provinsje mei in bestjoerlike delegaasje nei Den Haach óf te reizgjen om derfoar te soargjen dat Boarnsterhim yn twa jier troch de hiele artikel 12-proseduere is, dus net fiif jier. Dan is nei twa jier it tekoart fuortwurkje en dan kinne we ynfolling jaan oan it eventuele weryndielingsbeslút fan 1 5 desimber dit jier. De hear Riemersma freget hoe't de hear Zijlstra by twa jier komt. De hear Zijlstra seit dat twa jier in hiele ferbetterslach is yn ferliking mei fiif jier. At it yn fiif jier kin, kin it ek yn fjouwer jier, of miskien yn twa jier. It hinget derfan óf wat it ministearje mei ús fan plan is en fan it beslút fan 15 desimber. De hear Seldenrust fynt dat dit wol hiel fier giet. Wêr is de realiteitssin? Hy wol dat it CDA mei in ûnderboud ferhaal komt. It CDA hat it oer in ûnderfiningssaakkundige. Wêr moat dy fan betelle wurde? De hear Zijlstra merkt op dat we de minsken dy't der ferstân fan ha derby belûke moatte. De hear Seldenrust seit dat er dat ûnderbouwe moat mei wat it kostje moat en oft we dêr in dekking foar ha. De hear Zijlstra seit dat it giet om sprieden ferantwurdlikheid. It giet om de drive fanút de doarpen, ferienings en it bedriuwslibben. It CDA sjocht twa jier as in mooglikheid. It giet om ûnderhanneljen en dat is dit kolleezje wol tafertroud. At we der langer oer dogge is de tiid yn ús neidiel. Dêrom ropt de partij it kolleezje op om yn de oanrin nei 15 desimber de fersnelde proseduere fan maksimaal twa jier mei te nimmen yn it kolleezjefoarstel en om it as oerwaging mei te jaan oan de rie. De hear Van der Woude merkt op dat dit moaie ferkiezingsretoryk is. De oanfraach foar de artikel 1 2-status is in serieus Onderwerp. De finansjele tastân is tige min en de gemeente is net by steat om dat seis op oarder te krijen. We ha gjin oare kar as dizze oanfraach yn te tsjinjen. De partij wol wite wannear't we de finansjele analyze fan it kolleezje temjitte sjen kinne. Der is de léste tiid in soad belangstelling yn de media foar Boarnsterhim, mar ek fan Provinsjale Steaten. Sy ha sein dat der in ûndersyk komme moat nei de bestjoerskrêftûntwikkeling yn Boarnsterhim troch de jierren hinne. En dat der analyze makke wurde moat fan de oarsaken fan it mislearjen fan Boarnsterhim as gemeente. Hoe stiet it gemeentebestjoer hjiryn? Wethouder Van Beek zegt dat de raad mag verwachten dat het college er alles aan doet om deze deplorabele situatie zo kort mogelijk te laten duren. Blijft Boarnsterhim een zelfstandige gemeente, dan zal dat een aantal jaren duren. Blijft Boarnsterhim niet zelfstandig, dan zal het een korter proces zijn. De voorzitter deelt mee dat het financiële rapport volgende week komt. Het college heeft gewacht op het onderwerp over het opheffen van de geheimhouding over de huisvesting onderwijs. Dan kan dat naar de raad toe. Hij heeft kennis genomen van de motie van Provinciale Staten, die is aangenomen behalve door CDA en ChristenUnie. Hij vindt de motie nogal aanmatigend. Het antwoord van de gedeputeerde is heel verstandig. Het college is bereid om met de Staten te praten over de provinciale rol en over hoe het is gegaan bij de herindeling in 1984 en wat we hiervan kunnen leren. De Staten hoeven zich wat de voorzitter betreft niet met Boarnsterhim te bemoeien of te analyseren. Twadde termyn: De hear Riemersma wol reagearje op de wurden fan de hear Zijlstra. Neffens him moat dy it ferslach goed léze, want wethâlder Van Beek hat sein oer in eventuele weryndieling, dat der ferskil is tusken sanearjen en sanearjen. Troch in weryndieling forsearje je in beheinde perioade fan pine en de bestoerlike belangen gean foar de finansjele. Stel dat we deryn slagje om al op 1 jannewaris 2011 te fusearjen, dan soe dan al de artikel 12-status achter de rêch wêze moatte. Dit stiet dus allegear yn it ferslach. De hear Hemminga seit oer de moasje dy't yn de Steaten oannaam is, dat GB2000 de wurden foar de foarsitter stipet. De partij fynt it nuver dat de Steaten oardiele oer de gemeente Boarnsterhim en dat we dat seis likegoed kinne. GB2000 wachtet óf wat de Steaten aanst oan Boarnsterhim freegje. Dan kin ús foarsitter dêr wol in goed antwurd op jaan. Hy is fan miening dat it CDA al syn stânpunt oer de weryndieling ferkundiget, troch te sizzen dat de artikel 12- status yn twa jier rûn wêze moat. Pagina 6 1 03 bylage beslutelist-riedsferslach-10novimber2009/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 14