ûnderhâld meinimme. De PvdA soe it kolleezje ek wol opdracht jaan wolle om sa gau mooglik mei de belanghawwende partijen Leppehiem en de skoallen te praten oer wat dêr te regeljen fait. De hear Posthumus merkt op dat de FNP ek graach yn petear wol mei oare fraksjes om te sjen wat der mooglik is kwa besunigings en om hjir en dêr noch wat wei te heljen. De biblioteek is in wichtich punt foar de partij. De FNP is it iens mei GrienLinks oer it punt fan de leefberens yn de doarpen. At der ûnderlizzende rapporten binne by it einrapport fan WagenaarHoes oer it foarsjenningsnivo yn de doarpen, dan is it kolleezje al in ein op paad. Wat de FNP oanbelanget kin der praten wurde oer it Centrum voor de Kunsten. De partij fynt wol dat de korpsen dy't der al gebrûk fan meitsje wol yn de mjitte kommen wurde moatte. Yn de begruttingsscan ha we sjoen dat Boarnsterhim kwa tal minsken net heech útkomt. Wy sitte leger as it gemiddelde, mar at GB2000 noch suggestjes hat kin dêroer praten wurde. De hear Galama seit dat we in ôfwaging meitsje moatte fan it tal minsken en de tsjinstferliening. De hear Posthumus seit n.o.f. de behearplannen dat we yn de jierrekken 2009 sjoen ha dat der yn ferliking mei de begrutting in soad oerholden is, omdat lang net alles útfierd wurde koe. De partij wol graach trochprate oer it ferhaal fan de kapitaallesten fan de behearplannen en wat der wol en net mooglik is. It giet te fier om de hiele VVV yn sa'n toeristyske gemeente fuort te besunigjen. Wat der no noch is moatte we noch yn stân hâlde, fynt de partij. De FNP hat noch ien foarstel foar in besparringsmooglikheid. It kolleezje wol in flinke ekstra post, 50.000 euro, útjaan foar de opliedingskosten, fan 1,4% nei 2,0% fan de leansom, wylst de lanlike noarmen 1,9% binne. De FNP fynt dat we net mear útjaan moatte as de lanlike noarmen en dan prate we gau oer 10.000-15.000 euro. Hoefier is it kolleezje mei it konvenant mei Elkien? De hear Van der Woude merkt op dat de hear Posthumus in bedrach neamt dat op de rekken fan 2009 oer wêze soe. Dat bedrach is net publyklik, dus it is dreech foar ús om dêroer te diskusjearjen. Neam dat bedrach mar, fynt er. De hear Posthumus seit dat it om tonnen giet, wat oer wie by de post diken en wetter. De hear Van der Woude freget oft dat ynklusyf of eksklusyf de oerheveling is. De voorzitter merkt op dat de wethouder er straks nog wat over zal zeggen. De hear Bouma fynt dat syn fragen dúdlik beäntwurde binne. Kommende moandei giet de VVD mei de oare partijen om 'e tafel om it listje óf te meitsjen. De suggestje fan de FNP is dúdlik. At der in x jier yts boppe de streek stiet moat it ek ónder de streek stean. De opmerking fan frou Esser oer Hercules kin de VVD ónderstreekje. De hear Zijlstra wol noch graach fan it kolleezje hearre wat sy fine fan wat mear te besunigjen op de bestimmingsplannen. Dus om dy wat mear nei foaren te skowen. Hy fynt it moai om te hearren dat de FNP moandei ek meiprate wol oer it listje. De heer Frensel merkt op dat we een beroep doen op de extra bijdrage van het Rijk voor achterstallig onderhoud. Het is nog onduidelijk hoeveel we precies nodig hebben, omdat een aantal zaken onzeker zijn. Het uitvoeren van de beheerplannen is een wettelijke taak. Is zo'n staande mastroute ook een wettelijke taak? Als je de bruggen, kunstwerken e.d. meerekent zit je op 1 miljoen structureel. D66 wil nu eerst 2,5 ton vrijspelen. D66 wil geen onomkeerbare besluiten nemen. De partij wil eerst weten hoe de kosten van het beheer zich verhouden tot andere gemeenten. Is baggeren een wettelijke taak? D66 denkt dat er nog wel wat ruimte te vinden is. GB2000 geeft aan dat wij problemen voor ons uitschuiven door het onderhoud vooruit te schuiven. Als je de leefbaarheid in de dorpen vooruit schuift heb je straks dorpen waar alles qua kapitaalgoederen goed op orde is, maar waar niemand wil wonen. De krimp slaat al toe in Noord-Fryslân. Dat is voor het Rijk en de provincie van belang, maar ook voor de gemeente waarmee we gaan herindelen. Als wegen of voorzieningen niet op orde zijn moeten ze bijbetalen. Hij wil dus graag dat er beter zicht is op de situatie in Boarnsterhim in vergelijking met andere gemeenten. De PvdA geeft aan dat het de taak is van de bibliotheek hoe ze de bezuinigingen moeten invullen. Als je daar 50.000 euro wegsnijdt dan weet je dat er niet veel andere mogelijkheden zijn dan het sluiten van bibliotheek Akkrum of ophouden met de bibliobussen. Frou Esser seit dat de PvdA net sein hat dat we 50.000 euro besunigje moatte. Pagina 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 22