Earme Boarnsterhimmers "Boarnsterhim in gemeente wert de sinne noait ûndergiet." Dy wurden spruts de burgemeester Holtrop by de iepening fan de earste riedssitting fan de nije gemeente Boarnsterhim. No, nei 25 jier, moatte we mei in fariaasje dêr op sizze. "Boarnsterhim de gemeente wert de sinne bestjoerlik noait opkommen is. Dêrom wol ik begjinne mei in grut kompliment te jaan oan it kolleezje fan B. en W. wat no achter de tafel sit. Ik fyn dat jim yn Boarnsterhim yn 8 moanne al heel wat presteard ha Jim ha de minsken yn ús gemeente dúdlik makke hoe't de finansjele flagge der by stiet of better sein hinget. Dat is de bestjoerders hjir al jierren net slagge. Jimme meitsje dúdlik dat Boarnsterhim net troch de trije eardere gemeenten, donkere machten of natuerrampen yn'e ûnderwâl rekke is mar dat Boarnsterhim te krijen hân hat mei bestjoerders dy't net foar har taak berekkene wiene. Mar ik wol wat sizze oer de plannen dy't jimme hawwe mei ús gemeente Boarnsterhim en dan benammen it trajekt dat jim betocht ha om ta beslútfoarming te kommen. Dit trajekt bin ik tige ûntefreden oer. Dit trajekt doocht net. In pear stappen fan dit proses wol ik oanhelje: Fansels moast der ûndersocht wurde hoe't it mei Boarnsterhim fierder moat mar dat soe objektyf dien wurde moatte en net troch ûndersikers dy't de opdracht krije fan minsken dy't fine dat Boarnsterhim wol opheven wurde kin. Sa as it hjir spile is, is der fan in objektyf ûndersyk gjin sprake Mr. Pieter fan Vollenhove soe oan it rapport fan Wagenaar Hoes grif net it predikaat "objektyf ûndersyk" jaan. Dan de konklúzjes fan it rapport. De burgemeester fynt it in degelik rapport. As er dêrmei bedoelt dat it rapport degelik yn elkoar sit dan hat er gelyk bledside 19 komt nei bledside 18 en nei 36 seach ik 37 stean Mar dat degelik kin beslist net slaan op de argumenten want op elke bledside steane beweringen dy't net ûnderboud binne As tredde de jûnen yn de doarpen: Doe't ik hearde fan de opset fan dy jûnen wist ik al hoe't it ferrinne soe :.ln ynlieding wat sheets minsken dy't wat freegje, minsken dy't wat sizze enminsken dy't in ferskillende miening ha De ideale útkomst foar politisy dy't al in beslút yn 'e achterholle ha mar yn dizze tnd der net ûnderút kinne de ynwenners "interaktyf' by it proses te belûken Jimme kinne der nei sa'n jûn alle kanten mei út en kinne dy miening oanhelje dy't jim it meast oansprekt. It "verdeel en heers prinsipe wurdt hjir yn praktyk brocht. We ha goed nei alle minsken heard sille jimme sizze: Is dat sa? In foarbyld: Yn Grou wiene op de doarpsjûn 80 ynwenners Dat is 11/2 prosent fan de Grousters. 10 fan dy 80 ha wat frege of sein. Dat is krap 0,2 prosent. Neffens my wie it de bedoeling dat riedsleden har miening foarmje soene n.o.f. dizze jûnen? Dat moest yn Grou dus nei oanlieding fan 0,2 prosint fan de ynwenners dy t ek noch in ferskillende miening hiene. Der kinne dochs gjin konklúzjes útlutsen wurde? It liket oft jim ek net sitte te wachtsjen op de miening fan de ynwenners. Dy miening soene jim lykwols maklik te witten komme kinne as jim har dy tagelyk mei de

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 35