net noch in referindum oan fêst. As earste wol de partij net langer wachtsje op in beslút. Dêrby komt dat in referindum net de wei is om der achter te kommen wat der libbet. Ek sit it risiko deryn dat je in fraachstik simplifisearje en isolearje. It is dreech om in dúdlike en folsleine fraachstelling op te stellen dy't allinnich mei ja of nee beäntwurde wurde kin. De fraach fan frou Veldstra wie al net in goede, fynt er. As in mearderheid dêr nee op antwurdet, dan kin dat ek betsjutte dat it de minsken net rap genôch giet of dat minsken op in termyn fan seis jier weryndiele wolle. In referindum hat in fertraagjend en konservearjend effekt, fynt it CDA. Hoe langer we wachtsje hoe langer it duorret foar't we foarút sjen kinne. By in referindum kin ek in aksjegroep de swijende mearderheid syn wil oplizze. En der is it risiko dat der feitlik net stimd wurdt by in referindum op in fraachstelling, mar yndirekt op in persoan of op in partij. De hear Seldenrust freget - by ynterrupsje - oan de heer Zijlstra at dat betsjut dat hy in totaal referindum oer hokker Onderwerp dan ek mar benammen oer de weryndieling nea akseptearje sil yn dizze gearsetting. Dat soe ynhâlde dat in referindum dy't bedoeld is om fan Onderen op de minsken de gelegenheid te jaan om har stimmen hearre te litten, troch it CDA hielendal ôfwiisd wurdt. De hear Zijlstra seit dat der in soad neidielen kleevje oan in referindum en dat der net folie fraachstikken geskikt binne foar in referindum. It CDA nimt 15 desimber in beslút mei de ynformaasje dy't der no leit. Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Zijlstra sein hat akkoart te gean mei it beslút te nimmen op 15 desimber. It kolleezje sit hjir jûn om te harkjen nei alle partijen yn dizze rie. Dy lûkt har konklúzje dêrút en mei in útstel komme nei de rie. Wy wite op it stuit noch net hoe't dat Otstel wêze sil. Hoe kin de hear Zijlstra it no al iens wêze mei wat der no ferteld wurdt? De hear Zijlstra seit dat Os tasein is dat der foar de 15e in Otstel komt. Hy hat begrepen dat it foarstel fan it kolleezje al yn tarieding is en net sa sear ôfhinklik is fan wat der fannejûn sein wurdt. Frou Veldstra seit dat we dan wol nei hûs gean kinne. De hear Zijlstra freget frou Veldstra oft sy der ek fanút giet dat der de 1 5® in foarstel leit. De hear Van der Woude seit dat wy ek wol wisten dat der yn twa wike in Otstel lizze soe. Dat wie gjin nijs. De hear Zijlstra jout oan dat der in foarstel komt en dat it CDA dêr dan in miening oer hat. De hear Seldenrust seit dat de hear Zijlstra krekt sei akkoart te wêzen, mar dat er no seit dat er sjocht wat it foarstel is. We wite allegear wol dat it foarstel der komt, mar we wite net wat der yn komt te stean. Wat wyt de hear Zijlstra wat der yn komt te stean, dat er no al de konklúzje lûke kin dat er it der mei iens is. De hear Zijlstra seit dat it de 1 5® oer de takomst fan Boarnsterhim giet, de gemeente opdiele of net. De hear Bouma seit dat we noch net wite hoe't it derút komt te sjen, mar dat it feroarje wurde moat is dúdlik. De VVD niget nei opheffe. De partij hie de yndruk dat it rapport WagenaarHoes as brekizer brûkt wurde soe. We moatte earst Os goede ferstân brûke en dan yn it rapport sjen wat we miskien oer de holle sjogge, fynt de sprekker. Nut, needsaak en snelheid om te kommen ta in oare weryndieling fan Boarnsterhim en in oare takomst is foar de VVD-fraksje helder. De ynsprekjûnen binne goed ferrûn en elk hat syn sechje dwaan kinnen. We ha ek in soad léze kinnen yn de kranten en dêr wurdt it op himsels net echt makliker fan. We moatte net Otslute dat in part fan dizze rie aanst weromkomt yn de nije rie. Der wurdt sein dat it net yn dizze perioade besluten wurde moat. Der barre lykwols altyd saken dy't je fan te foaren net foarsjen kinne en dan moat der in beslút oer nommen wurde. It oer de riedsferkiezings hinne tillen biedt neffens de VVD gjin soelaas. De partij fynt dat it proses helder Oteinset is en dat der in stik belutsenens toand is troch de befolking. Der binne in soad saken nei foaren ta brocht en dan moatte je as rie in kar meitsje. In mearderheid fan de ynsprekkers fannejûn seit dat we opheffe moatte. De VVD tinkt dat dêr in bepaalde rjochting yn sit en is dêr net Ongefoelich foar, los fan de eigen miening. Hoe't it fierder útwurke wurde moat is hiel ûnwis. Alle doarpen ha har winsken en it wurdt in hiele toer om dat goed yn te foljen. Moatte wy as ien gemeente nei in oare gemeente of moatte Pagina 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 7