wichtich dat de jeugd sparre bliuwt. De jeugd is de takomst en dêr moatte we yn ynvestearjen bliuwe. Aktiviteiten as sport en muzyk binne wichtige aktiviteiten yn in doarp, fynt de partij. Der komt yn de takomst miskien noch mear op ús ôf, lykas minder útkearrings en dêr is yn dit sanearringsplan noch gjin rekken mei holden. Ferienings moatte sjen oft se op in oare manier ek noch oan jild komme kinne. De partij wol spesjaal omtinken foar de situaasje fan gymferiening Hercules en draacht it kolleezje op om te sykjen nei in goede oplossing as de Thalenskoalle aanst ferdwynt. It Tomke-projekt moat bliuwe, fynt de PvdA. It giet om in lyts bedrach, mar it hat in positive ympakt. It doarpsbehear is ien fan de spearpunten út it PvdA-programma. It doarpsbehear dat der no is, moat wol beholden bliuwe. De partij fynt de biblioteken ek fan grut belang, mar fynt it in saak fan de biblioteken seis om mei oare partijen, lykas Leppehiem en de skoallen, te sjen wat foar kreative oplossings der binne. Der wurdt fan it bedrach dat begrutte is foar de sportfjilden 100.000 ôfhelle. Takom jier ferwachtet de partij útkearings fan it Ryk foar achterstallich ûnderhâld, dus miskien kin der ek in slach makke wurde by de sportfjilden. De hear Posthumus seit dat de gemeente 4,8 miljoen euro fine moat om wer de goede kant op te gean. FNP wol noch ien kear op de ferantwurdlikens foar dit dramatyske sanearringsplan wizen. Dat leit dochs by it foarige kolleezje. Ek de provinsje hie earder yngripe moatten. Kwa sanearring is de partij it foar 90% iens mei it kolleezje. It giet derom om minder middels út te jaan oan de behearplannen, om te stribjen nei in effisjintere bedriuwsfiering, de trochbelesting fan de yndirekte kosten, de kostedekkendheid fan leezjes en heffings, en de ienmalige ekstra ôfskriuwing op aktiva. De OZB is earder al mear as genôch omheech gongen en yn it rapport fan it ministearje fan BZK stiet dat de eigen ynkomsten fia belestingheffing al heger as needsaaklik binne. De FNP wol net pleitsje foar noch hegere lesten. Ien fan de útgongspunten by de weryndielingsplannen yn kombinaaasje mei de artikel 12-status, wie dat it frij fluch dien wurde soe sadat it net nedich wie om in soad foarsjennings fuort te besunigjen. Der binne no dochs flinke besunigings op kultuer, sport, ûnderwiis. Krije we dêrmei net te meitsjen mei achterstannen op dy gebieten. Kinne we dat letter wer ynhelje nei in weryndieling? At in biblioteek ticht giet, binne we dy wol kwyt. Wylst út de begruttingsscan fan 2008 dochs bliken docht dat útjeften hjir foar maatskiplike foarsjennings en kultuer yn ferliking mei oare gemeenten net oan de hege kant binne. Yn ferbân mei de rapporten fan WagenaarHoes oer de weryndieling wol de partij wite oft der al achterlizzende sifers bekend binne fan it foarsjenningsnivo. Yn alle doarpen moat in biblioteekfoarsjenning wêze, fynt FNP. Dizze besuniging treft net allinnich it gebou, mar nei alle gedachten ek de bibliobussen. It is bekend dat it WMO-belied hjir hiel goed funksjonearret, mar ek dat it effektyf en effisjint is. De hear Van Essen hat sein dat guon minsken eins gjin stim ha, at we it ha oer slachtofferhelp en bern mei dysleksy. Der ha yn 2009 wol 184 minsken in berop dien op de slachtofferhelp yn ús gemeente. We ha skrinende situaasjes heard by de sport- en muzykferienings, âlden dy't de kontribúsje net mear betelje kinne. De tariven foar sportakkomodaasjes binne yn Boarnsterhim dochs al heger as yn omlizzende gemeenten. We ha de ynspraakreaksjes krigen yn ferbân mei it fuortsnijen fan hast alles op it mêd fan it Frysk yn de gemeente: Tomke, de kursussen, it Frysk yn it ûnderwiis. Dêrmei ûntnimme we ús bern en nije ynwenners de mooglikheid om har eigen taal te learen. Dat is stridich mei it Europeesk Hânfêst foar Taalminderheden, mar ek mei it provinsjaal taalbelied. Boarnsterstim krijt in soarte omropbydrage fan it Ryk. Ut ynformaasje docht bliken dat der sprake is by de lokale omroppen fan in ferplichte bekostiging op grûn fan de wet. Der moat yn elk gefal in tarikkend media-oanbod wêze. Is it net mooglik om krekt troch in útwreiding fan it doarpsbehear kosten te besparjen? Dan tinkt de partij oan havens yn de doarpen, begraafplakken. Yn it rapport fan it ministearje fan BZK stiet dat de gemeente op guon ûnderdielen júst legere lesten hat troch it doarpsbehear. Ut de jierrekken 2009 docht bliken dat der in protsje jild oerholden is. Dat wurdt ûnder oare ynset foar Grou-Noard. Wêrom soene we dêrfoar net de helte fan it reservearre bedrach ynsette en de oare helte miskien foar dit sanearringsplan brûke of om it yn te setten om lesten te ferleegjen? Hy tinkt bygelyks oan fersneld ôfskriuwe. FNP wol wite hoe't we in bedrach tusken 2 en 2,5 ton euro ombûgje kinne as wat hjir no foar ús leit. Pas yn de rin fan 2010 wurdt definityf dúdlik wat Pagina 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 13