de klusterferliking mei oare gemeenten opsmyt, mar de foarkar fan de partij giet út om 250.000 euro minder út te jaan op de behearplannen. De hear Zijlstra freget - by ynterrupsje - oft de FNP in tipke fan de sluier oplichtsje kin om dy 2,5 ton minder om te bûgjen. Posthumus hat it Frysk taalbelied neamd en de besuniging dêrop en dat dat yn striid wêze soe mei it provinsjaal taalbelied. Wat wol er dêr krekt mei sizze? De hear Posthumus seit dat it kolleezje seis oanjûn hat dat it yndie yn striid is mei it provinsjaal taalbelied. len fan de spearpunten fan it provinsjaal taalbelied binne de lokale oerheden. De gemeente is de bestjoerslaach dy't it tichtst by de minsken stiet. De hear Zijlstra freget oft de hear Posthumus dan fynt dat de provinsje yn dat gat springe moat. De hear Posthumus seit dat de provinsje syn eigen ferantwurdlikheid nimt foar it provinsjaal taalbelied. Yn de bestjoersôfspraak Fryske taal en kuituur is mei it Ryk ôfpraat dat de gemeenten har ferantwurdlikheid nimme. It giet om 7000 euro op trije besunigingsposten en hy fynt net dat de provinsje dat foar ús betelje moat. De hear Van der Woude seit dat de FNP de suggestje docht oft der miskien 2,5 ton minder skerp besunige wurde kin as no oanjûn is. Mar moat dy 2,5 ton socht wurde binnen dy 4,8 miljoen of is de FNP ree om dy 4,8 miljoen wat nei beneden ta by te stellen? De hear Posthumus seit dat dy 4,8 miljoen ek it útgongspunt fan de FNP is. We moatte foarkomme dat we letter noch gruttere problemen krije, seit de sprekker. De hear Bouma seit dat it in hurde eask is om 4,8 miljoen om te bûgjen, alle jierren wer. It moat wol, oars komme we net út ús jildpine wei. We binne der noch net, want it Ryk moat noch mear besunigje. At it oan de VVD leit sit der hjir en dêr noch wat muzyk yn. Alle ûnderdielen lykas de behearplannen, de bedriuwsfiering, kostedekkendheid, it aktivabelied, dêr kin de partij him yn fine. De partij hat mear muoite mei de OZB-ferhegings. Wêr't neffens de VVD noch wat rek yn sit binne de beliedsombûgings en dêr sitte ek de measte pinepunten. De fraksje hat in groslist makke mei de folgjende punten: de jeugdsportsubsydzjes, de biblioteek yn Akkrum, it Tomke-projekt, subsydzje foar jeugd- en muzykkorpsen en de Boarnsterstim. It jild foar Boarnsterstim is gjin earmerke jild, mar ha we ek in morele ferplichting om it jild troch te skowen nei dy organisaasje? It is wichtich dat jeugd jong mei muzyk yn oanrekking komt en de VVD wol de korpsen graach yn stân hâlde. Op jild om yn te setten by dysleksy moat ek net beknibbele wurde fynt de partij. It giet by inoar om 86.000 euro foar al dizze punten. Om dat te dekken hat de VVD fjouwer punten: de brêgebetsjinningslesten 50.000 euro, bygelyks de brêge yn de Kom yn Wergea. De partij tinkt dat dy betsjinne wurde kin troch de betsjinners fan de Palmabrêge. By dy brêge soene we jild ynje kinne foar de trije brêgen dy't dêrwei betsjinne wurde. Der komme 20.000 boaten del, wêrfan't foar 60% de brêge omheech draaid wurde moat. We kinne tinke oan in taryf fan trije, fjouwer euro it kaartsje. Troch it kolleezje is ek nei foaren brocht it opsizzen fan it VNG- en it VFG-lidmaatskip. Sjoen de takomstige gearwurking mei de fúzjepartners kinne we dat wol opsizze en de ynformaasje kinne we ek út oare boarnen helje. Fan 140.000 euro dy't nei it Centrum voor Kunsten giet kinne we miskien 25.000 euro óf helje en rjochtstreeks ornearje foar de gebrûkers fan ús gemeente. De hear Posthumus freget - by ynterrupsje- oft de konstruksje dy't de hear Bouma neamt alris earder tapast is by oare gemeenten. Dit nei oanlieding fan syn opmerking oer it VNG- en VFG- lidmaatskip. De hear Bouma seit dat dit as earste bart yn Boarnsterhim. De partij fynt it de muoite wurdich om it te ûndersykjen. By de takomstige grutste partner is ek kunde oanwêzich en dêr kinne we gebrûk fan meitsje. Frou Esser seit dat se begrepen hat dat op dysleksy net besunige wurdt. De voorzitter merkt op dat het inderdaad onder de streep staat. De hear Bouma jout oan dat dat dan in tafaller is. Yn de brief fan D66 stiet dat se sjen wolle oft se earst noch 2,5 ton ekstra besunigje kinne op de behearplannen. Dat betsjut wol dat je dan wer besunigje op ûnderhâld en dat liket de VVD net ferstannich. Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 14