Wêr bliuwt de demokrasy yn Boarnsterhim?
It liket dien te wêzen mei Boarnsterhim. Ien fan de moaiste gemeenten yn it hert fan Fryslân.
Mei toeristyske trekpleisters as Grou, Terherne en de Âlde Feanen. Mei boargers mei in
ynkommen dat trochinoar net it minste is yn ús provinsje. Dochs kin dizze gemeente it
finansjeel net bolwurkje. In grut tekoart oan bestjoerskrêft, sa docht bliken.
Al lit harren ûnderbouwen stekken falie, ûndersykburo WagenaarHoes is dúdlik genôch:
Boarnsterhim foar it grutste part weryndiele by Ljouwert hat de foarkar. Dat jout de béste
kâns om de artikel 12-status fan de gemeente sa koart mooglik duorje te litten. De finansjele
lésten bliuwe dêrmei foar de ynwenners it meast beheind. Boppedat past it yn it plaatsje fan
hjoeddeiske gemeentlike skaalfergrutting fan ûnderen op.
It stiet de gemeente te priizgjen dat der in ynspraakomgong west hat. Ek hawwe der ferskate
enkêtes west. Ynwenners reagearren wakker ferdield en somtiden emosjoneel mei sawol
eigentlike as ûneigentlike arguminten. It is foar it gros fan de boargers lykwols alhiel net te
oersjen wat no krekt de béste opsje is. In referindum is dêrom ek net ferstannich.
Boarnsterhim is 25 jier lyn ûntstien troch in fuzje fan trije gemeenten. Dat it gjin feestlik
jubileum is, mei in warskóging wêze dat in fuzje lang net altyd slagget!
At twa gemeenten ien wurde wolle, moatte beide foardiel hawwe yn de nije sitewaasje. Ek
moatte de partners lykweardich wêze. Dat léste is net it gefal op dit momint mei Boarnsterhim
en Ljouwert. Boarnsterhim hat yn fergelyk mei dizze stêd gjin jild en in grut tekoart oan
bestjoerskrêft. Yn dat gefal praat men evensagoed net fan in fuzje, mar fan in oername.
It gearbringen fan beide gemeenten kin konkreet lykwols pas at de artikel 12-status fan
Boarnsterhim opheven is. Dat sil grif fiif jier fergje, mar it kin koarter. Mei nammen at
Boarnsterhim sjen lit dat it trochpakke kin.
Ek al soarget in fuzje mei Ljouwert foar de béste kânsen, maklik sil dat foarearst net gean. Sa
binne der wakker kultuerferskillen. De grutte stêd kontra it plattelân. Ek de bestjoerskultuer is
alhiel net gelyk. Nim allinne mar de Fryske taal dy 't men yn Boarnsterhim wend is te brûken.
In oergongsperioade, wêryn gearwurking op priemmen set wurdt, freget tiid en foaral
sekuerens. En oer kosten fan in weryndieling haw ik it no noch net iens hân...
De swierrichheid is dat de hjoeddeiske gemeenterie op 15 desimber in beslút nimme moat. In
rie dy't mei ferantwurdlik hâlden wurde kin foar de posysje fan de gemeente op dit stuit.
Dizze rie hat gjin foech krigen fan kiezers om de gemeente op 'e nij yn te dielen. Boppedat: at
der no al in fuzje fêstlein wurdt, wylst nimmen, ek gjin inkeld ûndersykburo, de garânsje jaan
kin, oft dy wol kâns fan slagjen hat, is dat in ôfgryslik grut risiko. Foar beide gemeenten. At
de rie no allinne rjochting jout oan in trajekt fan útwreiding fan gearwurking mei Ljouwert,
kin in nije, demokratysk keazen rie stal jaan oan it ferfolch. Ûnder lieding fan in saaklik
kolleezje, krekt as no, leit dat it meast foar de hân. En dêrnei hannelje nei omstannichheden en
fêststelle wat it alderbêste is foar ús gemeente. Sa wurdt Boarnsterhim op foarhân nea in
bongel oan 'e skonk fan Ljouwert en oarsom makket it gat yn de begrutting fan ús gemeente
net plak foar bygelyks in noch grutter debâkle op it saailân. Liken út 'e kast hawwe genôch
hân. Noch Ien derby út it kabinet fan Abe Bonnema is wol it alderlêste wêr 't wy hjirre mei-
elkoar op sitte te wachtsjen... Soks wol dizze rie dochs ek net nochris op har konto hawwe?
Wy sitte noch midden yn in ekonomyske krisis. De takomst is ûnwis en men hat der gjin
sizzen fan. Dat jildt foar ynwenners én oerheid. It soe wiis wêze dat de leden fan de rie dat
ynsjen soene at se de knoop trochhakje. In yntinsjeferklearing oer weryndieling fan
Boarnsterhim is op dit stuit genôch. De polityk kin dernei har stânpunt ynnimme en útlizze.
Dan hawwe de boargers fan ús gemeente takomme jier yn maart teminsten wat te kiezen. Dat
neame wy demokrasy!
Menno Jan Wiersma, ynwenner fan Reduzum (1 desimber 2009)