beslút nimme je net samar. It is net sa dat guon minsken simpelwei sizze dat se mar ienris yn de fiif of tsien jier mei de gemeente te meitsjen ha, foar it heljen fan in paspoart of rydbewys. De gemeente is de earste oerheid en is de organisaasje dêr't je as ynwenner faak it meast mei te krijen ha yn de deistige praktyk. It begjint mei je eigen hûs, in boufergunning, de OZB-lêsten, it grienûnderhâld, rioel en feiligens. Elemintêre foarsjennings yn it doarp, lykas it behâld fan in skoalle, bibliobus, biblioteek of doarpshûs, soarch fanút de WMO, in útkearing, wentebou yn in doarp, plannen oangeande rekreaasje binne allegear ófhinklik fan de gemeente. De gemeente is jo oansprekpunt, dêr moatte je op rekkenje kinne. Der hat gjin gemeentlik referindum west oer de weryndieling of oer de útstelde ferdieling fan it kolleezje. Doarpsbelangen en ynwenners ha no seis enkêtes organisearre oer de fraach by hokker gemeente se graach wolle. Dêr komt faak út dat doarpen wat oars wolle as it kolleezje útsteld hat. Yn de fraksjegearkomste fan de FNP yn Warten en Akkrum foar de ferkiezings binne ynwenners en Doarpsbelangen útnoege om mei de fraksje te praten oer de weryndieling. Letter hat FNP mei D66 en GrienLinks fjouwer jûnen yn Aldeboarn, Warten, Terherne en De Lege Geaën organisearre, oanfoljend op de twa harksitten fan de gemeenterie. Dat wienen ferhelderjende jûnen mei in protte saaklike arguminten. It stik fan it kolleezje ropt by de FNP nochal wat fragen op. Floe kin it dat it kolleezje nei de wiidweidige konsultaasjerûnte yn oktober/novimber ferline jier sa'n bytsje dien hat mei de ynspraakreaksjes d der west ha? Yn in grut tal doarpen, lykas Akkrum, Terherne, Aldeboarn, Warten en de streek De Lege Geaën is mei ferbjustering reagearre op it útstel. De resultaten fan de ynsprekjûnen wiene oars as yn guon doarpen dúdlik genôch. Hat it kolleezje wol goed harke? De FNP hat fragen en opmerkings oer de kritearia foar de weryndieling. As earste it draachflak. Dat wol sizze dat der foldwaande bestjoerlik, maatskiplik en regionaal draachflak wêze. De FNP fynt it hiel wichtich dat der foldwaande maatskiplik draachflak is foar de oankommende weryndieling. Fan Onderen op, net allinnich foar de hiele gemeente, mar ek op doarps- of streeknivo. Is it kolleezje fan betinken dat der foldwaande bestjoerlik draachflak is yn inkelde omlizzende gemeenten, te witten Skarsterlân, Súdwest Fryslân, Opsterlân en Tytsjerksteradiel om in gebiet of ien of mear doarpen fan ús gemeente op te nimmen? Is it kolleezje mei de fraksje fan miening dat yn in grut part fan de gemeente te min maatskiplik draachflak is foar de ferdieling nei It Hearrenfean en Ljouwert? En dat dêrby benammen tocht wurde kin oan Akkrum, Aldeboarn, Terherne, De Lege Geaën en Warten? Wêrom wie it kolleezje net oanwêzich by de harksitten dy't holden binne om kundskip te nimmen fan it draachflak? Is it kolleezje bekend dat der stribbe wurde moatte soe nei in sa grut mooglik maatskiplik draachflak Onder de befolking? Is der yn de belutsen gemeenten ek Ondersyk dien nei it draachflak? Kin it kolleezje mear ynformaasje jaan hoe't de provinsje Fryslân as prosesbegelieder bv de ferdieling oer Ljouwert en It Hearrenfean belutsen west ha? It is krekt oft de eigen kritearia f, de provinsje Fryslân in opsplitsing yn mear as twa parten net Otslute en dat dêrby benammen funksjonele relaasjes tusken gebieten in rol spylje. Hat it kolleezje fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân ek in beskate fingerwizing krigen wêr't parten fan de gemeenten wol of net hinne moatte? Oer bestjoerskrêft stiet yn it stik dat de nije gemeente beskikke moat oer in robúste amtlike organisaasje dy't yn personiele sin minder kwetsber is en in fersterke posysje hat op de arbeidsmerk. Wyt it kolleezje dat yn it beliedskader foar weryndielings fan it ministearje fan Ynlânske Saken der net praten wurdt oer in minimumnoarm foar de omfang fan gemeenten? Oansluting by de grutste gemeenten om Os hinne betsjut net automatysk de béste gemeentlike tsjinstferliening foar ús boargers. Is it kolleezje fan miening dat de amtlike organisaasjes fan Súdwest Fryslân, Skarsterlân, Opsterlân of Tytsjerksteradiel minder sterk binne as It Hearrenfean of Ljouwert? Is der ek in minimumtal FTE-'s wêrby't in amtlike organisaasje al as net funksjonearje kin? Wyt it kolleezje dat gemeenten ek in fersterking fan de amtlike organisaasje krije kinne troch gear te wurkjen? Wannear is in organisaasje al as net robúst? Nei de weryndieling moat de nije gemeente net daliks yn in nije weryndielingsdiskusje telâne komme. Bestindigens en duorsumens fan gemeenten yn Fryslân is op it stuit net wis. De weryndieling sil de kommende tsien, fyftjin jier noch wol oan de oarder wêze. Súdwest Fryslân sil net gau wer yn in weryndielingsdiskusje telâne komme. Ha de ynwenners fan De Lege Geaën dêrmei net in sterk argumint yn it pleit foar oansluting by de gemeente Súdwest Fryslân? It is sterk de fraach oft de ynwenners dy't by de gemeenten Ljouwert en It Hearrenfean taheakke wurde de kommende jierren net wer yn allegear weryndielingsdiskusjes komme sille. Der spilet fan alles. Kin it kolleezje in garânsje jaan dat de Pagina 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 12