Ui I L
a
w o m
9
gemeente
th
tytsjerksteradiel
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân
Postbus 20120
8900 HM LEEUWARDEN
VERZONDEN 1 5.07.11
Burgum, 13 july 2011
Achte kolleezje,
Ynlieding
Wy stjoerden jimme kolleezje op 10 maaie 2011 in brief dêrit wy ús ynstimming yn
bliken lieten mei it stânpunt fan it kolleezje fan Deputearre Steaten oangeande De Alde
Feanen. De Alde Feanen moatte, fûnen DS, yn neifolging fan de ynskeakele 'Kommisje
fan Wizen', yn ien behearshân komme, dy fan Tytsjerksteradïel.
Ontwikkelingen Boarnsterhim
Underwilens set Boarnsterhim gewoan troch mei har plannen. Yn dy plannen komt
Tytsjerksteradiel net foar as gemeente dêrit njonken de fjouwer wol neamde
'herindelingsgemeenten' ek gebiet fan Boarnsterhim hinne gean sik
DS feroarie fan stânpunt!
En no begripe wy, út in koartiyn hâlden bestjoerlijk oerlis wei, dat neffens jimme
portefúljehâlder jimme kolleezje yn him omgean lit foarearst gjin beswieren te hawwen
tsjin tadieling fan De Alde Feanen oan Ljouwert.
Dizze feroaring fan stânpunt hat ús bot fernuvere. It kin dochs net sa wêze, dat jimme
no ynienen fan posysje wikselje?!
Om jimme yn it goede spoar te hâiden stjoere wy jimme dizze brief. Wy sette de
arguminten foar de oergong fan De Alde Feanen nei Tytsjerksteradiel - yn it ferline
dield troch ferskate kolleezjes fan DS oant no ta - (nochris) foar jimme op in rige.
De Alde Feanen vn ien bestioershân
It is foar de ôfstimming fan taken en it behear fan De Alde Feanen wichtich, dat De
Alde Feanen sa folie mooglik yn ien gemeente komme te lizzen.
De Alde Feanen bestjoerlik yn ien hân is û.o. wichtich foar it behâld fan de
natoerwearden yn it gebiet - De Alde Feanen is in Nasjonaal Park - en foar it
ienfoarmich tapassen fan regels en hanthavening.
ús merkteken S2011-07684
dossier Z2011-0074
behannele troch ^Gerben Stellingwerf
telefoannûmer (0511460 510
jo brief fan
jo merkteken
Onderwerp Weryndieling De Alde Feanen
Postbus 3 9250 AA Burgum Raadhuisweg 7 tel 14 0511 fax 0511 460 861 gemeente@t-dlel.nl www.t-diel.nl