It Projekt Om de beide kafé's gjin konkurinsje oan te dwaan stelt it MFC har akkomodaasje net beskikber foar bruiloften, mar jierdei-feesten wurde geregeld yn it MFC fiert, dy fan de bern yn it JeugdCentrum. De eksploitaasje De eksploitaasje beslacht in goed 25.000,- De opbringsten kinne it krekt lykhâlde mei de lesten. Reservearje slagget noch net. Oarsaak binne de hege kapitaalslêsten fan de ombou ta MFC. De Stichting Molehiem yn Jirnsum subsidieart de Stichting MFC Jirnsum yn dy kapitaalslêsten. Omskriuwing It projekt dêr't subsydzje foar ffege wurdt bestiet út it ferfangen fan alle houten flierren yn it MFC en it pleatsen fan in ferwarmingstsjettel foar it JC. De flierren moatte ferfongen wurde trochdat se oantaast binne troch in slim agressyve swam. De houten flierren sitte yn it lokaal fan de berneopfang, de grutte seal, de hal en de Molehiem- seal. De swam waard Ontdekt doe't in liedster fan de berneopfang mei de hakke troch de flier trape. Ynspeksje troch in op it mêd fan swambestriding saakkundich bedriuw wiisde út dat alle houten flierren en balklagen mear as minder oantaast wiene. Ek it mitselwurk wie al oantaast. Dizze tsjinslach kin de Stichting MFC der net by ha. It bestjoer hat de ôfrûne fjouwer jier noch al wat enerzjy en jild stekke moatten yn saken dy't by de ferbou yn 2004 oer de holle sjoen binne. It ferfangen fan de flierren kin net útsteld wurde, it moat dit jier noch útfierd wurde. Langer wachtsje is gjin opsje omdat dan net mear yn stean wurde kin foar de feiligens. De flier yn de berneopfang wie al sa slim oantaast dat der needmaatregels troffen wurde moasten om yn't foar te kommen dat de berneopfang sletten wurde moast. De maatregels bestiene út it lizzen fan in tydlike flier mei flierbedekking. Om gjin ferlies fan ynkomsten te hawwen en om de berneopfang gjin oerlêst te jaan sil it wurk yn de simmerfakânzje útfierd wurde moatte. De ferwarming fan it JC sit no op de ferwarmingstsjettel dêr't ek de ferwarming fan de oare romten, m.ú.f. de grutte seal, op sit. De termostaat sit yn de romte fan de ferwarmingsynstal- laasjes. It JC hat dêr gjin tagong ta omdat de ynstelling en betsjinning fan de termomaat yn ien hân, de behearder, sitte moat. Dit is lestich. In eigen ferwarmingstsjettel mei termostaat is dêrom in grutte winsk fan it JC. No't de flierren der dochs útmoatte kinne de cv-liedingen maklik ferlein en of oanlein wurde. De kosten en de finansiering De finansiering It MFC hat seis gjin finansjele middels om it projekt te bekostigjen. It jild sil komme moatte út susydzjes fan oerheden en oare ynstellings, sponsoring, aksjes en selswurksumens. De opbringsten hjirfan sille frijwol alle kosten dekke moatte want troch de hege kapitaalslêsten fan de ombou ta MFC kin de Stichting MFC Jirnsum der winliken gjin kapitaalslêsten mear by ha troch in tekoart op dit projekt. De kosten Slope âlde en lizze nije flierren Oanskaf en lizze nije flierbedekking Tydlike flier en flierbedekking Oanskaf en pleatse cv-tsjettel en bedingen 40.000,- 5.000,- 1.500,- 3.500,- 50.000,- Totaal

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 12