1. Foarstel om fêst te stellen de Programmabegrutting 2010, belestingferoarderingen 2010 en krediten foar 2010 fanwege it riolearringsplan, automatisearringsplan en "Integraal Huisvestingsplan Onderwijs" De hear De Visser merkt op dat der ferline jier in soad krityk wie op de begrutting omdat der in soad PM-posten yn stiene en der waard doe sein dat dat net realistysk wie. Is dizze begrutting wol realistysk, want der wurdt in tekoart foarsjoen fan 15 miljoen euro. It ûnderhâld fan it kapitaalguod sil net allegear realisearre wurde. We sitte yn in hiel spesjale situaasje. Hy hat fia de mail antwurd krigen op in tal technyske fragen. De earste fraach wie wat de makronoarm betsjut. Hy hat lézen dat de Ryksoerheid sein hat dat der gjin maksimum mear is oan de OZB-taryfstiging, mar no docht bliken dat der in makronoarm is dy't dat wer limitearret. It kolleezje stelt foar om yn de sanearring nochris 7% by de OZB te dwaan. Kin dat wol? It kolleezje docht it foarstel om de priis fan ôffalynsamling mei in goede 6% te ferheegjen. En tagelyk is meidield dat ûndersocht wurde sil oft dat ek goedkeaper kin. Dat liket stridich mei inoar. Hy wol dêr graach in taljochting op. Op side 82 en 32 fan de begrutting stiet dat nei alle gedachten yn 2010 de bouleezjes 12.000 euro meer opbringe sille. Sjoen de ekonomyske problemen yn de wrâld freget de partij him óf oft dat wol wierskynlik is. Op side 72 wurdt de betsjinning neamd fan de Palmabrêge, dy't mear kostje sil. De PvdA fynt dat foar rekken fan de provinsje wêze moat en net by de begrutting fan Boarnsterhim opteld. Op side 102 stiet dat de ynventarisaasje fan dizze gemeente oanjout hoefolle ynwenners der binne ensfh. Dêr stiet lykwols neat ynfolle foar dit jier foar fyts- en kuierpaden. De toeristebelesting wurdt op it stuit heven fan 1 april oant 1 oktober. Der komme hieltyd mear minsken bûten dy perioade. Kinne we dat net oer it hiele jier heffe? De heer Van der Meer zegt dat vergelijken met de begroting van vorig jaar niet veel zin heeft. De verschillen zijn te groot. De belastingverhoging lijkt noodzakelijk om Boarnsterhim weer op de juiste weg te krijgen. Hij wil tegen het college zeggen om aan de gang te gaan en de artikel 1 2- regeling erdoor te krijgen, zodat we zo snel mogelijk weer een goede gemeente zijn of bij een goede gemeente kunnen aansluiten. De hear Bouma merkt op dat de VVD yn de ôfrûne twa jier tsjin it begruttingsfoarstel fan it kolleezje stimde omdat dêr neffens de fraksje tefolle gatten yn sieten en it net realistysk wie. Dizze begrutting slút ek net. De VVD tinkt wol, sjoen de wize wêrop't it opboud is, dat dit wol in realistyske begrutting is en kin hjir dan ek mei ynstimme. De toeristebelesting wurdt no ferhege, mar wurdt it ek foar dat doel benut? Fan de óffalstoffe- en rioelheffing tinkt de sprekker dat dy maksimaal kostedekkend wêze mei, mar dat liket neffens dit foarstel wat heger te wurden. Dêr wol er graach in antwurd op ha. De hear Zijlstra seit dat dizze begrutting gearhinget mei de artikel 12-oanfraach en de sanearringsfisy. Dêrby komt miskien noch in rinteferheging en nei alle gedachten ek in ferleging fan de útkearing út it gemeentefûns fanôf 2011. Dat dizze begrutting net goedkard wurdt is logysk, mar hy is mear bedoeld foar de artikel 12-status. It is wol in grut tekoart, miskien grutter as it oars wêze soe. It CDA kin him fine yn hoe't it kolleezje syn sân spearpunten beskriuwt. It programma algemien bestjoer iepenbiere oarder en feiligens is wol even skrikken. De brânwacht kostet struktureel 70.000 euro ekstra. Mar at it net oars kin, moat it seker wêze, fynt de partij. De formaasje fan it kolleezje is foar it CDA in oandachtspunt. It is foar in folgjende rie in oarwaging wurdich om dêr nochris nei te sjen. Miskien moatte we dochs werom nei twa wethâlders yn de kommende perioade. Oer it tsjinstferlieningsprofyl siet op side 12 dat yn de takomst dy't tichtby leit safolle mooglik saken fia ien loket ferrinne sille. Op de ynsprekjûn yn Terherne waard wat opmurken oer de iepeningstiden fan it gemeentehûs. Kin dat iene loket dan miskien wat langer iepen bliuwe, freget it CDA. By it programma leefberens yn de doarpen strookt datjinge dat we berikke wolle net hielendal mei wat we dêrfoar dwaan sille. We wolle de belutsenens fan de bewenners by har fisike leefomjouwing stimulearje. Dêr soe de gemeente wol wat mear de rezjy yn nimme kinne en mear fasilitearje, fynt it CDA. Oer de kostebesparring fan de miljeustrjitte wurdt op dit stuit it nedige ûndersocht. Wannear komme de útkomsten dêrfan en wêr giet dat hinne? Is dat al sichtber? Sport, kultuer, rekreasje en toerisme is it tredde programma. Op side 16 stiet wat oer de ynset fan in kombinaasjefunksjonaris. Dat moat him sa Pagina 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11