ynwenners fan Grou en Wergea as se by Ljouwert komme de earste tsien jier net wer in diskusje krije yn de nije gemeente oer weryndieling? Dat soe ek hiel goed by It Hearrenfean sa wêze kinne. De ynterne gearhing moat logysk wêze en dêrom mei de nije gemeente net in administrative ienheid wêze wêrmei't ynwenners en maatskiplike organisaasjes har net of hast net mei ferbûn fiele. Hat it kolleezje de sinjalen ek trochkrigen fan minsken dy't har net thús fiele by de gemeente dêr't se by yndield wurde sille, byg. fan De Lege Geaën dy't rjochte binne op Snits, Súdwest Fryslân. Yn tal fan brieven en ynspraakjûnen jouwe se oan dat dit in histoaryske kâns is om as gebiet wer ien te wurden Onder ien gemeentebestjoer. Terherne hat dat mei tal fan foarbylden ek oantoand. Se wol graach noch in reaksje fan it kolleezje oer de ynskriuwing fan Terherne op it gemeentehûs fan Skarsterlân. De hantekenaksje yn Aldeboarn lit in positive útslach, 71%, sjen foar oansluting by Opsterlân. Yn Akkrum-Nes stimde by in enkête twatredde foar Skarsterlên en mar ientredde foar It Hearrenfean. Neffens de hear Wijnstra fan Pleatslik Belang is dat noch itselde persintaazje. Yn hoefier hat it kolleezje him op de hichte steld fan de arguminten en enkête yn Warten? 65% fan de befrege minsken hat foar Tytsjerksteradiel keazen. Kinne der fraachtekens setten wurde by de útgongspunten fan it kolleezje fan gearhing yn sosjaal-kultureel en ekonomysk opsicht by it útstel mei de gemeenten It Hearrenfean en Ljouwert dat no foar Os leit. De regionale bestjoerlike ferhâldingen moatte troch in weryndieling sterker wurde. Yn hoefier komme de regionale bestjoerlike ferhâldingen út balâns as jo de gemeente byg. yn fiif dielen ferpartsje sille, wêrby't it grutste part kwa ynwenners nei Ljouwert giet en de lytsere parten nei de oare gemeenten ta gean. Ljouwert sil sowieso de grutste gemeente yn Fryslân bliuwe. Kloppet it dat dat ek de winsk fan de provinsje Fryslân is? Hokker easken ha Deputearre Steaten fan Fryslân fierder dellein oangeande dit kritearium? Is it net sa dat je in better bestjoerlik lykwicht krije troch net al te grutte ferskillen yn grutte fan gemeenten te hawwen? En dat ferdieling oer fjouwer of fiif gemeenten yn dat opsicht net ûnlogysk is. De FNP wol ek fierder sjen as allinnich dizze kritearia. De fraksje fynt it ek fan belang hoe't it stiet mei de finansjele reserves fan omlizzende gemeenten dy't mooglik belutsen wurde by de ferdieling fan Boarnsterhim. It giet benammen om de gemeente It Hearrenfean en har algemiene reserve, ein 2011 in bedrach fan 4,7 miljoen en ein 2014 is it weromrûn nei 4,5 miljoen. At de fraksje dat ferliket mei Opsterlân, Tytsjerksteradiel, Ljouwert en Skarsterlên dy't respektyflik 16, 20, 28 en 9 miljoen ha, wêr is it dan op basearre dat It Hearrenfean foldwaande spankracht hat, seker mei de ambysjes lykas Sportstêd, it nije Thialf en it WK 2018. It Hearrenfean sil yn 2014 7,1 miljoen te koart ha neffens it mearjierreperspektyfHoe goed hat it kolleezje har ferdjippe yn de finansjele situaasje fan de omlizzende gemeenten? De FNP wol de lésten foar de boargers ek yn eagenskou nimme. Neffens it COELO komt Snits op plak 36, mei de leechste lésten foar in mearpersoanshúshâlding, Skarsterlên op plak 46 en de oare gemeenten tusken plakken 98 en 125. Oangeande it ferhaal fan de hear Hemminga oer de grinskorreksjes merkt se op dat it yndie it béste is dat we dat oan it kolleezje befreegje. We ha noch in neikommen memo krigen fan de sekretaris út namme fan it kolleezje. Dêryn stiet dat by de situaasje fan Boarnsterhim konkludearre wurdt moat dat keazen wurde moat foar in yntegrale weryndieling. Neffens har betsjut dat je it bést yn twa, fjouwer of fiif stikken wêze kin. Se tinkt dat dit wichtich is foar de fierdere diskusje. De hear Galama merkt op dat frou Veldstra it hat oer de finênsjes fan It Hearrenfean. Hokker boekhâldrapport hat de FNP-fraksje lézen? 4,6 miljoen reserve kloppet neffens him net, want dêr moat noch in nul by. Frou Veldstra seit dat de FNP dat ûndersocht hat. De hear Galama seit dat der in stik fêste reserve is, dêr't se net oankomme meie. De FNP moat syn kollega's yn Skarsterlên ris freegje oer de situaasje dêr. It is neffens him wol oars as frou Veldstra oanjûn hat. De hear Posthumus merkt op dat de fraksje alle programmabegruttings fan 2011 besjoen hat en allinnich praat oer de algemiene reserve. De hear Galama seit dat It Hearrenfean de iennichste is dy't in blokkearre reserve hat as ekstra derachter. De hear Van der Woude mertk op dat frou Veldstra sein hat dat de Súdwesthoeke in ôfrûne weryndieling is. Dêr soenen De Lege Geaën wol hinne gean, want dy komme dan dochs yn rêstich farwetter, neffens de FNP. Moatte je eins net yndiele by gemeenten dy't seis noch yn in weryndieling sitte? Pagina 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 13