BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 30 novimber 2010 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: de hear T. Baas Griffier: de hear A.G.M. Rutten GB2000: de hearen J.R. Galama, J. Hemminga, P.T.L. Jonker en S. van der Meer PvdA: mefrou P.M. Esser en de hearen R. van der Woude en T. de Boer FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.S. Posthumus en W. Witteveen VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis (fice-foarsitter) CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hear J.S. Zijlstra D66: mefrou A.W. Nugteren-Schell en de hear M. Frensel GroenLinks: mefrou G. Rozema It kolleezje fan boargemaster en wethâlders: De wethâlders de hear F.A.J.M. van Beek, mefrou H.J. de Haan-Laagland en mefrou M.A.J. Jager- Wöltgens, gemeentesiktaris de hear G. Heeringa Publike tribune: 110 persoanen 1. ALGEMIEN 1. 1 lepenje De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit elkenien hertlik wolkom. 1.2 Fêstste/len fan de bes/ute/ist en it ferslach fan 9 novimber 2010 De beslutelist en it ferslach wurde sûnder wizigings fêststeld. 1.3 Ynkommen stikken De ynkommen stikken wurde foar kundskip oannaam. 2. BESLUTFOARMJEND 2.1 Foarstel oangeande weryndieling Gemeente Boarnsterhim Burgemeester Baas heeft dit onderwerp in portefeuille en geeft daarom de voorzittershamer over aan de vice-voorzitter van de raad, de heer Van der Sluis. De hear Van der Sluis jout oan by de partijen lâns te gean nei folchoarder fan it tal stimmen dy't se krigen ha mei de léste ferkiezings. De hear Hemminga merkt op dat we al in soad ynspraakjûnen hân ha. De diskusje is in jier lyn begûn oer it fuortbestean fan dizze gemeente. Dêrby is net folie omtinken bestege oer takomstige ûntwikkelings yn bestjoerlik Fryslân. Neffens GB2000 is dit net de léste ronde oer weryndieling of werskikkings yn de provinsje. It is goed mooglik dat der yn de takomst mar seis of sân gemeente oerbliuwe yn Fryslân. GB200 beoardielt it foarstel fanút dat takomstperspektyf. Ut de rapporten blykt in foarkar fan noard-súd, noard nei Ljouwert en súd nei It Hearrenfean. De simpelste en finansjeel geunstichste oplossing foar de boarger soe oansluting by ien gemeente wêze. Dat soe dan Ljouwert wêze kinne. Dit alternatyf is yn de rapporten ûnderbeljochte bleaun. It neidiel fan dizze opsje is dat de rie fan Boarnsterhim dan gjin ynfloed mear hat op it fierdere proses mei eventuele keuzes fan doarpen. GB2000 fynt dat wy as rie sa lang mooglik ús ynfloed jilde litte moatte. De helderheid oer de wetlike mooglikheden en de beliedsútspraken fan it ministearje en parlemint oer weryndielings kaam let. Der is in soad praat oer grinskorreksjes. It die úteinlik bliken dat dat net de gongbere wei is. Doarpen ha frij filosofearre oer nei hokker gemeente se woenen. It

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 1