De voorzitter concludeert dat het voorstel vastgesteld wordt. 3B. Foarstel oer de fisy op finansjeel "herstel" 2010-2015 (sanearringsfisy) De hear Van der Woude merkt op dat de PvdA twa wike lyn nochal wat fragen hjiroer steld hat. De antwurden ha de fraksje sterke yn it idee dat de fiif jier krap is en 4,8 miljoen hiel sunich rekkene is. De partij is der hast wis fan dat it langer duorje kin en dat it bedrach heger wurde kin, mar kin yn grutte halen wol akkoart gean mei de sanearringsfisy. Lykwols, ferbettering fan de effisjinsje fan de organisaasje mei trije ton is in soad jild om út de organisaasje te heljen. It mei net te koste fan de kwaliteit fan it apparaat gean, want dat sit al krap yn syn tiid. By beliedsombüging stiet ien miljoen, mar dêr stiet noch hielendal gjin ynfolling achter. De fraksje is skruten om hjir 'ja' tsjin te sizzen, want hjir sille ús boargers pine liede want hjir sil besunige wurde op de foarsjennings. De partij wachtet de ynfolling óf. De hear Riemersma seit dat de antwurden dy't er krigen hat fan wethâlder Van Beek op syn fragen twa wike ferlyn, wer nije fragen oproppe. Oer de globale fisy op it finansjeel werstel hat de wethâlder sein dat dat dy 4,8 miljoen realisearre wurde moat yn in bepaalde perioade moat. It hoecht net fuort it earste jier, it mei ek letter. At dat letter mei, doch dan de ekstra opbringsten fan de ûnreplik saakbelesting, 0,2 miljoen, yn it léste jier, dan hoege de boargers dêr earst net foar te beteljen, soe er sizze, mar hy tinkt dat it sa simpel net leit. At we it no fuort tapasse, barre we dit jier al de 0,2 miljoen en dan wurket it troch yn de algemiene reserve. Oars soe er foarstelle wolle om de 0,2 miljoen yn it léste jier te barren. De FNP is it iens mei de wethâlder dat dy yn tsjinstelling ta it rapport fan Bouwmeester, 0,7 barre op ûnreplik guod, seit dat dat 0,2 miljoen wêze moat. Yn it stik stiet ek noch dat de kosten fan it algemien bestjoer, it kluster iepenbiere romte yn it algemien, in ófwiking jout fan 2,5 miljoen. Der stiet ek dat de kosteferdieling ferbettere wurde moat. De sprekker ferwiist lykwols nei de petearjûnen. Wethâlder Van Beek hat doe argewaasje hân om't ien yn Terherne wat sei oer de iepeningstiden fan it gemeentehûs en terjochte. De sprekker hat yn de klankboerdgroep frege wa't der antwurd jaan soe op de fragen yn de helte fan de ynsprekjûnen. Der is doe sein dat it net gong om fragen mar om mienings. Frou Dekker freget de hear Riemersma wat dit mei dit Onderwerp te krijen hat. De hear Riemersma seit dat it giet om it stapke fan de 2,5 miljoen fan it algemien bestjoer. Op de ynsprekjûn yn Wergea waard der seis troch de hear Van Weperen frege oft der noch fragen wiene. At der fragen wiene joech de hear Baas dêr antwurd op. De sprekker fynt net dat de foarsitter dêr de persoan foar wie, omdat hy net Onpartidich is. De hear Van der Woude meldt dat de klankboerdgroep twa kear fergadere hat. De twadde kear nei ófrin fan de earste petearjûn yn Terherne. Hy hat doe foarsteld om de riedsfoarsitter de technyske fragen beäntwurdzje te litten. Dêr hat de oare leden, útsein de hear Riemersma, mei ynstimd. It hat dus in demokratysk beslút west. De hear Hemminga wol de wurden fan de hear Van der Woude stypje. Fannemoarn yn it presidium hat it ek oan de oarder west. De petearen wiene net altyd like noflik, mar we binne der wol altyd útkaam, ynklusyf de hear Riemersma hoewol't it net fan herte gong. De beäntwurding fan de technyske fragen troch de riedsfoarsitter wiene in ferdúdliking nei it publyk ta. De hear Bouma kin de foarige sprekker stypje. De hear Zijlstra kin him foarstelle dat we it yn de klankboerdgroep nochris ha oer de dregens dy't de hear Riemersma neamd hat en dat we dan miskien noch wat bystjoere moatte, mar dat kin er him hast net foarstelle. De hear Riemersma seit dat it yndie om de technyske fragen gong nei oanlieding fan it ferhaal fan de hear Buma. De foarsitter hat dêr ek syn miening jûn oer in stik yn de krante en dat wie net nei oanlieding fan in fraach. De sprekker fûn dat dêr net passend. It stikje komt út de begruttingsscan fan it Ryk. Dat de gemeente dêfoar ferkearde sifers levere hat, kinne je de skriuwer fan it stik net kwea ófnnimme, fynt de sprekker. De hear Bouma merkt op dat de hear De Visser in kreas stikje nei de Ljouwerter krante stjoerd hat en dat goed delset hat sa't it bedoeld wie. De hear Riemersma is it dêrmei iens, mar de skriuwer fan it stik hat him gewoan basearre op de sifers sa't er dy krigen hat. Mar at ús foarsitter sein hie dat wy de ferkearde sifers ynlevere Pagina 7 1 03 bylage beslutelist-riedsferslach-10novimber2009/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 15