bedrijventerreinen te harmoniseren. Na 22 november zal er in de 2e fase steeds meer sprake zijn van harmonisatie tussen de toekomstige herindelingspartners. De foarsitter stelt foar om 10 minuten skoft te hâlden. Twadde termyn: De foarsitter jout de ynsprekkers noch in kear it wurd. De inspreker de heer Top geeft aan dat dat hij niet voor of tegen de fusie is en legt nogmaals de nadruk op de weeffout in het statuut welke aangepast zou moeten worden. De ynsprekker de hear Banga merkt op dat hy let ynformaasje krigen hat oer de nije grinzen. It tiidspaad wie krap mar it stappenplan wat der no leit (oant april) sjocht der goed út. Yn de takomst soe hy graach de ynformaasje op tiid hawwe wolle. De hear Hemminga jout oan dat GB2000 it folste fertrouwen hat yn it hiele proses en dat ek de oandroegen punten troch de ynsprekkers yn goed oerlis yn oarder komme. Hy sprekt de ferwachting út dat der op 22 novimber yn ienriedigens mei alle gemeenten in beslút nommen wurde kin. De hear Van der Woude is bliid mei de tasizzing dat it stik ek yn it Frysk nei Den Haag giet. Oangeande de ynsprekker fan Raerd merkt hy op dat harren lette reaksje gjin ferwyt is mar dat it no let is om it noch sa gau mooglik te regeljen. Ek fynt hy dat ried belutsen bliuwe moat by de BOBOB. Fierders merkt de hear Van der Woude op dat dit hiele proses fan weryndieling eins al begûn is yn 2008 troch in riedsbrede stipe moasje oangeande in ûndersyk takomst Gemeente Boarnsterhim en dus net, sa at yn de stikken stiet, fanôf 21 april 2009. Mefrou Veldstra is ek bliid mei de tasizzing dat it stik yn it Frysk nei Den Haag giet. Oangeande de flak foar de fúzje fan Súdwest Fryslân fêststelde oerienkomst Frysk taalbelied freget se at de FNP hjir no aksje op moat ûndernimme of dat dit noch yn in letter stadium mooglik is. Binne der op de ynrinjûn nije grinzen ek minsken fan de stjoergroep of it kolleezje oanwêzich om fragen te beäntwurdzjen? De BOBOB bliuwt in soarch foar de gemeente Ondanks harren selstannichheid en se soe graach wolle dat de wethâlder de ried bypraat oer hoe't it no sit mei it foech fan de ried oangeande BOBOB. De hear Bouma jout oan dat hy der fanút giet dat de earder neamme punten útsocht wurde en yn goed oerlis yn oarder komme. De hear Zijlstra fynt dat we net yn de yntinsjeferklearring op moatte nimme in passaazje oer it wenjen en de ôfstimming hjirfan mei omlizzende gemeenten. Ek fynt hy it ferstannich om te learen fan de fúzje ûnderfining fan Súdwest Fryslân. De heer Frensel vindt het ook niet nodig om in het herindelingsontwerp een passage over woningen op te nemen. Het lijkt hem wel verstandig om met de omliggende gemeenten hiernaar te kijken. Mevrouw Rozema geeft aan dat GroenLinks tevreden is met de toezegging dat er in fase 2 aandacht komt voor overleg tussen de verschillende partners over woningbouw. De hear Van der Woude merkt noch op dat de frege oanpassing fan de trije pleatsen yn Raerd harren stipe hat. Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2011 | | pagina 9