zijn. In de wandelgangen werd deze optie deels positief ontvangen, maar toen het puntje bij het paaltje kwam werd er niet meer op dit alternatief gereageerd door de raadsleden. Er was dus geen steun voor deze optie, maar hij gelooft wel dat we dan naar 'het beloofde land' zouden gaan. Het heeft geen zin om nu nog kritiek te leveren op het niet nemen en onderzoeken van het alternatief, maar het was wel de moeite waard geweest zegt de spreker. Even leek het erop dat ook Akkrum zou worden voorgesteld om naar Leeuwarden te gaan. Dan had hij het vanavond moeilijk gehad, maar nu niet meer. Hij stemt voor het amendement. De hear Hemminga wol syn wurdearring útsprekke foar de diskusje dy't we hân ha en ek de gearwurking tusken alle santjin riedsleden. It hat swier kealle om ta dizze formulearring fan it amendemint te kommen, mar it is hiel wichtich dat dit amendemint riedsbreed oannaam wurdt. Dat jout nei de bûtenwacht in sterk sinjaal en dat is de winst fan dizze diskusje. Guon partijen binne der net al te gelokkich mei, mar we kinne wol tefreden wêze mei it resultaat fan dizze rie. De hear Van der Woude merkt op dat de PvdA mei-ûndertekener fan dit amendemint wie. Hy slút him oan by de wurden fan de hear Hemminga dat wy yn ienriedigens in sinjaal nei bûten jouwe en dat fynt er de grutste winst fan dizze jûn nei in hiele goede ynhâldlike diskusje. Der wurdt no stimd oer amendemint 1 fan GB2000, PvdA en CDA. Dit amendemint wurdt oannaam mei algemiene stimmen yn in haadlike stimming. De foarsitter sprekt út dat er it geweldich fynt dat de hiele rie it hjiroer iens is. Hy winsket B&vv sterkte ta om dit fierder út te fieren. De hear Van der Woude sprekt syn wurdearring út foar de wize wêrop't de hear Van der Sluis ús op 9 novimber en fannejûn troch de diskusje laat hat. 3. SLUTE De foarsitter slút de gearkomste om 23.35 oere en winsket elk wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14 desimber 2010. A.G.I de gr de foarsitter, Pagina 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 18