2. MIENINGSFOARMJEND 2.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer wurklistpunt 2.2 De foarsitter, de hear Van der Sluis, jout it wurd oan de ynsprekker de hear Banga fan Pleatslik Belang Raerd. De hear Banga sprekt yn oangeande de foarstelde nije gemeentegrinzen. Hy merkt op dat der trije pleatsen binne yn Raerd dy't aanst net mear by Raerd hearre. It giet om de pleatsen fan de famyljes De Jong ,Hegedyk 12, Flapper, Hegedyk 23 en Hoekstra Hegedyk 14. Dizze Hornsterbuorren hawwe altyd by Raerd heart. Alle trije famyljes wolle graach by Raerd bliuwe en binne ek op Raerd oriïntearre. Ut namme fan dizze minsken en Pleatslik Belang Raerd freget hy oandacht foar dizze famyljes dy graach by Raerd bliuwe wolle en hy soe graach wolle dat hjir noch ris nei sjoen wurdt. De foarsitter jout it wurd oan de ynsprekker de hear Top. De heer Top spreekt in namens het dagelijks bestuur van de Gemeenschappelijke Medezeggenschapraad (GMR) van de Stichting Bestuur openbaar basisonderwijs (BOBOB). Vanuit de BOBOB is er geen bezwaar tegen de herindeling maar de komende herindeling kan voui de organisatie een opsplitsing betekenen over vier gemeenten. In 2009 is de BOBOB verzelfstandigd en in het kort geeft hij aan hoe de omwenteling tot stand is gekomen. De financiële basis is momenteel gezond en in de komende jaren wil BOBOB graag de huidige positieve lijn voortzetten en verder ontwikkelen. De huidige statuten zouden moeten worden gewijzigd zodat het ook mogelijk blijft dat de BOBOB in de toekomst de regie in eigen hand houdt. Het verzoek aan de gemeenteraad is medewerking te verlenen aan de statutenwijziging wanneer BOBOB hiertoe een voorstel doet. 2.2 Foarstel om fêst te stellen it weryndielingsûntwerp Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Súdwest Fryslân en Skarsterlân Earste Termyn: De hear Hemminga jout oan dat GB2000 akkoart is mei it foariizzende foarstel en dat men kontent is mei de nota voorzieningen. We beslute no op haadlinen. De yndruk is dat de gemeente Boarnsterhim in protte ynset toant hat en dermei hiel wat berikt hat foar ynstânsjes yn r' gemeente. We binne bliid dat de ûntfangende gemeenten dit ek ûnderskriuwe en akkoart binne mei de yntinsje-oerienkomst. Oangeande de ynsprekker de hear Banga freget hy oft in grinskorreksje foar de trije pleatsen besjoen wurde kin. Rjochting ynsprekker de hear Top jout hy oan dat we formeel sjoen, te krijen hawwe mei it bestjoer fan de BOBOB en hy wol graach witte wat der oan de hân is. It ûnderwiis moat wol yn goeie hannen wêze. De ynkommen brief fan de gemeente Tytsjerksteradiel wurdt foar kundskip oannommen mei derby de opmerking dat in nasjonaal park net bûn is oan gemeentegrinzen. De hear Van der Woude hat in pear opmerkingen op haadlinen. Hy hie ek graach in eksemplaar fan dit stik yn it Frysk hawwe wollen en freget at der ek in stik yn it Frysk nei Den Haag kin. Hy fynt dat der gedegen stikken foarlizze. Dit is neffens de berjochten it risseltaat fan goed ûnderhannelje ûnder grutte tiidsdruk. Komplimenten foar elkenien dy't hjir oan meiwurke hat en ek foar de koöperative opstelling fan de partners dy't aanst in part ûntfange fan in finansjeel sûne gemeente mei aktive doarpen en goede ynwenners. Hy kin him fine yn it weryndielingsûntwerp wêr't yn it koart stiet beskreaun hoe't it wie, hoe't it is en hoe't it wurdt en op it ein yn grutte haadlinen hoe't it straks komt foar de eardere Gemeente Boarnsterhim. Pagina 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2011 | | pagina 6