De hear Riemersma seit dat er der no noch gjin idee oer hat. De FNP-fraksje moat dit punt goed beprate. Hy fynt dat de boarger rjocht hat op neiere ynformaasje, júst foar de ferkiezings. Miskien kin de partij noch in moasje of amendemint yntsjinje. De voorzitter concludeert dat dit voorstel over twee weken in de raad terugkomt als bespreekpunt. 3.5 Foarstel oangeande tarieding weryndieling Burgemeester Baas geeft de voorzittershamer over aan de waarnemend voorzitter, de heer Van der Sluis, omdat hij als portefeuillehouder dit agendapunt zal behandelen. De hear Van der Woude merkt op dat de PvdA-fraksje wat fernuvere en betize wie nei it lézen fan dit stik. De PvdA hie in oare ynskatting fan de beslútfoarming op ûnderdielen op 15 desimber 2009 as wat hjiryn stiet. De fraksje hat frege om opheldering en dat wie foar it kolleezje oanlieding om te kommen mei in oanfoljende brief ferline wike. De fraksje hie graach no of oer twa wike in beslút naam oer hokker ûnderdiel fan de gemeente wêrhinne sil of dat de gemeente yn ien stik oer soe nei in oare gemeente. De kandidaatgemeenten sitte lykwols ek flak foar de ferkiezings en wolle net oer har grêf hinne regearje. De partij hat dér begryp foar. Dit is in konsept fan in weryndielingsûntwerp, dat ynstimming ha moat fan de meast gaadlike partijen. De partij kin hjir yn prinsipe wol mei ynstimme, mar hie leaver in stap earder de oare kar makke. De definitive kar moat ek net pas plakfine oan 'e ein fan it jier, fynt de PvdA. Alle twa wiken of alle riedsgearkomsten wol de fraksje graach dat de oanbelangjende portefúljehâlders ús op de hichte hélde fan de gong fan saken. It basisbeslút ta weryndieling stiet foar de PvdA net ta diskusje. Frou Veldstra merkt op dat de FNP in oare belibbing hie as wat yn dit stik stiet. Nei't op 15 desimber 2009 yn sén hasten in beslút naam wurde moast is it proses lykwols noch lang net sa fier. Rie en ynwenners is yn 2009 foarholden dat al foar de ferkiezings in Ontwerp weryndieling komme soe. De FNP hat tal fan kearen warskôge foar hastige beslútfoarming en liket no gelyk te krijen. Ut de brief fan it kolleezje fan ferline wike docht bliken dat it no net mooglik is om ta beslútfoarming te kommen. It kolleezje hat ferkennende petearen hén mei Skarsterlén, Ljouwert, Opsterlén en It Flearrenfean. De ferslaggen lizze op besjen. De FNP wol freegje om se ek op ynternet te setten. Allinnich fan Ljouwert leit der in Onderlizzend stik. It soe goed wêze at de oare trije gemeenten hjir ek gehoar oan jouwe. De partij mist petearen mei Littenseradiel en Tytsjerksteradiel en eins ek Snits. Is it kolleezje noch ree om hjir petearen mei op te starten? By kêst 3 fan it útstel wurdt sprutsen fan 'alle belutsenen', binne dat ek de Doarpsbelangen? By de ynlieding wurdt sprutsen fan ferkennende petearen, sjoen de útspraken fan petearjûnen. Dan hiene ek ekstra petearen holden wurde moatten mei Littenseradiel en Tytsjerksteradiel, fynt de fraksje. By fyzje Skarsterlén stiet Terherne en Akkrum. Mar ek Nes, nimt de fraksje oan. Ek by Skarsterlén stiet foldwaande draachflak at se kieze meie tusken It Flearrenfean en Skarsterlén. En Doarpsbelang Akkrum/Nes is foar. Dat liket de sprekker dan foldwaande draachflak. Floe wol it kolleezje dat bepale. By de fisy fan Ljouwert wurdt sprutsen fan it noardwestlik diel. Wat wurdt dêrûnder ferstien, hokker doarpen? Warten is noardeastlik. Moat dat by Tytsjerksteradiel? Yn Reduzum wol 57% wat oars as nei Ljouwert. Set it kolleezje dan dochs troch? It is posityf dat yn oerlis mei de nije rie ôfspraken makke wurde oer de belutsenens fan de rie yn it ferfolch fan it proses. It kolleezje hat wol de ferwachting wekt, dat nei oanlieding fan it prinsipebeslút op 15 desimber 2009 der op 9 febrewaris der in definityf stik lizze soe. De élde rie moast dochs noch it beslút nimme. De hast dy't it kolleezje hie hat dus net folie sin hén. Yn it ferslach fan 1 desimber 2009 seit de PvdA dat it kolleezje eins binnen seis wike nei 15 desimber ûndersyk dwaan moat, sadat we yn febrewaris definityf beslute kinne oer de oanslutingsmooglikheden. Is dat no wat de PvdA bedoeld hat? De hear Van der Woude merkt - by ynterrupsje - op dat it antwurd sit yn it wurd 'eins'. Eins soe it moatte, mar as it net kin dan kin it net. Frou Veldstra seit dat Van der Woude der doe in oare bedoeling mei hie. FHy hie it wol ferwachte neffens har. Is er no net teloarsteld? Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 11