De hear Van der Woude seit dat er dat niis ek sein hat. Hy is net teloarsteld. Der binne gjin ôfspraken makke. Frou Veldstra merkt op dat yn it beslút fan 1 5 desimber stiet dat ferfolchbesluten noch yn de rie fan 9 febrewaris 2010 opnaam wurde kinne. Ek út de korrespondinsje fan de provinsje en in artikel yn de media fan ferline wike docht bliken dat Boarnsterhim te hastich west hat, sjoen de ûntwikkelings fan de ús omlizzende gemeenten. De provinsje wol de rezjyrol op har nimme en dat earst mei de Steaten oerlizze. Moarn komt it yn de kommisje boarger en mienskip en 10 febrewaris yn Provinsjale Steaten. As dit gewoan in fuortgongsrapportaazje is dan kinne we hjir net folie mei en hie dat ek ynformearjend kinnen. De FNP stelt it kolleezje foar om yn it fierdere proses ferkennende petearen mei Littenseradiel, Tytsjerksteradiel en miskien ek Snits op te starten. It kolleezje wol mei de nije rie fierdere ôfspraken meitsje. Der leit noch in tasizzing fan de foarsitter út it ferslach fan de rie fan 15 desimber 2009. It wie de bedoeling om in oerlis mei de steatssekretaris te hâlden om de rie te ynformearjen nei oanlieding fan it beslút fan 15 desimber 2009 oer de resultaten fan de riedsgearkomste foar 9 febrewaris 2010. Is dit al bard? We soene ek noch útlis krije oer de wet Arhi oangeande de grinskorreksjes. Yn it stik stiet dat de boargemaster noch foar de behanneling fan febrewaris noch in notysje nei de rie te stjoeren hoe't dat yn inoar sit. De FNP is benijd oft dit noch komt. De hear Zijlstra merkt op dat it CDA mear ferwachte hie fan dit stik. It jout wol oan dat de buorgemeenten wol heil sjogge yn in weryndieling fan Boarnsterhim en dat se ek ree binne om in tal parten fan ús gemeente oer te nimmen. Dat is posityf, en dat is ek it doarpebelied yn ús buorgemeenten en dat de finansjele takomst slutend is. De hear Riemersma ynterrumpearret en freget oft Zijlstra it mei him iens is dat dizze petearen eins ek om 'e nocht west ha. BügelHajema hat eins eksakt itselde sein. De hear Zijlstra is it net mei him iens. Hy fynt dat je as bestjoer sa'n petear oangean moatte mei it bestjoer fan de buorgemeenten. Oars dogge je de dingen net sa't se hearre. It CDA fynt ek dat it petear mei Tytsjerksteradiel plakfine moat, ek fanwege de Alde Feanen. En miskien moat it ynformatyf op de aginda fan it oerlisorgaan. De partij kin him fine yn it sketste proses rjochting 1 jannewaris 2013. It liket him goed om de nije rie te belûken by it proses. We sjogge yn de nije rie wol wat de mooglikheden binne foar Terherne om dat dan al mei yngong fan 1 jannewaris takom jier by Skarsterlân te foegjen. It is nijsgjirrich wat de provinsje moarn beslút en twa wike letter ek de Steaten. Frou Veldstra freget - by ynterrupsje - oft dat léste in grapke is. Wyt er hokker gefolgen dat mei him meibringt? De hear Zijlstra antwurdet dat it gjin grapke is. De rie hat it kolleezje yndie frege om te kommen mei in taljochting oer de wet Arhi. Fia ynternet is ek in soad te finen. Grinskorreksjes barre meardere kearen yn it jier. De hear Van der Woude merkt op dat in mearderheid fan de rie op 15 desimber oanjûn hat graach ynformaasje krije te wollen oer de wet Arhi. Mar we soene dizze gemeente sjen as in totaal en dér net op foarhân ûnderdielen úthelje. De hear Zijlstra seit dat we dat net ôfpraat ha. Hy hat noch eksplisyt frege oan it kolleezje om mei in notysje te kommen oer dy weryndielingswet, want dy is yngewikkeld genôch. Mar we ha gjin útspraken dien hoe't in weryndieling der út komme moat te sjen. De hear Van der Woude seit dat it kloppet dat we in notysje ha woene oer de wet Arhi en it ûnderdiel grinskorreksjes. Hy giet derfan út dat dat wol komt. Mar we praten oer de gemeente as ien pakket. Dat is noch troch de portefúljehâlder befestige. De hear Zijlstra seit dat it CDA him dér net by oansluten hat. De hear Van der Woude is net foar sokke stunts is yn it kommende jier. De hear Zijlstra seit dat er respekt hat foar it kolleezje om de nije rie hjiryn te belûken. Frou Veldstra merkt op dat de boargemaster ús op 15 desimber 2009 tasein hat om mei in notysje oer de wet Arhi te kommen. Se fynt it slim dat it CDA noch in folksrieplachting hélde wol yn Terherne. It CDA seit neffens har dat at Terherne 3 maart massaal op dy partij stimt dat foar de nije rie in sinjaal is dêr't se net omhinne kinne. Hoe wol er dat wier meitsje? Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 12