MFC Jirnsum de swam de baas Ynlieding It MFC Jirnsum It doarp Jirnsum leit midden yn Fryslân tusken Ljouwert en it Hearrenfean yn de gemeente Boarnsterhim. Jirnsum hat 1300 ynwenners, 10 jier lyn wiene dat noch 1400. Yn it doarp stean twa basisskoallen, in iepenbiere en in bysûndere. Neist it MFC Jirnsum, meastal "It Kattehûs" neamd, hat Jirnsum noch twa kafé's en in sportkantine. By de RK-tsjerke is der noch it parochysealtsje. It hjoeddeiske MFC is yn 1973 as doarpshûs út ein setten yn de âlde iepenbiere skoalle. Nei in, yn de rin fan de jierren, tal lytsere en grutterre oanpassings en ferbouwings is it doarpshûs nei in lange tarieding yn 2004 útwreide en omboud ta Multifunctioneel Centrum. De akkomodaasje It MFC hat neist de aparte romte fan it Jeugd Centrum mei eigen yngong bar en toiletromte, 6 lokalen/sealen, te witten in lokaal foar de berneopfang, de grutte seal mei in beweegbere tenielflierde lytse seal, de Molehiem seal, in boppesealtsje,in keukenromte mei bar en in hal. By it MFC heart ek in mei in jitizeren stek ôfïrede plein oan de foarkant fan it gebou dat brûkt wurdt troch de berneopfang. It MFC hat ek 6 eigen parkearplakken. Yn de grutte seal is plak foar 90 - 100 minsken, yn de Molehiemseal foar 25 - 30 minsken en yn de lytse foar 10-15 minsken. It lokaal foar de berneopfang kin mei skodoarren yn twaën ferdield wurde yn in lokaal foar BSO/TSO en in lokaal foar pjutteboartersplak. De organisaasje It MFC is ûnderbrocht yn in stifting, de Stichting MFC Jirnsum. It bestjoer fan de stifting be stiet út fyf persoanen, foarsitter, sekretaris, ponghâlder en twa leden. Der is ien behearder dy't mei help hat fan trije oare frijwilligers de deistige gong fan saken yn it MFC regelt. It bestjoeren, behearen en ûnderhâlden wurdt allegear troch frijwilligers dien. Dit giet sawol om it belied as de útfiering sa administraasjeboekingen, betsjinning, skjinmeitsjen binnen en bûten, ûnderhâld fan tún, sleat, bestijitting en gebou. De gebrûkers It MFC hat trije fêste hierders, de Stichting Jeugdcentrum JirnsumSISA de organisaasje foar de berneopfang en it Doarpsargyf dat festige is yn it boppesealtsje. Dêrneist binne der twa min of mear permaninte hierders, de teniel-feriening "De Middelhikke" en Zorginstelling "Leppehiem" foar deibesteging fan âlderen en sprekoere "Meitinker". Fierder binne der in grut tal losse hierders dy't foar har aktiviteiten geregeld gebrûk meitsje fan it MFC. Te neamen binne: Vrouwen van Nu, de handwerkclub, Jirnsum On Line foar kompjûterkursussen. Foar gearkomsten wurdt it MFC brûkt troch in grut tal ferienings sa ANBO-rayon en gewest, Plaatselijk Belang Jirnsum foar sawol har ledegearkomsten as bestjoers- en wurkgroepgear- komsten, volleybalvereniging Iverto, gymnastiekvereniging LOCI, Stichting Molehiem, politike partijen ensf. Fjildsportferienings meitsje gjin gebrûk fan it MFC. Ek útfeartferienings ha it MFC fún foar it kofjedrinken nei in útfeart.Inkele bedriuwen meitsje gebrûk fan it MFC foar gelegenheden as amtsjubilea, kursussen en einejiergearkomsten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11