Mevrouw Rozema zegt dat er net werd gezegd dat de artikel 1 2-status per 1 januari 2014 ook afgelopen zou zijn. Ze heeft echter begrepen dat we schoon opgeleverd moeten zijn. Dat betekent dat we financieel op nul beginnen of met een positief saldo om te kunnen herindelen. Het koppelen van de herindeling aan die datum is een streven, maar denkt de spreker dat het automatisch betekent dat onze financiën dan weer op orde zijn? De hear Hemminga seit dat it stribjen is dat we dan in slutende begrutting ha. Dat wol net sizze dat der in posityf saldo is, mar wol in slutende begrutting. De bedoeling fan de artikel 1 2-proseduere wie ek dat der dan jild fan it Ryk komt en dat je dêrmei de problematyk fersneld oplosse, dus mei yngong fan 1 jannewaris 2014. At we it in jier útstelle, bliuwe we yn de selde situaasje sitte, wêryn't we neat kinne. De foarsitter freget oft frou Rozema aanst de fragen oan de boargemaster stelle kin. Mevrouw Rozema gaat daarmee akkoord. De hear Van der Woude merkt op dat dit in beslissende moanne foar ús en ús boargers is as it giet om de takomst. Hoe splitse wy ús op en wêr komme ús boargers telâne? Der leit in swiere ferantwurdlikens op de skouders fan dizze santjin riedsleden. Nei it beslút fan ferline jier desimber om ús op te heffen ha we in hiel tariedingstrajekt hân. Dat begûn mei te freegjen oan de ús omlizzende gemeenten om in soarte dokumint wêryn't oanjûn wurde moast de posysje fan de gemeente kwa belied, fisy en finânsjes. De gemeenten binne no ridlik mei inoar te ferlykjen. Dêrnei wie it kolleezje oan set om mei in útstel te kommen. It earste foarriedige útstel hat ta in soad kommintaar laat. Yn it definitive útstel hat it kolleezje noch in oanpassing oanbrocht en it oarspronklike útstel goed motivearre hanthavene. Yn de tuskentiid binne wy mei mear advizen konfrontearre. Fanút de PvdA-fraksje wol er elkenien tankje foar de muoite dy't se dien ha en noch dwaan sille oant 30 novimber om de fraksje te oertsjûgjen fan harren stânpunten. De PvdA het perfoarst net meidien oan populistyske aksjes foar radio, tv en media. De fraksje hat wol kritysk sjoen nei it ferskaat oan aksjes fan oanbelangjende gemeentebestjoeren nei in tal doarpen ta. Yn it generaal ha de gemeenten dat op in nette wize dien, fynt de fraksje. Der is goed harke nei de ynwenners fan de ferskate doarpen, mar dat wol net sizze dat de fraksje alles blyn folgje sil. It ôfwagingskader is breed en ferskaat. De wichtichste toetsingskritearia binne it draachflak út de doarpen, fanút de befolking, de sosjaal-geografyske oriïntaasje fan de doarpen, de bestjoerskrêft dêr't se mooglik telâne komme, de omfang fan de weryndieling en it belied en finânsjes fan de belutsen gemeenten. Alle oare kritearia sille oant 30 novimber ek meispyljen bliuwe by de fraksje. Yn it definitive stânpunt oer trije wike sil bliken dwaan hokker kritearia yn hokker gefal trochslachjouwend west ha foar de fraksje. At we alle position papers neist elkoar lizze, is dan de konklúzje terjochte dat yn alle objektiviteit ús ynwenners beliedsmjittich en finansjeel it béste óf binne by de gemeente Ljouwert? Yn it einútstel hat it kolleezje syn kar foar Warten nei Ljouwert motivearre. Kloppet it dat de minsken yn Warten it ferbûn wêzen mei De Alde Feanen wichtiger fine as de kar foar Tytsjerksteradiel of Ljouwert? Kinne we de diskusje yn en fan de gemeente Ljouwert sa útlizze dat dizze gemeente al op foarhân ôfstân dien hat fan De Lege Geaën en wat is de reaksje fan it kolleezje dêrop? Yn de ôfrûne wiken ha der noch ferskate doarpen en boargers aktyf west. Dit einútstel is al in pear wike âld. Is der foar it kolleezje noch oanlieding om ta ien of mear oanpassings te kommen at we it definitive beslút nimme. Is de konklúzje terjochte dat yn ús gefal grinskorreksjes net mear mooglik binne omdat wy al in beslút nommen ha om ús as gemeente op te heffen. En as dat sa is prate we allinnich mar oer in weryndielingsfoarstel, likefolle it tal parten wêryn't we dizze gemeente evt. opdiele. Klopt dat? Dit is jûn in mieningsfoarmjende gearkomste. We harkje jûn nei de ynsprekkers, de riedsfraksjes en it kolleezje. Op 29 novimber o.s. sil de fraksje syn leden noch rieplachtsje en dêrnei it fraksjestânpunt bepale. Elk fraksjelid kin en mei syn eigen kar meitsje. Jûn komt de fraksje noch net mei wat konkreets, mar alle arguminten sille meiweage wurde. De heer Frensel vraagt of de PvdA-fractie al kan aangeven wat deze gaat voorleggen aan de algemene ledenvergadering. De hear Van der Woude seit dat de fraksje neat foarleit oan de ledegearkomste, mar dat it bestjoer dat docht. De fractie zal zich wellicht in de discussie mengen en heel goed luisteren. Frou Veldstra merkt op dat we oan it begjin stean fan nei alle gedachten it wichtichste beslút fan dizze riedsperioade. Wat wurdt de takomst fan de hast 20.000 ynwenners fan ús gemeente? Sa'n Pagina 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 11