bliuwe moatte. Van der Veer frege wêrom't er earder neat sein hie. Der is dus wol in drompel foar in soad minsken om dêr te praten. Frou Veldstra ferfolget har betooch. By de riedsferkiezings wie in opkomst fan 60 oant 70%. Mei 10.000 stimmers wie dat wol represintatyf. Wêrom sa'n haast? Hurdrinners binne dearinners, seit se. Op 11 maart 2010 wurdt de nije rie ynstallearre. Dan soe dit it earste punt op de wurklist wêze moatte, fynt de FNP. De artikel 12-status is yn 2010 ek noch yn de ûnderhannelingsfaze. De FNP is foar in folksrieplachting by de gemeenteriedsferkiezings op 3 maart o.s. De opkomst by de riedsferkiezings is 60 oant 70%, folie heger as wat op de petearjûnen west hat. Op basis fan dy útkomst kin de nije gemeenterie in gedegen útwurking jaan oan de útslach fan 3 maart. De hear Van der Woude freget oft dat korrektyf of riejaand is. Frou Veldstra seit dat in folksrieplachting yn gewoane wurden in referindum is en net binend. We soene freegje kinne oft de gemeente Boarnsterhim sa gau mooglik opdield wurde moat. Of oft de gemeente Boarnsterhim mei help fan artikel 12 en gearwurking fan oare gemeenten foar selsstannichheid gean moat. De hear Van der Woude seit dat de mearderheid fan de befolking sizze kin dat we mar weryndiele moatte. Hoe swier leit it dan by de FNP? Frou Veldstra antwurdet dat de FNP dan tefreden wêze sil. Mei de ferkiezings gean minsken dochs nei de stimbus, dan kinne we de minsken freegje wat sy wolle. De hear Van der Woude seit dat dat net riejaand is, mar korrektyf. Frou Veldstra seit dat dat in flau grapke is. De hear Hemminga freget him óf hoe represintatyf de útkomsten binne sa't Pleatslik Belangen se presintearre ha. Frou Veldstra seit dat fan de 600 formulieren yn Aldeboarn 1 50 weromkaam binne. Dat is in persintaazje fan 27% fan it doarp. Is dat dan represintatyf? Der binne ek Pleatslike Belangen dy't de fraach fan de selsstannichheid hielendal net meinommen ha. De útslach fan Grou wie 50% foar in weryndieling en 50% foar selsstannichheid fan Boarnsterhim. De hear Van der Woude seit dat er dúdlik steld ha wol dat Pleatslik belangen alle wurk foar neat dien hat at der in referindum by de ferkiezings komt. Frou Veldstra seit dat er har dan net goed begrepen hat. De PB's ha seis jûnen organisearre bûten de petearen om. De ynset fan PB fynt se geweldich. De hear Van der Woude freget wat de mearwearde is fan in referindum by de ferkiezings yn ferliking mei it wurk fan de feriening fan Pleatslik Belangen de ôfrûne moannen dien hat. As in mearderheid fan de befolking by yndividuele stim seit dat we net weryndiele moatte, dan kiest FNP foar net weryndiele. Wat is dan de wearde fan de ûndersiken fan PB? Frou Veldstra seit dat de basis net fuort is, mar we moatte net gau in beslút nimme sa lang't net alles dúdlik is. Wêrom soe de nije rie dêr op 3 maart net oer beslute kinne? De hear Riemersma merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Van der Woude it hat oer in korrektyf referindum. Frou Veldstra hat sein dat FNP beslisse wol by de nije rie. Dan is it dus gjin korrektyf referindum, want dan draai je in eardernommen beslút werom. De hear Van der Woude seit dat it ek net riejaand is, want it is eins in ferplichtsjend referindum. De hear Zijlstra merkt op dat we fan de ynsprekkers fannejûn in soad stânpunten en weryndielingsbetingsten heard ha. Dat jout dúdlikheid en dêr wol er syn tank foar útsprekke. It is net niks om te besluten oer de takomst fan de gemeente. It CDA fynt wol dat it proses mei de ynsprekjûnen yn de doarpen in soarchfâldich proses west hat. Alle ynwenners binne op dizze wize foldwaande belutsen by it proses, fynt de partij. It CDA is ek posityf oer de enkêtes dy't yn de ferskate doarpen organisearre binne. Ek sprekt er syn tank út foar minsken dy't fia de mail of in brief har miening tastjoerd ha. De petearen binne goed organisearre en ek de ferslaggen binne folslein. De publikaasjes yn de parse en de buorden yn de doarpen ha foldwaande omtinken lutsen. Hy wol syn kompliminten jaan oan de organisaasje. Oan de oare kant binne der in soad ynwenners dy't mear ha mei har eigen doarp as mei de gemeente dêr't se yn wenje. Dat is ek faak sein troch de minsken dy't by de petearen wiene. We ha ófpraat dat we op 15 desimber in beslút nimme oer de takomst fan Boarnsterhim. It CDA komt dêr net op werom en keppelet dêr Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 6