Wethâlder Minkes: Op 1 maart 2007 wienen der sketsmjittich wennings yntekene, wat doe hie lendal net de bedoeling fan it kolleezje wie. Der is doe yn 2007 beswier makke tsjin it bouryp meitsjen fan it gebiet. Der wie lykwols doe gjin sprake fan dat der wennings komme soenen. Yn july 2007 konkludearre it kolleezje dat it finansjeel net goed kaam en dy situaasje is yn 2008 net ferbettere. It kolleezje hat de ynskatting makke dat men it béste it earste nei de ynwenners tagean moast om it dilemma foar te lizzen. Dat foei yn Grou oars as yn Akkrum. It kolleezje woe dus earst de miening fan de omwenners peile. De hear Hemminga (GB): By in dilemma hat men in probleem. En dér heart men earst mei yn de ried te kommen. Wethâlder Minkes: Men woe earst it draachflak mjitte by de befolking. Sy hat net de wurden út de krante 'u geen woningbouw en wij geen school' brûkt. It giet no om de finansjele kant fan de saak. Der binne in tal belangen tusken Welkom en de gemeente oer en wer. De drive om de bre de skoalle te realisearjen is der op himsels net minder om. De hear Seldenrust (FNP): De wethâlder hat op de ynformaasjejûn de omwenners wol foar in keuze steld. As de gemeente fan de omwenners net bouwe mocht op dy lokaasje dan moasten sy mar in oplossing foar de brede skoalle sykje. Dy toan hat in ferkearde útwurking hân op de oanwêzigen en dat wurdt mei de opmerking oer sjantaazje bedoeld. Wethâlder Minkes: Sy hat oanjûn hoe't it dilemma ûntstien is. Sy kin har foarstelle dat de seal der problemen mei hie dat men it gefoel hie dat it probleem op harren skouders dellein waard. De hear Seldenrust (FNP): De wethâlder hat dér dúdlik sein 'Omwenners as der net boud wurdt, hawwe jimme dan in oplossing foar de brede skoalle?' De hear Hemminga (GB): Wat is dan neffens de wethâlder de ynhâld fan it wurd sjantaazje? Wethâlder Minkes: Sy hat de minsken net ûnder druk set om in antwurd te jaan. De yntinsje wie om it dilemma oan te jaan. De hear Seldenrust (FNP): Hy wol graach fan de oare riedsleden witte wat dy heard hawwe op dy jûn. Mefrou Dekker (PvdA): It is letterlik sa sein as de hear Seldenrust oanjün hat. De hear Van der Sluis (VVD): Hy slút him dér folslein by oan. De hear Zijlstra (CDA): De wethâlder en de projektlieder hawwe yndied sein dat men de saak ris omdraaie moast en sa waarden de omwenners mei it probleem konfrontearre. De hear Bouma (VVD): Hy hat de yndruk dat men yn de ûnderhannelings mei Welkom net dúdlik fan tefoaren oanjün hat dat men dér gjin wentebou woe. De ried is ek net oer dy move fan it kol leezje konsultearre. Wethâlder Minkes: Welkom hat sjoen nei de lokaasjes dy't men brûke kin foar de wentebou en dér hearre de lokaasjes fan de brede skoallen ek by. Welkom woe graach de wearde fan dy grûn taksearje en dat hearde neffens har gewoan ta in ûnderdiel fan de ûnderhannelings. Foar de be- antwurding fan de moasje wol sy graach in koarte ûnderbrekking. Pagina 4 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 8