gearhing en it planologysk romteferlet. De FNP stiet hiel kritysk foar it útstel fan it kolleezje oer. Der is gjin rjocht dien oan it kritearium fan maatskiplik draachflak. Op basis fan de ynbrochte sjenswizen fan Doarpsbelangen en de enkêtes kinne we sizze dat sawat 9000 minsken, 47% fan de befolking, in oare gemeente foar eagen hat as dat B&W foarsteld ha. Dan ha we it oer De Lege Geaën, Terherne, Akkrum-Nes, Aldeboarn en in part fan de befolking fan Warten. De FNP wol fanút it fan Onderen op-prinsipe, mar ek fanwege alle relevante arguminten dy't oanslute by it beliedskader weryndieling fan it ministearje fan BZK it foarstel feroarje. It earste amendemint is troch partijen mei inoar yntsjinne. Sy ferwiist nei de ynbring fan de hear Hemminga. De FNP stiet der folslein efter dat De Lege Geaën nei de nije gemeente Súdwest-Fryslân giet en Terherne nei Skarsterlân en dat dat op termyn de nije gemeente Fryske Marren wurde sil. Oer Aldeboarn en Akkrum-Nes hat de FNP oare gedachten en dêrom komt de fraksje en ek oare fraksjes mei amendeminten om dat te feroarjen. It sub-amendemint dat wy no yntsjinje wolle giet oer Aldeboarn en is in wizigingsfoarstel op it amendemint fan de partijen meielkoar.Der is neffens de FNP te min maatskiplik draachflak om Aldeboarn oan It Flearrenfean ta te heakjen. Yn de earste enkête fan Doarpsbelang keas 70% foar Opsterlân en mar 7% foar It Hearrenfean. In nije enkête fan de wurkgroep Aldeboarn by Opsterlân hat útwiisd dat 71% fan de ynwenners foar Opsterlân kiest. Oare arguminten binne dat Opsterlân mear as foldwaande bestjoerskrêftich is en dat yn de ynspraak neamd is dat in soad Boarnsters har oriïntearre fiele nei Opsterlân en ek in protte bern dêr Onderwiis folgje op De Gordyk en dat De Gordyk en Beetstersweach justjes tichterby binne as It Hearrenfean en dat it plattelânskarakter fan Opsterlân better by Aldeboarn past as de stedske allueres fan It Hearrenfean. It amendemint fan FNP is in sub-amendemint op it amendemint tekene troch de hearen Hemminga, Van der Woude en Zijlstra. It subamendemint fan de FNP fraksje op it mienskiplik basisamendemint: Oerweagjende dat: op grdn fan ynspraak, de wet ARHI en de kritearia yn it "Beliedskader gemeentlike weryndieling" it doarp Aldeboarn op grdn fan stekhâldende en oannimiike arguminten yndieid wurde kin by de gemeente Opsterlân. Bes/ut: De besldtnummers 1, 2.2 en 3 as foiget te wizigjen: by besldtndmer 1 ek fermelde dat jo yn oer/is trede mei it kolleezje fan B&W fan Opsterlân by besldtndmer 2.2 dat it gebiet mei it doarp Aldeboarn ek diel útmeitsje sil fan de gemeente Opsterlân by besldtndmer 3.1 dat ek de gemeente Opsterlân op de hichte brocht wurdt fan dit besldt. Foar it oare feroaret der neat oan it mienskiplik basisamendemint. Se hopet dat oare partijen hjiryn meigean. De heer Van der Sluis jout dit amendemint, dat tekene is troch mefrou Veldstra, nummer 2. De hear Hemminga freget - by ynterrupsje - wat frou Veldstra it ferskil fynt tusken in enkête en in hantekenaksje. Frou Veldstra seit dat minsken har útsprekke kinne oer in de fragen yn in enkête. By de hantekenaksje ha de minsken hûs oan hûs west yn Aldeboarn en dêrby ha in protte minsken har hanteken set ha. Dêrút die bliken dat 71 graach nei Opsterlân wol. De hear Hemminga seit dat er mear wearde hechtet oan in enkête mei wat mear ynformaasje as oan in hantekenaksje. Frou Veldstra jout oan dat foar de FNP it in swierweagjend punt is om Aldeboarn oanslute te litten by Opsterlân. Op grûn fan ynspraak, de geografyske lizzing, it plattelâns- en toeristysk karakter fan de doarpen Akkrum-Nes en op grûn fan foarderings nei de nije fúzjegemeente Fryske Marren is der in soad foar te sizzen om Akkrum-Nes by dy gemeente ûnder te bringen. D66 komt aanst mei in amendemint. Dan freget de fraksje hoe't it kolleezje omgean sil mei hiele lytse grinswizigingen. Mei sa'n weryndieling kinne je goedmeitsje wat al jierren bryk is en dêr't minsken echt lést fan ha. De gemeente Littenseradiel hat it foarbyld neamd fan in pleats mei lân op 'e grins fan dy gemeente en ús gemeente oan 'e Dille tusken Dearsum en Easterwierrum. It oare foarbyld is de situaasje op it eilân tusken de Sânemar en it doarp Earnewâld. Dêr binne grutte problemen mei de postbesoarging. De fraksje freget it kolleezje dy beide gefallen nei tefredenheid fan 'e bewenners op te lossen. Foar Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 5