Dit is net de eerste kear dat we yn de steaten prate oer de REC seit deputearre Adema. Ek it kol eezje hat respekt foar de organisatoaren fan it boargerinisjatyf. Hy ferwiist nei it brief fani H kolleezje weryn in reaksje jûn wurdt op it boargerinisjatyf; hy wol der foar it oare net wndweidich op yngean. Ek it kolleezje makket him soargen oer de ûnrêst dy't der yn it aebiet is; yn kontakten yn it gebiet komme dy soargen ta útering. It soe net bést wêze as de min sken dy t tinke dat se aanst net mear op de fyts troch it gebiet kinne, gelyk hawwe. De oro- vinsje moat noed stean foar de folkssûnens fan de ynwenners fan Fryslân. As it kolleezje der net fan oertsjuge wie dat it op grûn fan de folkssûnens kin, wie de miljeufergunning net ôfjûn Mei nei oanlieding fan in ynterrupsje fan de hear Van der Kolk seit er dat der nei de útspraak fan de Ried fan Steat ynsetten wurde sil op in goede kommunikaasje mei de minsken yn it gebiet om te besykjen de ûnrêst sa goed as mooglik wei te nimmen. As maksje op in ynterrupsje fan mefrou de Graaf seit de deputearre dat mei op grûn fan de unrest dy t no untstien is de kommunikaasje ferbettere wurde sil. It draachflak foar de REC is benammen de soarch fan de 27 gemeenten dy't foar de REC stimd hawwe yn de oandielhâl- dersgearkomste fan Omrin. Foar it oare wol er der op wize dat de ûnrêst yn it gebiet mei fe- roarsake wurdt trochdat it kolleezje fan DS falselijk beskuldige wurdt fan it efter hélden fan ynformaasje. As reaksje op stik nr. 1 wijst er der op dat it by tal fan gemeenten ek mooglik is in boarqer- inisjatyf yn te tsjinjen oer dizze matearje; die lijn soe ek folge wurde kinne. Wy moatte as provinsje net op de stoel fan de boargers fan dy gemeenten sitten gean. Hy erkent dat der in sinjaal ôfjûn wurdt yn it amendemint en stiet der dêrom posityf foaroer hy wol it amendemint net oernimme mar is benijd nei de útspraak fan de steaten hjiroer. De moasje yn stik nr. 2 neamt er lêstich; hy begrypt wat der bedoeld wurdt, mar it giet te fier om no te sizzen dat alle yndustriële aktiviteiten ferbean wurde moatte yn it havengebiet fan Harns Hy wol me. de steaten yn it kader fan de WRO-feroardering wol de diskusje oangean oer wat we ferstean moatte ûnder 'yndustry'. Hy ûntriedet de moasje. Nei oannedmg fan de moasje yn stik nr. 3 seit de deputearre dat yn de fergunning fan Omrin '?ht!ng *a undersyk mei bio-monitoaring opnaam is. Dêrmei kin sjoen wurde of de utstjit skjin is. Omrin is yn gesprek mei de ITO om dat mooglik te meitsjen. De GGD en It RIVM hawwe al heldere útspraken dien oer de saken dy't neamd wurde yn de wl°^SJt -Af S 'k nr' m M,,nister Cramer hat 't inisjatyf naam foar in team fan saakkundigen kje te^ollln3 V8n S°8' 'Afvaloven Nee' hat sein dêr ne* oan meiwur- It tafersjoch- en hanthavingsplan fan de REC sil iepenbier makke wurde, sadat elkenien me,P[a kln oer hoe't it tafersjoch plakfine moat en elkenien sjen kin hoe't der mei omqien wurdt Mooglik wurdt dêrmei in part fan de ûngerêstens weinaam. De moasje is foar in part oerstallich (de monitoaring) en foar it oare part wol er him ûntriede. As reaksje op in ynterrupsje fan mefrou Postma seit de deputearre dat de bio-monitoarinq bedoeld is om ynsjoch te krijen yn de fraach: 'wat is de fersprieding fan stoffen yn it gebiet' Oan de han fan it gewaaks kin dat besjoen wurde, mar ek de gefolgen fan in mooglike fer- sprieding foar de folkssunens kin op dy wize besjoen wurde. It giet om de sûnens fan qe- waaks, fan minsken en fan bisten. Yn it kommend jier sil ekstra oandacht jûn wurde oan fra- gen op it med fan de folkssunens dy't der noch binne by de minsken. As reaksje op in ynterrupsje fan de hear Van de Kolk seit er dat yn it tafersjoch- en hantha- vingsp an, dat ferskynt foar de REC yn bedriuw komt, stean sil by hokfoar kalamiteiten de REC sletten wurdt en op hokfoar termyn dat dan moat. De moasje op stik nr. 4 wiist er óf. Dat jikJt ek foar de moasje fan stik nr. 5; de provinsje is gjin belanghawwende en it is dêrom net de taak fan de provinsje mei de oandielhâldende gemeenten yn debat te gean oer de fraach of dizze Mienskiplike Regeling wol de goeie foarm foar Omrin is Nei oanlieding fan in ynterrupsje fan mefrou Groeneveld (dy der op wiist dat de boarqers troch de bestjoersfoarm fan Omrin it gefoel hawwe dat se nearne oars as by de provinsie teiane kinne) seit er wol yn petear te wollen mei de gemeenten oer de erfarings mei dit boar gerinisjatyf. a 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 124