Sjochwizen Fan 23 novimber 2011 öf oant en mei 18 jannewaris 2012 hat it weryndielingsüntwerp op besjen lein op de gemeentehüzen fan de belutsten gemeenten. Yn de wetlike perioade fan acht wike binne der mei elkoar 10 sjochwizen yntsjinne. Dit is sa ferpatte oer de yndividiuele gemeenten: Boarnsterhim 8 It Hearenfean 1 Skarsterlan 1 Njogggen sjochwizen binne yn de wetlike termyn yntsjinne en ien derbüten. De léste is dêrom net yn behanneling nommen. Op 8 febrewaris 2012 hat der in harksitting plakfün wêr't de yntsjinners de gelegenheid han hawwe harren sjochwize ta te ljochtsjen. Dér is troch twa yntsjinners gebrük fan makke. De reaksjenota op de sjochwizen is opnommen yn bylage 4. De yntsjinne sjochwizen slane foar in part op it proses en foar in part giet it om ütstellen foar in oare grins. Yn it algemien kin steld wurde dat nut en needsaak fan de weryndieling net bestriden wurdt. Mei it ferwizen nei de by it advys hearende reaksjenota op de sjochwizen is de konkluzje dat yn twa gefallen de yntsjinne sjochwizen liede ta it wizigjen fan it weryndielingsüntwerp. It giet hjirby om lytse grinswizigings. Dizze binne yn dit weryndielingsadvys ferwurke. Ferfolchproseduere De rieden fan de gemeenten Boarnsterhim, It Hearrenfean, Ljouwert, Skarsterlan en Südwest- Fryslan ha yn foarlizzend weryndielingsadvys de foarnommen plannen rjochte op twa gearfoegings en twa grinskorreksjes fan de oergeande gebietsparten fan Boarnsterhim mei yngong fan 1 jannewaris 2014 beskreaun. Understeand wurdt koart sketst hokker stappen naam wurde (moatte) nei de fêststelling fan dit weryndielingsüntwerp troch de gemeenterieden fan Boarnsterhim, It Hearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan. Weryndielingsadvys It weryndielingsadvys is op 17 april 2012 troch de gemeenterieden fêststeld en wurdt dêrnei tastjoerd oan Deputearre Steaten fan Fryslan. Deputearre Steaten sille it weryndielingsadyvs, foarsjoen fan har sjochwize, trochstjoere oan de minister fan Ynlanske Saken en Keninkryksrelaasjes. De gemeenten Boarnsterhim, It Hearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan gean derfan üt dat de line noch hieltyd folge wurdt dy't beskreaun is yn brief 2005-0000256186, d.d. 24-11-2005. Dêryn stelt de (eardere) minister fan Ynlanske Saken en Keninkryksrelaasjes dat "ik in ynspanningsferplichting oangean [wol], dat weryndielingsadvizen dy't foar 1 julyfan wat jier dan ek -foar safier oan de oarder mei de foarskreaune provinsjale sjochwize - oan my oanbean wurde, en op basis wêrfan 't ik yndie wetsfoarstellen dwaan wol, dizze yn oardel jier ta yngeande wetjouwing en dêrnei effektuearring fan de weryndieling liede". Dêrnei sil de minister fan Ynlanske Saken en Keninkryksrelaasjes it weryndielingsadvys, ynklusyf de sjochwize fan de Provinsje, behannelje nei de simmer en oan de ministerrie tastjoere foar de formele start fan it wetjouwingstrajekt yn oktober of novimber 2012. De Steatsrie advisearret dêrnei oer it wetsfoarstel wêrnei't yntsjinning by de Twadde Keamer folget. Healwei 2013 wurdt de parlemintêre behanneling fuortset yn de Earste Keamer, sadat uterlik septimber 2013 publikaasje yn it Steatsblêd folgje kin. Dit is it sein foar it organisearjen en halden fan weryndielingsferkiezings op It Hearrenfean en yn Ljouwert yn novimber 2013 foar de gearstalling fan de rieden fan de nije gemeenten. Op 1 jannewaris 2014 sette de nije gemeenten üt ein.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 101