Hy wie ferrast troch de ynkommen brief fan BOBOB en hie begrepen dat de stifting BOBOB harsels
op soe heffe per 1 jannewaris 2014. Neffens him is it wat oan de lette kant om no noch de
statuten te wizigjen.
Oangeande de ynkommen brief fan Leppehiem tinkt hy, sjoen de yntensje-oerienkomst, dat de
mienskipssoarch foar dit gebied ek foar aanst goed bliuwt en troch gean kin sa as it no ek giet.
Hy is bliid dat de doarpfisys folie earder in eigen plak krigen hawwe yn it stik, derút blykt dat it tige
wichtich is, ek foar de ûntfangende gemeenten.
Oangeande it personeelsconvenant jout hy oan dat hy libje kin mei de útgongspunten en freget in
oanfolling hjirop oangeande it griffypersoniel wat eins Onder de ried fait.
De ynkommen brief fan de gemeente Tytsjerksteradiel wurdt foar kundskip oannommen.
Hy freget oandacht foar it fersyk foar grinskorreksje foar de trije pleatsen yn Raerd.
De PvdA sil op 22 novimber har politike oardiel jaan.
Mefrou Veldstra merkt op oangeande de ynkommen brief fan de gemeente Tytsjerksteradiel oer de
Alde Feanen dat dat in passearre stasjon is.
Oangeande de ynkommen brief fan Leppehiem freget se at der dúdlikheid jûn wurde kin op de
fragen yn de brief en se merkt op dat de mienskipssoarch al feilich stelt is.
Oangeande de BOBOB dielt se mei dat se harren soarch dielt en freget it kolleezje om dit punt yn it
oerlis mei de gerede partners oan te jaan.
De FNP is tefreden mei de list foarsjennings.
Posityf is dat der takom wike in ynrinbyienkomst is oer de nije grinzen en se soe graach wolle dat
dêr dan in dúdlike kaart is. Se freget at der ek oer neitocht is om de (opheven) geakundekommisje
en ek de geakundekommisje fan de oare gemeenten, te freegjen om nei de nije grinzen te sjen. En
oft der op de ynrinjûn ek minsken oanwêzich binne fan it kolleezje of de stjoergroep om fragen te
beäntwurdzjen.
Is der ek rekken hâlden mei in fersyk út it ferline fan in ynwenner út Warten dy't post kryg yn
Earnewâld.
Oangeande de ynsprekker de hear Banga oer de trije pleatsen fynt se ek dat de pleatsen by it doarp
Raerd hearre. Ek wurdt de fraach stelt wêr't de skieding komt fan de Snitserdyk.
Oangeande it Frysk taalbelied freget se at de FNP der no wat oan dwaan moat of dat dat noch yn in
letter stadium kin.
It die har goed om ferline wike op in ynformaasjejûn yn it Fean te hearren dat de ried fan it Fean
posityf is mei it takomstige part fan Boarnsterhim.
Se jout oan dat FNP ek tefreden it mei it convenant personiel en organisatie.
FNP wol ek graach dat der in Fryske ferzje nei Den Haag giet.
De hear Bouma is posityf oer it weryndielingsproses. Ek it léste jier mei de klankbordgroep en
stjoergroep wie posityf. Mei de oare fjouwer gemeenten wie it ek yn goede harmonie.
De VVD is yn haadlinen akkoart. We tinke dat it in goed lieden proses west hat dat sa folie mooglik
rekken hélden hat mei alle minsken en belutsen partijen. We hawwe der grut fertrouwen yn en tinke
dat it goed slagje sil.
It punt De Alde Feanen is wat de VVD oanbelanget in "gelopen race".
Hy wol graach omtinken foar it fersyk fan de trije pleatsen yn Raerd.
De VVD wie ek ferrast troch de ynkommen brief fan de BOBOB en giet derfan út dat it kolleezje
noch dúdlikheid jaan sil wêr't no it foech leit oangeande BOBOB en dat se alles yn it wurk stelle sille
om dat goed te regeljen.
De hear Zijlstra konkludearret dat dit stik oan de iene kant dochs wol wat in wetlik ferplicht stik is
en oan de oare kant in stik mei foldwaande oanknopingspunten en ambysjes foar ús ynwenners.
Hy hat de yndruk dat der in soad wurk is ferset en jout dêrfoar in kompliment.
Hy merkt op dat Boarnsterhim terjocht sintraal stiet yn dit weryndielingsproses. Yn de
yntinsjeferklearring steane in oantal wichtige yntinsjes dy't útsprutsen wurde en belangryk binne
foar Boarnsterhim. It tekenje fan dizze yntinsjeferklearring is foar dizze weryndieling fan
trochslachjouwend belang want nei 2014 is dit gebied foar de oare gemeenten.
Pagina 3