De hear Hemminga (GB): Wannear hawwe der foar it earst mei Welkom petearen west oer wen- ningbou op dy lokaasjes? Foar of nei 17 desimber? Wethâlder Minkes: Op 16 desimber hat sy al sein dat men it oankommen seach. Yn novimber hat men nei it totaal fan de lokaasjes sjoen. De taksaasje hat nei de 169 desimber west. De hear Hemminga (GB): It wie op 17 desimber dus al in besprekpunt mei Welkom. Wethâlder Minkes: Dat klopt. De hear Zijlstra (CDA): Binne der noch mear stikken grûn yn de oerienkomst dêr't de wethâlder earder fan sein hat dat der gjin wenningbou komme soe? Wethâlder Minkes: Foar safier't sy wit fan net. De hear Bouma (VVD): Yn hoefier makket it ferlies fan sa'n lyts miljoen diel út fan it earder rûze tekoart? Is it net in kosmetyske trúk om it oare gat lytser te meitsjen? Wethâlder Minkes: De hear Van der Sluis hat fragen steld oer de boekwearden fan it gebiet en de ynformaasje dêroer is omparte. De tariedingskosten binne ôfboekt. De foarsitter: Schorst de vergadering De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Minkes. Wethâlder Minkes: Men sit yn 'e knipe. Elkenien wol de brede skoalle. As men de 9 ton mist dan komt men mei it finansjeel herstelplan yn 'e knipe. It sicht op swarte sifers yn 2012 is de be- tingst fan de provinsje om de romte foar de brede skoalle te jaan. Dêr sit it grutte dilemma. Nef- fens de moasje moat it kolleezje mei in oplossing komme foar in kapitaalslêst. Mar elke oplossing sil it gat allinne mar grutter meitsje. It herstelplan is dus in substansjeel diel fan it probleem. Kin de ried mei it kolleezje oer it dilemma meitinke? De foarsitter: Zij doet een voorstel. De fractievoorzitters zouden een gesprek met elkaar kunnen aangaan om een oplossing voor het dilemma te zoeken. De hear Van der Woude (PvdA): Dat betsjut dus dat it kolleezje gjin alternatyf hat neffens de strekking fan de moasje? Wethâlder Minkes: It giet oer de boekwearde fan it gebiet. Der binne gjin oare oplossings foar hannen. Mefrou Dekker (PvdA): Dat soe dus betsjutte dat men wentebou nedich hat? Wethâlder Minkes: De taksaasje fan 1,4 miljoen is basearre op wenningbou en as men dat loslit dan hat men minder opbringst. As men net bouwe kin dan komt der in gat fan in miljoen. De foarsitter: Als de woningbouw niet gerealiseerd wordt, ontstaat in de meerjarenraming een gat van een miljoen. Men wil de financiële positie van de gemeente in 2012 zodanig verbeteren dat men weer in de zwarte cijfers komt. Zij wijst erop dat er ook nog een taakstelling van 1,1 miljoen is. Pagina 5 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 |annewaris/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 9