situatie, maar er is ook veel positiefs bij deze gemeente. Je wordt inventiever op het moment dat je minder geld te besteden hebt en je partijen gaat zoeken die wel een bijdrage kunnen leveren. Ook de ambtelijke organisatie moet de moed erin houden. De wethouder is trots dat we nu toch in staat zijn om een aantal structuurvisies, voor ruimtelijke ordening en detailhandel, in procedure te brengen. Daar zit heel veel kennis en betrokkenheid in van de eigen medewerkers en dat levert goede resultaten op. Veel dorpen zien hoe slecht het financieel gaat en worden op hun beurt creatief en inventief. De heer Zijlstra heeft aangegeven dat hij wat meer ambitie had willen zien omtrent de Blikpôle in Grou. Het college wil daar zeker wat realiseren en steunt initiatieven. Maar ook hier geldt dat wij zelf niet zoveel bij te dragen hebben. Twadde termyn: De hear Bouma merkt oer it punt fan de ôffalstoffeheffing op dat der blykber diskusje is oft de bedragen yn de begrutting en jierrekken frij fan BTW binne. De VVD is derfan oertsjûge dat it BTW-ferhaal derút is en dat we it oer net-ferlykbere sifers ha. At it mear as kostedekkend is, dan ferlitte we ús prinsipe en dér hat de VVD muoite mei. Neffens him hie it sylplan yn Grou yn de begrutting moatten. De partij hat it plan op 26 oktober út de Grouster helle en de oare dei moast de begrutting foarsteld wurde. De hear Zijlstra seit - by ynterrupsje - dat it it CDA net giet om it stypjen fan de akkomodaasje op de Blikpôle mei jild, mar om op oare wizen de klups by te stean. De hear Bouma seit dat er dat ûnderstreekje kin. Yn de krante stiene lykwols dúdlik de finansjele komponinten neamd. It spin-off effekt isyndie wol wichtich en de VVD fynt it in goed plan. Mar finansjeel sjoen kin it gewoan net. De voorzitter merkt op dat de wethouder heeft toegezegd dat hij nog eens goed naar de bedragen zal kijken, BTW wel of niet, en dat hij daarover zal rapporteren. Neffens de hear De Visser hat de ferheging fan de rioelrjochten en reinigingsrjochten te krijen mei it artikel 12-proof meitsjen fan de begrutting. Dat hâldt yn dat de frijskattings foar in part opfongen wurde moatte troch in ferheging fan de tariven. De hear Bouma tinkt dat frijskatting miskien op in oar produkt moat. Wethouder Jager merkt op dat de afvalstoffenheffing kostendekkend moet zijn. Daar mag je niet allerlei andere dingen aan toerekenen. Toen het BTW-compensatiefonds in werking trad, is besloten om de BTW-component te handhaven. Dat maakt hier een verschil tussen inkomsten en uitgaven. En in het kader van artikel 12 is ons opgedragen om de kosten voor kwijtschelding toe te rekenen aan het desbetreffende product, in casu rioolheffing en afvalstoffenheffing. Je zou wettelijk gezien niet een bedrag in de begroting kunnen zetten dat hoger is dan wat je vraagt, uitgezonderd de kwijtscheldingskosten. Ze zegt toe dat er nog een goed overzicht komt van de inzameling en afvalstoffenheffing. De hear Bouma seit dat by de begrutting de frijskatting derby yn sit en dat dy basearre is op dat produkt. De VVD wachtet it oersjoch fan it kolleezje óf, mar stimt op it punt fan de ôffalstoffeheffing tsjin. De voorzitter concludeert dat het voorstel wordt vastgesteld, met de aantekening dat VVD geacht wil worden tegen te hebben gestemd op het punt van de afvalstoffenheffing. 2B. Foarstel om in oanfraach yn te tsjinjen foar in oanfoljende útkearing út it "Gemeentefonds" (Artikel-12 Gemeentewet) De hear Zijlstra merkt op dat it CDA wol akkoart gean kin mei it foarstel om in artikel 12-status oan te freegjen. It is de iennichste manier om út de problemen te kommen. It CDA hat lykwols yn 2008 by de begrutting fan 2009 al oantrúnd op de artikel 12-oanfraach. De fraksje wol nochris besykje om Boarnsterhim rapper troch de djippe delte te lieden. Earder hat it CDA de fraach steld oer it mooglike ferbân tusken in eventueel weryndielingsbeslút fan de rie en de snelheid en hichte fan it bedrach dat we út it artikel 12-fûns krije kinne. De hear De Boer advisearret it CDA om in stikje yn de Mid-Frieslander te setten dêr't se dat yn útlizze. De hear Zijlstra seit dat dat in goede tip is. It stiet aanst miskien ek op de webside fan it CDA. De fraksje wol earst de petearen mei de doarpen ôfrûnje en saken op in rychje sette. Stel dat de rie op 15 desimber it weryndielingsbeslút nimt, dan ropt it CDA it kolleezje no al op om mei de Pagina 5 1 03 bylage beslutelist-riedsferslach-10novimber2009/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 13