yn Akkrum. Hy tinkt dat de mins- ken terjochte sa reagearre hawwe. Men soe eins earder (31 desimber 2008) al oer 10 miljoen fan Welkom beskikke kinne. No wurdt der sa mar in ferlies fan in miljoen nommen. Hoe sit men mei Welkom yn de ûnderhannelings? Men wurdt krekt as de omwenners foar it blok set en dat fielt as sjantaazje. No driget der wer fertraging te kommen. Hellet men de planning wol? Wêrom is it earst net oan de ried foarlein? Men soe de opbringst fan de grûn miskien earst better yn de stille reserve sette kinne. De hear Seldenrust (FNP): Ek de FNP is frijwat fernuvere oer wat men op de ynformaasjejûnen heard hat fan benammen de projektlieder en de wethâlder. Op de ynformaasjejûn yn Akkrum rûn it út de klauwen. It is earnst by de omwenners en de riedsleden dy't dêr yn Akkrum oanwêzich wienen. Kin der noch wol in ferfolch foar de wethâlder wêze? Hat sy noch wol genôch fertrou- wen by de bewenners en de ried? Hoe kin men oan de omwenners de fraach foarlizze dat sy dan seis mar sjen moasten hoe't de brede skoalle der komme soe? De wethâlder hat ferskate kearen befestige dat der op de lokaasje yn Akkrum gjin wentebou komme soe. By fragen yn novimber 2008 woe de wethâlder it lykwols befestigje noch ûntkenne. Hy kin him hiel goed de lulkens fan de bewenners foarstelle. Om net al te folie reboelje te krijen binne neffens de wethâlder de plaatsjes net fertoand. Mar de omwen ners woenen hielendal gjin plaatsjes sjen. Wat is der yn de léste moannen oan feiten en omstannichheden dan sa drastysk feroare? Yn 2008 siet Boarnsterhim al yn swier waar. Der binne dochs gjin mear liken út de kast kommen? Is men it it jild dat Welkom mooglik bydraacht straks net kwyt oan de mooglike claims fan de bewenners en omwenners fan de Boarnsterdyk? It kolleezje hat tige swak optreden yn Akkrum en de wethâlder hat noch in hiel protte út te lizzen. De hear Zijlstra (CDA): Doe't op 27 maart 2007 by de gearkomste yn Akkrum de wethâlder sei dat der gjin wenningbou op de lokaasje foar de brede skoalle yn Akkrum komme soe, fûn it CDA dat in nuvere útspraak. Men hie der yn de ried ommers net oer diskusjearje en beslute kinnen. De gemeente stie der doe finansjeel ek al min foar. Sa'n tasizzing wie dan ek neffens it CDA tige ûnhandich en ûnferstannich. De hear Hemminga (GB): Men hat it CDA der nea earder oer heard dat men dat sa ûnferstannich De hear Zijlstra (CDA): Doe wie men noch net sa goed op 'e hichte fan de finansjele situaasje. It CDA is no hiel somber oangeande de finansjele Onderbouwing fan de oerienkomst mei de stra- tegyske partner. Pagina 3 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 7