kieze kin wêr't it hinne wol. Dizze tendins hat him yn de léste ynspraakrûnte noch wer trochset. Yn de Mid-Frieslander fan hjoed stiet: De Lege Geaën ferdiele seis. Mar sa wurket it net, seit de sprekker. De rie moat beslute oer in weryndieling foar de hiele gemeente. Yn de ynspraakreaksjes en enkêtes dy't holden binne fait op dat der in soad gefoelsmjittige arguminten binne. Mar by in keuze moatte je je net altyd troch it gefoel liede litte, want it ferstân moat foarop. Der wurdt praat oer ferûnderstellings, lykas de finansjele problemen fan It Hearrenfean en it Saailân-projekt yn Ljouwert, krekt of soe dat sa'n grut finansjeel probleem wêze dat se Boarnsterhim der net by ha kinne. En der wurdt sein dat de finansjele posysje fan Skarsterlân wol goed is, mar dér moatte je je noch mar 's yn ferdjipje. Der wurdt sein dat in grutte stêd net mei syn plattelân omgean kin. Ljouwert hat net safolle plattelân, mar It Hearrenfean hat wol in protte plattelân, krekt as Skarsterlân. Terherne hat in ludike aksje fierd en dér siet humor yn, mar GB2000 hat net safolle wurdearring foar it optreden fan de boargemaster fan Skarsterlân. Hy ûntfong mei it amtsketting om de Ternhernsters en joech der sa in offisjeel tintsje oan. Dat past him net, fynt GB2000. De fraksje is benijd hoe't de boargemaster reagearje soe op in selde fersyk fan Haskerdiken en Nijebrêge, dy't oanslute wolle by It Hearrenfean. It kolleezje fan Tytsjerksteradiel hat al tige aktyf yn Warten west. De buorgemeenten moatte har net bemuoie mei it ynterne ynspraakproses fan Boarnsterhim, fynt de fraksje. It punt fan de grinskorreksjes wurdt hieltyd ynfolle sûnder dat we f te foaren eksakt wisten wat de mooglikheden binne. De wet ARHI en de keamerfragen oer it fernijde beliedskader foar de weryndieling jouwe oan dat in grinskorreksje los stiet fan weryndieling. At in gemeente it beslút nommen hat om opheven te wurden, dan kinne je gjin grinskorreksjes mear tapasse. De 10%-regeling is ek in probleem foar Boarnsterhim. Dér komme je al gau oerhinne. Dat kin allinnich at je mei óf- of taname fan it ynwennertal grinskorreksjes tapasse wolle, mar it stiet bûten in weryndielingsfoarstel. Hoe moatte we mei de ynspraakreaksjes omgean? Yn it weryndielingsfoarstel is gjin romte foar grinskorreksjes, mar der binne seker arguminten oanfierd dy't serieus nommen wurde moatte. GB2000 tinkt dat it kolleezje hjirmei oan de slach moat, yn diskusje mei de provinsje om te ûndersykjen hoe't it nei it weryndielingsbeslút fan 30 novimber temjitte kommen wurde kin oan in tal winsken fan guon doarpen oer grinskorreksjes. Weryndiele yn trije parten is folie komplekser. GB2000 is fan plan om op 30 novimber mei in moasje hjiroer te kommen. Foar de fraksje is yn it hiele proses ien wichtich betingst: de weryndieling moat plakfine mei yngong fan 1 jannewaris 2014. At we dizze datum yn gefaar bringe, dan dogge we de ynwenners fan Boarnsterhim tekoart, fynt de fraksje, mei it each op de trochrinnende lesteferheging as ek de beheining fan de foarsjennings. It beslút ta weryndieling moat ek op stipe rekkenje kinne fan provinsje en Ryk. De hear Zijlstra merkt - by ynterrupsje - op dat je beslute kinne om nei in weryndieling de n gemeente te freegjen om grinskorreksjes ta te passen en dat je dér de provinsje ek noch om freegje kinne. Kin de hear Hemminga him foarstelle dat der ek foar de weryndieling in grinskorreksje tapast wurdt? De hear Hemminga seit dat dat formeel ûnmooglik is. Wy ha al it beslút naam dat dizze gemeente opheven wurdt en dan kinne je gjin grinskorreksjes mear trochfiere. It hie moai west dat we yn it begjin witten hienen dat dat net kin, want dan hie de diskusje simpeler west. Mevrouw Rozema merkt op dat gezegd is dat grenscorrecties geen optie zijn. We hebben het echter over een herindeling. Is herindeling in meer stukken dan twee dan misschien wel een optie, want dan is er geen sprake van grenscorrecties. De hear Hemminga seit dat by de gemeentlike tafoegings de provinsje ek in rol hat. Dat is in folie simpeler proseduere dan wannear't je dat yn in weryndielingsfoarstel meinimme. By in weryndieling moatte de oanbelangjende gemeenten opheven wurde en dan kinne je nije grinzen fêststelle, mar we kinne no net stikken derôf helje en tafoege. Mevrouw Rozema leest voor: gemeente A wordt opgeheven. Het grondgebied van A wordt in zijn geheel of in gesplitste delen tegelijkertijd in één respectievelijk in meer gemeenten B, C, D, enz. toegevoegd. De gemeenten waar het grondgebied van gemeente A wordt toegevoegd worden niet opgeheven. De hear Hemminga seit dat de proseduere folie yngewikkelder en komplekser is at je sa'n weryndieling yn meardere dielen dogge. Hy wol graach dat it kolleezje hjir in dúdlike fisy op jout. Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 10