útfergrutte troch de presintaasje fan de hear Buma. De mooglikheden om troch de artikel 12- status wer by de berch op te klimmen en in ûnderhâldsachterstân fuort te wurkjen binne amper neamd. En ek dat de gemeente pas nei miskien wol fiif jier út in artikel 12-status komme sil en dan pas fusearje kin, is net dúdlik neamd. De artikel 12-status is oanfrege, of jo no selstannich bliuwe of weryndiele, jo moatte it selde trajekt troch. Foar de sanearring ha we al de earste stappen set en de boarger moat dêrfoar bliede. Jo ha yn beide gefallen finansjele neidielen foar de boarger. Allinne wetlike taken kinne kommende tiid, der is gjin romte foar nije ambitieuze plannen. Kinne dus gjin nije missers/flaters makke wurde, dus is der kâns om wer finansjeel sûn te wurden. Net bekind is Hokker finansjele mooglikheden krije wy om de behearsplannen út te fieren? Der soe in kâns wêze kinne om wer finansjeel sûn te wurden. In soad doarpen binne der net út. Doarpsbelangen ha seis ek allegear petearjûnen holden. De hear Van der Woude merkt - by ynterrupsje - op dat it him fernuveret dat frou Veldstra net fierder sjocht as de artikel 12-situaasje. Dêrnei is der ek noch in libben. Hy wol fan har wite hoe't de gemeente dêrnei eventueel fierder kin. Frou Veldstra seit dat net ien op it stuit wyt hoe't it útpakke sil. It is wichtich om te witen hoe't it komt, foardat we fierder kinne. De hear Van der Woude freget frou Veldstra oft de gemeente alles mar wer kin at de gemeente yn in selsstannige posysje út de artikel 12-status is. Frou Veldstra seit dat der gemeenten útkommen binne, dy't it no better dogge as dêrfoar. We moatte altyd hope hâlde, fynt se. Frou Veldstra giet fierder mei har betooch. In soad doarpen binne der net út lykas Reduzum/Friens/ldaerd, Grou, Raerd en Jirnsum. Der binne yn dy doarpen gjin mearderheden foar watfoar opsjes dan ek. In protte minsken ha mear ynformaasje frege oer de ferskate opsjes en watfoar belied de gemeenten fiere. Wa is de gemeenteried om al petearen te organisearjen, mar ferfolgens beslúten te nimmen die by in grut part fan de befolking tsjin de hieren ynstrike. Tink oan Reduzum, dêr't 57% wat oars woe as nei de gemeente Ljouwert. En hoe moat it mei de Legeaen, dy't nei Snits ta wolle, mar de nij te foarmjen Súdwesthoeke is al foarme. Sa ek: Terherne wol nei Skarsterlân, Akkrum/Nes it selde, Warten/Warstiens nei Tytsjerksteradiel, Aldeboarn nei Opsterlân. De opsje om nei It Hearrenfean ta te gean wurdt hast net neamd. De léste ûntwikkelings fan in mooglike fúzje tusken It Hearrenfean en Smellingerlân kinne ek gefolgen ha. Itselde jildt foar de grinskorreksjes: maksimaal 10% fan de befolking. Hokker doarpen komme dêrfoar yn oanmerking? De opkomst by de petearjûnen wie op himsels frij knap. Mar noch gjin 1 fan de befolking hat fragen steld, dat is dus net represintatyf. Der kin dus absolút net sein wurde dat dizze jûnen represintatyf west hawe, wylst dat by de riedsferkiezings mei 60-70 opkomst en 10.000 stimmers wol sa is. De hear Hemminga merkt op dat by in folie seal nea safolle minsken oan it wurd komme. Mar at minsken it der net mei iens binne, litte se wol fan har hearre. De opkomst wie heech en minsken dy't neat seine, wiene it faaks wol iens mei wat der sein waard. We soene dus wol in konklúzje lûke kinne. Frou Veldstra is it net mei de hear Hemminga iens dat de minsken dy't neat seine it iens wiene mei wat der yn de seal sein waard. Net elkenien doart wat te sizzen. De hear Van der Woude freget frou Veldstra oft der ek riedsleden binne dy't op strjitte troch minsken benadere wurde dy't freegje hoe't se yn 'e holle helje om bestean te bliuwen. Frou Veldstra seit dat se dy noch net heard hat, mar dat se in grut netwurk hat. De hear Van der Woude seit dat dy net by har komme. Hy soe it de minsken net oanriede om dat te dwaan. Hy hat lykas de hear Hemminga beswier tsjin de rekkenmetoade. Der binne 19.000 minsken útnoege om op de petearen te kommen. Der binne 900 fan west en dy ha allegear de kâns hân om wat te sizzen. De hear Riemersma seit - by ynterrupsje - dat de hear Van der Veer yn Aldeboarn frege hat oft minsken selsstannich bliuwe woene. Doe wie der net ien dy't wat sei. Hy is de seal yngongen en hat minsken de mikrofoan foarholden. Ynwenner Rein Knol sei doe dat we fansels selsstannich Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 5