De hear Van der Woude merkt - by ynterrupsje - op dat it him fernuveret dat frou Veldstra net
fierder sjocht as de artikel 12-situaasje. Dêrnei is der ek noch in libben. Hy wol fan har wite hoe't
de gemeente dêrnei eventueel fierder kin.
Frou Veldstra seit dat net ien op it stuit wyt hoe't it útpakke sil. It is wichtich om te witen hoe't
it komt, foardat we fierder kinne.
De hear Van der Woude freget frou Veldstra oft de gemeente alles mar wer kin at de gemeente
yn in selsstannige posysje út de artikel 1 2-status is.
Frou Veldstra seit dat der gemeenten útkommen binne, dy't it no better dogge as dêrfoar. We
moatte altyd hope hâlde, fynt se. Frou Veldstra giet fierder mei har betooch. In soad doarpen
binne der net út. In soad minsken ha mear ynformaasje frege oer de ferskate opsjes en watfoar
belied de gemeenten fiere. De gemeenterie hat de petearen organisearre, mar om besluten te
nimmen tsjin de sin fan de befolking yn mei in hastich beslút sil de rie by in grut part fan de
befolking tsjin de hieren ynstrike. De opsje om nei It Hearrenfean ta te gean wurdt hast net
neamd. De léste ûntwikkelings fan in mooglike fúzje tusken It Hearrenfean en Smellingerlân kinne
ek gefolgen ha. Itselde jildt foar de grinskorreksjes: maksimaal 10% fan de befolking. Hokker
doarpen komme dêrfoar yn oanmerking? De opkomst by de petearjünen wie op himsels frij knap.
Mar noch gjin 1 fan de befolking hat fragen steld, dat is dus net represintatyf
De hear Hemminga merkt op dat by in folie seal nea safolle minsken oan it wurd komme. Mar at
minsken it der net mei iens binne, litte se wol fan har hearre. De opkomst wie heech en minsken
dy't neat seine, wiene it faaks wol iens mei wat der sein waard. We soene dus wol in konklúzje
lûke kinne.
Frou Veldstra is it net mei de hear Hemminga iens dat de minsken dy't neat seine it iens wiene
mei wat der yn de seal sein waard. Net elkenien doart wat te sizzen.
De hear Van der Woude freget frou Veldstra oft der ek riedsleden binne dy't op strjitte troch
minsken benadere wurde dy't freegje hoe't se yn 'e holle helje om bestean te bliuwen.
Frou Veldstra seit dat se dy noch net heard hat, mar dat se in grut netwurk hat.
De hear Van der Woude seit dat dy net by har komme. Hy soe it de minsken net oanriede om dat
te dwaan. Hy hat lykas de hear Hemminga beswier tsjin de rekkenmetoade. Der binne 19.000
minsken útnoege om op de petearen te kommen. Der binne 900 fan west en dy ha allegear de
kâns hân om wat te sizzen.
De hear Riemersma seit - by ynterrupsje - dat de hear Van der Veer yn Aldeboarn frege hat oft
minsken selsstannich bliuwe woene. Doe wie der net ien dy't wat sei. Hy is de seal yngongen en
hat minsken de mikrofoan foarholden. Ynwenner Rein Knol sei doe dat we fansels selsstannich
bliuwe moatte. Van der Veer frege wêrom't er earder neat sein hie. Der is dus wol in drompel
foar in soad minsken om dêr te praten.
Frou Veldstra ferfolget har betooch. By de riedsferkiezings wie in opkomst fan 60 oant 70%. Mei
10.000 stimmers wie dat wol represintatyf. Wêrom sa'n hast? Hurdrinners binne dearinners, seit
se. Op 11 maart 2010 wurdt de nije rie ynstallearre. Dan soe dit it earste punt op de wurklist
wêze moatte, fynt de FNP. De artikel 12-status is yn 2010 ek noch yn de ûnderhannelingsfaze.
De FNP is foar in folksrieplachting by de gemeenteriedsferkiezings op 3 maart o.s. De opkomst
by de riedsferkiezings is 60 oant 70%, folie heger as wat op de petearjünen west hat. Op basis
fan dy útkomst kin de nije gemeenterie in gedegen útwurking jaan oan de útslach fan 3 maart.
De hear Van der Woude freget oft dat korrektyf of riejaand is.
Frou Veldstra seit dat in folksrieplachting yn gewoane wurden in referindum is en net binend. We
soene freegje kinne oft de gemeente Boarnsterhim sa gau mooglik opdield wurde moat. Of oft de
gemeente Boarnsterhim mei help fan artikel 12 en gearwurking fan oare gemeenten foar
selsstannichheid gean moat.
De hear Van der Woude seit dat de mearderheid fan de befolking sizze kin dat we mar weryndiele
moatte. Hoe swier leit it dan by de FNP?
Frou Veldstra antwurdet dat de FNP dan tefreden wêze sil. Mei de ferkiezings gean minsken
dochs nei de stimbus, dan kinne we de minsken freegje wat sy wolle.
De hear Van der Woude seit dat dat net riejaand is, mar korrektyf.
Pagina 5