Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Zijlstra sein hat akkoart te gean mei it
beslút te nimmen op 15 desimber. It kolleezje sit hjir jûn om te harkjen nei alle partijen yn dizze
rie. Dy lûkt har konklúzje dêrút en mei in útstel komme nei de rie. Wy wite op it stuit noch net
hoe't dat útstel wêze sil. Hoe kin de hear Zijlstra it no al iens wêze mei wat der no ferteld wurdt?
De hear Zijlstra seit dat ús tasein is dat der foar de 1 5e in útstel komt. Hy hat begrepen dat it
foarstel fan it kolleezje al yn tarieding is en net sa sear ófhinklik is fan wat der fannejûn sein
wurdt.
Frou Veldstra seit dat we dan wol nei hûs gean kinne.
De hear Zijlstra freget frou Veldstra oft sy der ek fanút giet dat der de 1 5e in foarstel leit.
De hear Van der Woude seit dat wy ek wol wisten dat der yn twa wike in útstel lizze soe. Dat
wie gjin nijs.
De hear Zijlstra jout oan dat der in foarstel komt en dat it CDA dêr dan in miening oer hat.
De hear Seldenrust seit dat de hear Zijlstra krekt sei akkoart te wêzen, mar dat er no seit dat er
sjocht wat it foarstel is. We wite allegear wol dat it foarstel der komt, mar we wite net wat der
yn komt te stean. Wat wyt de hear Zijlstra wat der yn komt te stean, dat er no al de konklúzje
lûke kin dat er it der mei iens is.
De hear Zijlstra seit dat it de 1 5e oer de takomst fan Boarnsterhim giet, de gemeente opdiele of
net.
De hear Bouma seit dat we noch net wite hoe't it derút komt te sjen, mar dat it feroarje wurde
moat is dúdlik. De VVD niget nei opheffe. De partij hie de yndruk dat it rapport WagenaarHoes as
brekizer brûkt wurde soe. We moatte earst ús goede ferstân brûke en dan yn it rapport sjen wat
we miskien oer de holle sjogge, fynt de sprekker. Nut, needsaak en snelheid om te kommen ta in
oare weryndieling fan Boarnsterhim en in oare takomst is foar de VVD-fraksje helder. De
ynsprekjûnen binne goed ferrûn en elk hat syn sechje dwaan kinnen. We ha ek in soad léze
kinnen yn de kranten en dêr wurdt it op himsels net echt makliker fan. We moatte net útslute dat
in part fan dizze rie aanst weromkomt yn de nije rie. Der wurdt sein dat it net yn dizze perioade
besluten wurde moat. Der barre lykwols altyd saken dy't je fan te foaren net foarsjen kinne en
dan moat der in beslút oer nommen wurde. It oer de riedsferkiezings hinne tillen biedt neffens de
VVD gjin soelaas. De partij fynt dat it proses helder úteinset is en dat der in stik belutsenens
toand is troch de befolking. Der binne in soad saken nei foaren ta brocht en dan moatte je as rie
in kar meitsje. In mearderheid fan de ynsprekkers fannejûn seit dat we opheffe moatte. De VVD
tinkt dat dêr in bepaalde rjochting yn sit en is dêr net ûngefoelich foar, los fan de eigen miening.
Hoe't it fierder útwurke wurde moat is hiel ûnwis. Alle doarpen ha har winsken en it wurdt in
hiele toer om dat goed yn te foljen. Moatte wy as ien gemeente nei in oare gemeente of moatte
we alles oan de doarpen honorearje? Hy tinkt dat dat net kin yn it ramt fan de 10% regel by
weryndieling. De needsaak foar weryndieling sit yn de bestjoerskrêft en de finansjele situaasje
fan de gemeente. Dêrom is it needsaaklik om no in beslút te nimmen, fynt de VVD en net nei de
ferkiezings. De ferskate oare gemeenten wolle in part fan ús gemeente ha. Hoe gean we dêrmei
om? We moatte earst dúdlik ha wat we seis wolle en sjen wat oare gemeenten foar ús betsjutte
kinne. We moatte ek sjen nei de sterke punten fan Boarnsterhim en besykje dêr sa folie mooglik
út te sleepjen yn de ûnderhannelings. De keunst is om der sterker út te kommen, fynt de VVD. In
ynsprekker yn Wergea hat sein dat Wergea, Warten en Warstiens by inoar bliuwe moatte. Dat is
neffens de VVD ek in goede saak en dat hâldt ek yn dat it natuergebiet de Alde Feanen derby
bliuwe moat.
De hear Seldenrust hat in fraach oan de hear Bouma. We ha fannejûn nochal wat ynsprekkers
hân, út organisaasjes en op persoanlike titel. Dochs docht bliken dat it hast 50/50 is fan de
mienings, wêrby't de ien seit sa gau mooglik, op de 15® in beslút nimme om it proses net te
fersteuren en sa gau mooglik weryndiele. De oare 50% wol dêrmei wachtsje en dat oer 3 maart
hinne tille. De hear Bouma hat sein dat de VVD wol dat der op 1 5 desimber sa gau mooglik in
beslút komt. Dan nimt de partij dus net de oare 50% serieus.
De hear Bouma seit dat syn ynterpretaasje is dat it net 50/50 is, mar 70/30. In dúdlike
mearderheid seit opheffe.
Pagina 7