tegearre mei ús ynwenners trochmeitsje moatte. Wat ek fan belang is binne de ûntwikkelings dy't har bûten ús gemeente ôfspylje. Byg. it regearakkoart dêr't ynstiet dat in weryndieling fan Onderop ta stân komme moat. De provinsje hat hjir in aktive rol yn at der in oplossing komme moat en at der bestjoerlike en finansjele knipepunten binne. Ek lis buorlju ha in miening oer de weryndieling en dér moat ek nei harke wurde. En net allinnich nei dy boargemaster dy't mei iepen earms Os ynwenners Ontfongen hat. Like wichtich is in sinjaal fan twa kolleezjepartijen fan de gemeente Ljouwert, it CDA en de PvdA, dy't stelle dat sy net sitte te wachtsjen op in tafoeging fan doarpen dy't neat mei de gemeente Ljouwert te krijen ha en net nei Ljouwert ta wolle. By sosjale gearhing ha we it oer sport, Onderwiis, it ekonomysk aspekt fan it winkeljen yn Snits. Ljouwert hat mei dit elemint in beoardielingskader kreëarre en dat moat liede ta in duorsume weryndieling. Miskien soe de gemeente It Hearrenfean der ek ris oer neitinke moatte, at it giet om Terherne. Hoe tinke de oare fraksjes oer dit stânpunt dat út Ljouwert kommen is oer De Lege Geaën en hoe tinkt it kolleezje hjiroer? Wat binne de konsekwinsjes at twa wichtige kolleezjepartijen yn Ljouwert har al tsjin it foarstel fan it kolleezje útlitten ha op it punt fan De Lege Geaën? Dit is in reaksje op de opmerking fan it kolleezje op side 6 fan it foarstel, dêr't stiet dat as de belangebehertiging foar de Ontwikkeling fan it oanbelangjende gebiet better oerdroegen wurde kin oan in tredde gemeente, it kolleezje ôfwike wol fan in weryndieling mei twa gemeenten. It is bekend dat kolleezjefoarstellen al gau troch ynwenners fertaald wurde as wie der al besluten. Hjirtroch is it kolleezjefoarstel oan de rie by in soad ynwenners yn it ferkearde kielsgat sketten. Ynwenners freegje wêr't de ynspraakjûnen eins foar west ha. Dat binne wol terjochte opmerkings, fynt de sprekker. Yn de kommunikaasje ha je it dan net hielendal goed dien. It kolleezje sketst foarófgeand oan it advys de útgongspunten dêr't termen as bestjoerskrêft, lange termynbestindigens, logyske gearhing en draachflak yn nei foaren komme. En terjochte, fynt de sprekker. Ek wol it kolleezje fersnippering fan it grûngebiet tsjingean. Fersnippering klinkt yndie negatyf, byg. at it giet om fersnippering fan natuer, jeugdsoarch of binnen in partij. Mar wêrom't fersnippering fan grüngebiet tsjingien wurde moat, is net goed Onderboud fynt it CDA. Oare arguminten fan it kolleezje om it splitsen oer mear as twa gemeenten tsjin te gean fynt it CDA fan Ondergeskikt belang. It aspekt fan kompleksiteit mei gjin rol spylje fynt de fraksje. De weryndieling is ien fan de spearpunten foar de perioade 2010-2014. Oars moatte der mar funksjonearringspetearen fierd wurde mei it kolleezje. In fierdergeande opdieling soe fanwege de beoardieling troch de Steaten, Twadde en Earste Keamer net winske wêze. Der stiet net yn it foarstel dat in fierdergeande opdieling it net helje sil by de beslútfoarming. Op side 10 fan it foarstel wurdt sprutsen oer yntervinsjes, mar dêr is it CDA net sa benaud foar. Yn de optyk fan it CDA giet de provinsje earder oan de slach mei de weryndieling fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân as mei it opsplitsen fan Boarnsterhim. Fan de Twadde en Earste Keamer ferwachtsje we sowieso gjin yntervinsje, sjoen it regearakkoart dat der no leit. De fraksje hat muoite mei it argumint dat in fierdergeande weryndieling mear wurk opleveret foar de projektorganisaasje dy't hjir de kommende jierren oan wurkje sil. Weryndieling mei twa gemeenten is te oersjen, mar weryndieling mei trije gemeenten moat ek foar inoar te krijen wêze. We ha noch net sa lang besletten om in jier langer út te lûken foar de weryndieling. Yn de stikken stiet dat at it earder kin as 1 jannewaris 2014 dat ek seker moat. Dêrút docht bliken dat der wol wat ekstra tiid ferwachte wurdt. De heer Frensel merkt op dat nu het moment is aangebroken dat wij als raad weer aan zet zijn in het herindelingsproces. De gemeenteraad van Boarnsterhim moet met alles wat zij te horen heeft gekregen en in discussie met elkaar een afweging maken over de toekomst van de gemeente. Om een goede afweging te kunnen maken over hoe Boarnsterhim kan worden opgedeeld, is een aantal uitgangspunten geformuleerd: bestuurskrachtig, lange termijnbestendig, samenhangend, passend in een groter verband, aandacht voor wijken, dorpen en kernen en draagvlak. D66 onderschrijft al deze uitgangspunten, al kent de fractie aan de punten een verschillend gewicht toe. Voor de opdeling van onze gemeente zijn verschillende constructies mogelijk. Ten eerste de traditionele herindeling. Dit betekent dat beide gemeenten op het moment van fusie worden opgeheven. Dit is de meest ingrijpende en kostbare procedure. Ten tweede de vorm van de grenscorrectie. Een eenvoudige oplossing, met een besluit door gemeenteraden en goedkeuring door provinciale staten. Navraag bij het ministerie van Binnenlandse Zaken heeft duidelijk gemaakt dat in Boarnsterhim sprake kan zijn van meerdere grenscorrecties. Per grens geldt de regel van 10% van het aantal inwoners en deze 10% is richtinggevend en geen harde grens. De memo van het college geeft aan Pagina 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 15