tolve kear sprake wie fan in reorganisaasje. Soe it dan net oars moatte en miskien yn in grutter gehiel opgean? Frou Veldstra dielt mei dat se seis ek in tal reorganisaasjes yn dit bedriuw meimakke hat. Se wol allinnich mar oanjaan dat dat hast ien yn de twa jier is. At der in goede oanstjoering west hie, dan wie dat neffens har safier net kommen. By de finansjele middei hat de partij in soad saken heard dy't de oare riedsleden no misse. De hear Bouma seit dat we miskien noch ien reorganisaasje ha moatte, nammentlik de weryndieling. De hear Hemminga merkt op dat de diskusje op 1 5 desimber sa folie mooglik oer feiten gean moat. Op de ynspraakjûn yn Akkrum waard troch in ynsprekker sein dat de gemeente It Hearrenfean neat mei wettersport hat. Hy freget him óf watfoar marren der yn de gemeente It Hearrenfean lizze. In oare sprekker sei dat dat no krekt de kâns is omdat It Hearrenfean dan wol wettersport ûntwikkelje kin. At je net wite wat de gemeente It Hearrenfean der seis fan fynt dan moatte je dat ek net yn de diskusje bringe, fynt de sprekker. De hear Seldenrust seit dat er It Hearrenfean net brûkt hat as argumint dat we der net nei tagean moatte. Hy hat de gemeente neamd omdat de hear Zijlstra nochal negatyf wie oer wat ús ynwenners te wachtsjen stiet mei de artikel 1 2-status en de mooglike weryndieling. Hy frege him óf oft it der better op wurdt foar de ynwenners at we nei in gemeente gean dêr't it ek net sa goed mei giet. Dat is in oerwaging. De hear Van der Woude seit dat de FNP it de léste tiid faak hat oer Onderbouwing. Hy wol no fan de hear Seldenrust de Onderbouwing ha dat op It Hearrenfean de flagge der net goed by hinget. De hear Seldenrust seit dat de gemeenten It Hearrenfean behoarlike ynvestearrings dien hat dy't op it stuit net rendabel binne. It stiet alle wiken yn de kranten. Boppedat hat de FNP ek in fraksje op It Hearrenfean en dêrmei praat. As de hear Van der Woude it eksakt wite wol, soe er te riede gean moatte by de PvdA-fraksje op It Hearrenfean. De hear Van der Woude seit dat de hear Seldenrust in bewearing docht en dat dy him Onderbouwe moat. De hear Seldenrust seit dat de hear Van der Woude ek woris wat seit dat er net wier meitsje kin. De hear Van der Woude seit dat er in foarbyld dêrfan hearre wol. De hear Seldenrust seit dat it de fraksje it heard hat en wyt dat Skarsterlân der finansjeel folie better foarstiet. Oare gemeenten op in neutraal gebiet stean der ek goed foar. We wite dat der yn 2010/2011 folie minder jild fanút Den Haach yn it gemeentefûns komme sil. Dêr wurdt ek oer skreaun. Op It Hearrenfean is in soad ynvestearre yn de sportstêd en op it Skoatterlân en dêr binne noch wat problemen. It is dêr dus net better as hjir. De hear Van der Woude konstatearret dat de hear Seldenrust syn ferhaal net feitlik Onderbouwe kin. Seldenrust hat sein dat de sprekker yn de rie dingen bewearre hat dy't er net wiermakke hat en dêr steurt er him oan. As dat sa is, moat er mei foarbylden komme. De hear Seldenrust lit de hear Van der Woude yn it Ongewisse. Hy sit hjir net om It Hearrenfean te ferdigenjen of oan te fallen. En as de hear Van der Woude him oanfallen fielt dan wol er dêr Onderling noch wolris oer prate. De hear Van der Woude seit dat dat him te koart troch de bocht is. Hy wol no foarbylden hearre en hjir nei de gearkomste net mear oer prate. De voorzitter zegt dat het er niet uitkomt en dat de heer Van der Woude het daarmee moet doen. De hear Hemminga beslút dat GB2000 in diskusje op feiten ha wol en net op gefoelens. De voorzitter merkt op dat het college, dit alles gehoord hebben, met het voorstel komen voor 1 5 december. Het college neemt op 15 december wel deel aan het debat en is dan ook erg nieuwsgierig naar de oplossingen die fracties hebben als het gaat om het zelfstandig blijven, dan wel varianten daarop. Slute De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 22.40 uur. Pagina 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 13