Dat is njonken de strukturele jildproblemen funest west foar de finansjele situaasje dêr't de gemeente no yn sit. Dêr is ek de rie skuldich oan. De kolleezjepartijen ha neffens GB2000 nea it lef hân om yn te gripen doe't der sinjalen kamen dat it net goed gong. Hy wol de FNP oanriede om de bondel fan Jan Galema mei artikelen oer de ôfrûne fjouwer jier nochris te lézen. Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de FNP fuortdaliks by de start fan dizze rie yn 2006 en 2007 twa kear in moasje yntsjinne hat oangeande de finansjele problemen en dat GB2000 dy net stipe hat. De hear Hemminga seit dat it derfan ôfhinget hoe't in moasje formulearre wurdt. GB2000 hat wol trije kear tsjin de begrutting stimd. Dat is in dúdlik sinjaal hoe't je as partij tsjinoer de finansjele situaasje fan de gemeente stean. De hear Van der Woude is bliid dat de hear Hemminga ús ûnthâld oer de léste fjouwer jier wat opfrist oan de hén fan de bondel fan de hear Galema. Hy hie wol in wat widere blik fan de hear Hemminga ferwachte, dy't wat fierder giet as de ôfrûne fjouwer jier. De hear Hemminga seit dat er yn 1974 al yn de rie siet en dus in ein werom gean kin. Hy hie it no oer de twa léste perioades, dus net allinnich oer de léste fjouwer jier. Yn de léste fjouwer jier hat GB2000 wol dúdlik tsjin de begrutting stimd. De hear Seldenrust wol de kwaliteit fan de hear Galema net yn twifel lûke, mar hy wol fan de hear Hemminga wite wêr't er wie op de middei dat der in finansjele analyze jûn waard fan de perioade 2004-2008 troch amtners fan de gemeente. De hear Hemminga fynt dat GB2000 al aardich wat ynformaasje hat oer hoe't de gemeente der finansjeel foarstiet. Op de middei binne der miskien wol wat saken nei foaren kaam om de saak te ferdúdlikjen. Hy riedet Seldenrust wol oan om it boekje fan Galema nochris te lézen. Mei it opstappen fan it foarige kolleezje yn febrewaris is der einlik in kearpunt kaam. Doe waard pas dúdlik hoe slim de situaasje wie. De rekken leit úteinlik by de ynwenners, belestings en heffings binne hjir it heechste fan Fryslén. Op foarsjennings foar de boargers moat aanst koarten wurde. Mei de koarting op it gemeentefûns yn it foarútsjoch foar 2011 sil it noch wol hiel lang duorje foardat in selsstannige gemeente Boarnsterhim finansjeel sûn wêze sil. GB2000 freget him óf oft dat yn it belang fan de ynwenners is. Moatte sy jierrenlang dy rekken betelje? De fraach oer it besteansrjocht fan de gemeente wurdt no mei klam steld. Oan it ûndersyksburo WagenaarHoes is in opdracht jûn en dat is mei in hénsum en lêsber rapport kaam. Mei it ûndersyk nei de sosjale gearhing fan Bügel Hayema in prima basis om ta in kar te kommen. It wie te ferwachtsjen dat tsjinstanners fan weryndieling fuortdaliks roppe dat it rapport net folslein is en te min djipgeand. We sjitte der neat mei op om de beslútfoarming út te stellen. Dat jout allinnich mar mear kosten en dêrtroch noch mear finansjele problemen en dêrtroch in noch hegere rekken by de boarger. As yn it rapport stiet dat in partij as GB2000 yn in nije konstellaasje nei alle gedachten net weromkomme sil, dan is dat in realiteit. Weryndieling giet om it belang fan de ynwenners en net om it belang fan de partijen. We ha in soad ynsprekkers heard en dat is hiel goed gongen. De mienings rûnen nochal útien. Stânpunten wurde faak ynnaam op basis fan emoasjonele gefoelens en minder op basis fan kennis. Der wiene ek genôch ynwenners dy't nuansearre sténpunten nei foaren brochten. Wat is no it béste foar ús ynwenners? In mearderheid fan de ynwenners sjocht in selsstannich fuortbestean fan de gemeente net sitten. GB2000 sjocht dan foaral ek nei de útspraken fan Pleatslik Belangen. Der wurdt wol in protte wearde hechten oan it plattelénskarakter fan de gemeente Boarnsterhim, lykas omtinken foar de doarpen, de doarpskultuer en it yn stén hélden fan de foarsjennings dy't hjir goed binne. Dizze punten wurde sawol troch de foarstanners as de tsjinstanners fan weryndieling brûkt en soms ek as argumint mei hokker gemeente wy fusearje moatte soene. De fraach is oft dat yndie sa'n ferskil is. Der ha ek in tal Pleatslik Belangen praat mei de kollega's yn omlizzende gemeenten. Dêrút docht net bliken dat in grutter plak of stêd in remjende faktor wêze soe op de plattelêns- en doarpskultuer. It tsjindiel blykt ek wol. By gruttere plakken, seis in stêd as Ljouwert, is dúdlik it besef oanwêzich dat it plattelén en doarpen in wichtige tafoege wearde ha. It is wol goed om dit aspekt aanst nochris goed te besjen yn de petearen dy't komme mei de buorgemeenten. Ek Den Haach fynt dit wichtich, dat blykt ek út in brief fan de steatssekretaris oan de Twadde Keamer fan 19 novimber Pagina 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 9