De Stifting 'Afvaloven Nee' freget de steaten in debat te fieren oer de weroerwaging fan de miljeufergunning; de CDA-fraksje is fan betinken dat it gjin nut ha as steaten te debattearjen oer nut en needsaak fan de REC no't fêststeld wurde kin dat der foar de provinsje gjin grutte rol weilein is. It sinjaal dat út de hantekenings nei foaren komt is it béste plak by Omrin en de oandielhâl- dende gemeenten. As it om de ynhâld giet is de provinsje in tuskenstasjon, wêr't de trein net stoppet. De fraksje wol befoarderje dat it sinjaal dat nei foaren komt út de hantekenings nei Omrin en de gemeenten stjoerd wurdt. As reaksje op in ynterrupsje fan mefrou Groeneveld seit sprekker dat der tal fan juridyske wegen binne om de besluten dy't de oandielhâlders fan Omrin naam hawwe oan te Ijoch- tsjen. De gemeenten binne oandielhâlder en ynfloed moat dan fia de gemeenterieden útoe- fene wurde. As reaksje op in oanfoljende fraach fan mefrou Groeneveld seit er wol ris prate te wollen oer de mienskiplike regelingen en it demokratysk gehaite dêrfan, mar we kinne hjir yn Fryslân de wet net feroarje. As reaksje op in ynterrupsje fan mefrou De Graaf seit er dat it foarlizzende beslút syn fraksje wat te fier giet; de CDA-fraksje freget net om in weroerwaging, mar It lûd fan de 13.513 min- sken moat wol by Omrin en de gemeenten op tafel komme. Mefrou Postma (PvdA) begrypt wol dat boargers by de provinsje telâne komme no't hja troch gemeentlike politisy dêrhinne ferwiisd binne omdat de provinsje de miljeufergunning ôljout. Se moatte der no efter komme dat de ynfloed fan de (keazen) steateleden mar beheind is omdat It foech by it kolleezje fan DS leit. De diskusje oer it proses fan fergunningferliening folget noch, nei de útspraak fan de Ried fan Steat en de troch it kolleezje taseine evaluaasje. De diskusje oer nut en needsaak fan de REC heart neffens de PvdA-fraksje thús yn de ge meenterieden; dy moatte de foar- en neidielen tsjin elkoar ôfweagje. De steaten hoege de gemeenterieden ek net te fertellen wat hja dat dwaan moatte. Mar it sinjaal dat út it boarger- inisjatyf nei foaren komt moat wol by de gemeenterieden komme; dêrom steit de fraksje út it boargerinisjatyf troch te stjoeren nei de oandielhèldende gemeenten yn Fryslân en harren te freegjen te reagearjen op it boargerinisjatyf. Se tsjinnet in amendemint yn: (stiknr. 1) De fraach of de fergunning wol of net doocht is hjir net oan 'e oarder; dat wurdt hifke troch de Ried fan Steat. Mar de fraach om skjinne loft jout oan dat minsken har soargjen meitsje oer de útstjit fan de ynstallaasje. De GGD en It RVM hawwe oanjûn dat der mei de fergunde wearden gjin gefaar is foar de folkssûnens. Sprekster is fan betinken dat de tafersjochhâlder soarchfâldich kontrolearje moat as de ynstallaasje aanst yn bedriuw is. As bliken docht dat Omrin him net hâldt aan de fergunning moat daliks hanthavene wurde, ek as dat finansjele gefolgen hat foar it bedriuw. Der moat in goed monitoaringsysteem komme foar it gewaaks en de minsken. Se tsjinnet in moasje yn (stik nr. 3) Nei oanlieding fan in ynterrupsje fan mefrou De Graaf seit sprekster dat har fraksje net twive- let oan de kwaliteit fan de fergunning, mar der binne in grut tal minsken dy't har soargen meitsje. De ynstallaasje stiet der noch net. Pas as dy wurket kinne we beoardiele of de út- spraken fan de deputearre terjochte binne of de soargen fan de omwenners. Fan it begjin óf is troch de PvdA-fraksje oan de deputearre frege yn petear te gean mei Om rin en de gemeenten mei de fraach te kommunisearjen mei de boargers. De bal leit by de gemeenten, dy moatte prate mei boargers. Earder hat de PvdA-fraksje seit: 'de REC niet op die plek'; by de kommende Romtlike Fer- oardering moat it kolleezje der foar soargje dat soksoarte aktiviteiten yn de haven fan Harns net mooglik is. Sprekster tsjinnet in moasje yn. stik nr. 2) 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 121