t/ MFC Jirnsum "It Kattehûs" 5 f (beo1 (A3oÔv.vicl(h(uUjLn :.:d, De Slinke 3 9011 WV Jirnsum Oan: it Kolleezje fan B en W en de Ried fan de gemeente Boarnsterhim Ine O-- omen GEiVIEENTE BOARNSTERHIM Oanbelangjend: Subsydzje MFC Jirnsum Jirnsum, 2 maart 2009 Acht Kolleezje en Ried, De hear Sijmonsma fan Doarpswurk hat foar it bestjoer fan de Stifting MFC Jirnsum ôfrûne twa moanne oerlis hart mei Wethalder D. v/d Meulen oer sub sydzje foar it slopen fan de alde en lizzen fan nije flierren yn it MFC Jirnsum. De houten f lierren yn it MFC binne slim oantaast troch in tige agressive swam. De kosten fan it slopen en meitsjen fan de f lierren binne begrutte op 45.000.- De wethalder wie tige positief en it like der op dat it MFC Jirnsum op in bydrage fan 5.500,- en op oanstean fan de provinsje, dy seis ek in bedrach fan 7500,- jaan woe, mooglik 7.500,- rekkenje koe. Ta us grutte teloarstelling krigen we oardel wike lyn berjocht dat de gemeente gjin subsydzje jaan koe omdat it jild al oan eat oars takend wie. 6jin subsydzje fan de gemeente betsjut gjin subsydzje fan de provinsje en gjin subsydzje fan in pear wichtige funsen. Yn sifers betsjut dit minimaal 20.000,- minder oan bydragen. It bestjoer fan it MFC kin seis mei selswurksumens, aksjés en sponsors op syn meast 25.000,- byinoar krije, mar 20.000,- is mear reëel. Dit betsjut in te koart fan 25.000,-. De kapitaalslêsten hjirfan kin it MFC Jirnsum net opbringe. Dat hâldt yn dat it MFC de doorren slute en it gebou ferkeapje moat. Dan hat de berneopfang, it jongereinsintrum en de deiopfang alderein gjin plak mear yn Jirnsum en is der te min akkomodaasje foar gear- komsten ensf. yn Jirnsum. It bestjoer wol dan ek in twingend berop op jo Kolleezje en Ried dwaan om dochs noch in subsydzje fan 7.500,- beskikber te stellen. Foar fierdere ynformaasje oer it MFC Jirnsum wolle wy jo ferwize nei de taheakke notysje "MFC Jirnsum de swam de baas". Mei achtinge Bestjoer stifting MFC Jirnsum De foarsitter e S: Janse y'

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 10