wol in kostbere fariant, mar yn de ôfrûne jierren binne der miljoenen ferkwansele oan plannen dy't net foar it Ijocht kaam binne. De hear Posthumus seit dat der in harksit west hat oer de takomst fan de gemeente yn Akkrum. Dêr hat Wijnstra ek ynsprutsen en dêr stie yn dat twatredde fan de ynwenners fan Akkrum-Nes yn de enkête oanjûn hat nei Skarsterlân te wollen, ientredde nei It Hearrenfean en ien of twa minsken nei Ljouwert. De hear Wijnstra nimt oan dat dat stânpunt der noch is. Is dat goed werjûn, wol de sprekker wite. De hear Wijnstra antwurdet dat dat sa is. De hear Brandsma fan Pleatslik Belang Aldeboarn seit dat we in jier nei de harksitten yn de ferskate doarpen noch net wite wêr't Aldeboarn hinne giet. Yn it ôfrûne jier ha trije buro's, Boer Croon Intermaat, Bügel Hajema en Wagenaar Hoes útsocht hoe't der in kar makke wurde moat yn dizze situaasje. Oer inkelde wiken mei de rie fan Boarnsterhim him útsprekke by hokker buorgemeente de doarpen tadield wurde. Mar is der mei reden wol in kar te meitsjen? Der wurdt yn de ferslaggen fan alles ferlike, mar net ien komt mei in argumint wêrom't keazen wurden moat foar in oare gemeente. Der is sprutsen mei de buorgemeenten Ljouwert, It Hearrenfean, Skarsterlân, Snits en Littenseradiel. Der sil wol lustere wolle moatte nei de doarpen. Yn Aldeboarn sjocht men mear nei Opsterlân en dêr is net mei praten. Op de harksit yn Aldeboarn wie de mearderheid foar oansluting by Opsterlân. De boargemaster hat op dy jûn dúdlik sein dat alle arguminten meinaam wurde sille, mar it is spitich dat dêr neat mei dien is. De rie moat aanst in kar meitsje en hopet arguminten te hearren wêrom't in part fan Boarnsterhim wol nei de iene gemeente moat en net nei de oare. De ûndersyksburo komme dus net mei in reden, mar der is wol in reden, seit de sprekker. Der moat nei de ynwenners harke wurde, want dêr leit de kar. In mearderheid yn Aldeboarn jout oan by Opsterlân te wollen. Bestjoerders sizze altyd dat se nei har ynwenners harkje. Lit se dat dan no yn praktyk bringe, seit de sprekker. De hear R. Hofstra seit dat er oer it algemien posityf stimd is oer it optreden fan dit kolleezje. Der wurdt saaklik, nofteren en mei faasje optreden yn it belang fan Boarnsterhim, seit de sprekker, mar de léste tiid krijt er de yndruk dat de iver en faasje ta ôfwikkeling oerhearsket. Hy hat twa krityske kanttekens en dy krityk is saaklik en net persoanlik. Der is wiidweidich ynspraak regele. En no binne der útspraken oer foarkarren dien en jout it kolleezje net hielendal thús. Der komt in weryndielingsfoarstel foar in ferdieling yn twa grutte parten en in lytse útsûndering en dan in dikke punt. De sprekker fynt dat ûnbegryplik. Of je hawwe om wat foar reden dan ek in simpele weryndieling foar it each, dan hoech je eins gjin ynspraak te organisearjen, of je organisearje wiidweidige ynspraak en dan ha je de plicht om dêr wat mei te dwaan. No liket it derop dat it inkeld foar de show west hat. Miskien kin it kolleezje dat neier útlizze of noch rjocht dwaan oan wat de bewenners graach wolle. En hy begrypt dat der yntusken in soarte fan rânebetingsten binne oan omfang en detaillearring fan in weryndieling. Hy hat dat as boarger nea distillearje kinnen út de gemeentlike ynformaasje. De faktor 10% kaam op yn diskusjes, mar helder útlis dêrfan kaam net. Dy kaam pas doe't op 21 oktober dit jier yn de LC in nochal útlizzend stik stie. De sprekker fynt dat spitich. Dit hie fan de kant fan de gemeente komme moatten yn dizze heldere foarm. En dizze ynformaasje oangeande de grinzen oan mooglikheden foar weryndieling hie der foar de ynspraak wêze moatten. It is spitich dat guon minsken har no net serieus nommen fiele. De hear S. Riemersma sprekt yn as ynwenner fan Terherne. Dit doarp hat dúdlik oanjûn nei Skarsterlân te wollen. Mar hy wol it ha oer hoe't er him fernuvere hat oer de rol fan it kolleezje, en benammen ús boargemaster. It rapport Wagenaar Hoes wie de basis foar de petearen mei de ynwenners. It rapport kaam mei trije alternativen foar weryndieling. Alternatyf 3 wie weryndieling mei Ljouwert en It Hearrenfean en grinskorreksjes mei oare gemeenten waard neamd as it alternatyf dat it béste temjitte kaam oan de opjeften yn it gebiet. Ut de petearen kaam dúdlik nei foaren dat Terherne nei Skarsterlân woe, Aldeboarn nei Opsterlân, Warten doe nei Tytsjerksteradiel en de Lege Geaën nei Snits. Dit komt op Boarn nei moai oerien mei it béste alternatyf út it rapport. Mar dy kant giet it net op, neffens it foarstel. De boargemaster hie wol sein dat net alle winsken fan de ynwenners honorearre wurde koenen, mar dat har miening wol meiweage wurde soe. Alhiel neat fan al dy winsken is ynfolle. Dat net alles kin is te begripen, mar hielendal neat is gek oanstekken. Us boargemaster wurdt hjir ek op oansprutsen, mar dy bewearret bonkehurd dat der wol deeglik rekken holden is mei de winsken fan de ynwenners. It Hearrenfean leit in claim op omlizzende Pagina 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 7