Frou Veldstra tinkt dat Van der Woude dat ferkeard belústere hat. Se hat sein dat yn Súdwest Fryslân net gau in nije weryndieling plakfine sil. Alle gemeenten binne yn beweging. De FNP soe net graach wolle dat Terherne, dy't graach nei Skarsterlân wol, yn in nije weryndielingsproblematyk komt. Mar dat wite we no noch net. Opsterlân en Tytsjerksteradiel ha noch neat mei in oare gemeente. De hear Van der Woude merkt op dat Tytsjerksteradiel in gearwurkingsferbân oangiet op amtlik nivo mei Achtkarspelen. Frou Veldstra hat dat ek lézen, mar se seit dat dy gemeenten net prate oer in weryndieling. De foarsitter skorst de gearkomste foar fyftjin minuten. De foarsitter weriepenet de gearkomste. De hear Bouma seit dat it opheffen fan de gemeente Boarnsterhim yn 2009 in dreech mar needsaaklik beslút wie. Hoe krijt ús âlde gemeente nije grinzen en wêr lizze dy? Wat giet wêrhinne en wêrom? Mar wat wol wêrhinne en kin soks en wêrom kin soks net yn de eagen fan B&W? Guon doarpen ha ien miening en dan is dat dúdlik. Mar guon doarpen ha ferskillende mienings en dan wurdt it in stik dreger. Alles dan mar nei Ljouwert ta is de fraach? Nee, seit it kolleezje, alles boppe it kanaal giet nei Ljouwert en it Onderste giet nei It Hearrenfean. Terherne wie fan begjin ôf o dúdlik en hat har gesicht al yn de nije foarkarsgemeente sjen litten, dat op ien man of frou nei graach nei Skarsterlân ta wol. Dat moat te regeljen wêze mei ynachtnimming fan de spulregels, tinkt de VVD. Maksimaal 10% kin nei in tastiene grinskorreksje. Terherne wie it earst mei sa'n dúdlik ferhaal. Oare doarpen bliuwe teloarsteld efter, lykas de doarpen yn De Lege Geaën. Ljouwert wol gjin Ontefreden ynwenners dy't tsjin harren sin yndield wurde by har gemeente. De spulregels wienen net dúdlik. We ha no in taljochting krigen fan it kolleezje, dêr't it net better fan wurdt. En wêrom is dy útlis sa let kommen? It hjoed tastjoerde stik fan Ynlênske Saken is net maklik wat it faktechnysk jargon oangiet. Kin it kolleezje Os dêrby helpe? PB fan Earnewâld seit dat in grut part fan De Alde Feanen froeger by Tytsjerksteradiel hearde en dat de weryndieling yn 1984 op ûndemokratyske wize ta stân kommen is. Dat is der fier by troch, neffens de VVD. It wie in demokratysk beslút en it wie mar in lyts part fan De Alde Feanen, seit de sprekker. De arguminten fan it kolleezje om De Alde Feanen nei Ljouwert te bringe, kin de fraksje Onderstreekje. Ljouwert wol ynvestearje yn Boarnsterhim. De hear Wester seit dat der lústere wurde moat nei de boargers en dat dogge we ek, seit de sprekker, mar de boargers fan Earnewâld hearre net by Boarnsterhim. Boarnsterhim hat de ôfrûne jierren al hiel wat ynvestearre yn it gebiet. Aldeboarn wol graach nei Opsterlân en dat liket de VVD ek logysk. Kin soks ek mei grinskorreksje? Nei alle gedachten kin dat net en dêr wurdt it net better fan. De Akkrumers ha in petear mei It Hearrenfean hân en dêr is it n minder fan wurden. Jûn heart er dat de optimistyske lûden wat minder wurde. Dêrmei wurdt it ek wer dreger om in kar te meitsjen. De VVD wol wite oft it kolleezje de grinskorreksjematearje tapast sa as dat mei of sa as se dat seis nei alle gedachten it leafst tapasse wolle. De fraksje wol alle doarpen graach temjitte komme, foar safier it kin. Frou Veldstra merkt op dat de hear Bouma sein hat dat guon doarpen nochal ferdield binne. Hokker doarpen bedoelt er dan? De hear Bouma merkt op dat er dat sa net sein hat. Dy doarpen binne yntern ferdield yn de opfetting wêr't se hinne wolle. Hy bedoelt bygelyks Akkrum. Warten wie earst ek ferdield en op in bepaald momint waard dúdlik dat dat doarp dúdlik foar Ljouwert keas. Akkrum hat petearen hân mei It Hearrenfean en doe wie de ferdieldheid in stik minder. Mar fannejûn heart er wer dat se wer in oare miening ha. De hear Zijlstra seit dat de weryndieling ús de ôfrûne moannen flink yn de besnijing hân hat. We ha al in hiel trajekt achter de rêch. Der is krityk, mar dat hat foaral te krijen mei de manier wêrop't dingen kommunisearre wurde en ek hoe't sokke dingen üntfongen wurde. Der sitte ek wol goede punten fan krityk by, fynt er. It kolleezje set yn de ynlieding fan it foarstel terjochte nochris op in rige wat der oant no ta allegear bart is om it proses fan weryndieling soarchfâldich te trochrinnen. En der is in soad wurk fersetten. Respekt dêrfoar, ek foar ús ynwenners dy't in bydrage levere ha oan it weryndielingsproses oant no ta. Hoe't in einplaatsje der ek útsjocht, de weryndieling is fan en troch alle ynwenners fan dizze gemeente. Sûnder ynbring fan ús ynwenners soe de weryndieling foarôf al mislearre wêze. De weryndieling fan Boarnsterhim is net puer in ynterne kwestje dy't we Pagina 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 14