Gemeente leeuwarden Toetsine draachflak wervndieling Ljouwert 1Wize fan draachflakündersyk Ein juny hat de gemeenterie in prinsipebeslüt nommen oer de weryndieling mei in part fan de gemeente Boarnsterhim. Yn july 2011 binne de ynwenners fan Ljouwert ynformearre oer dizze foarnommen weryndieling. Dit is sa foarmjün: 1 - in ynterview mei de boargemaster yn de krante Huis aan Huis, 2- in ütstjoering op DAGTV mei in item oer weryndieling, ütstjoerd fia de lokale omrop, 3- it pleatsen fan ynformaasje op de webside fan de gemeente Ljouwert. Dêrneist is der troch de gemeenterie in ynformaasjejün of harksit organisearre foar de ynwenners, maatskiplike organisaasjes en ündernimmers fan Ljouwert. Dêrfoar binne alle belangstellenden troch advertinsjes yn de krante, fia de webside en troch rjochte oanskriuwing ütnoege. By de rjochte oanskriuwing gong it om organisaasjes lykas wyk- en doarpsferienings, (wetter)sportferienings, wolwêzensorganisaasjes, wenteboukorporaasjes, KfK, ündernimmersferienings ensfh.: it saneamde maatskiplik middenfjild. Op de webside koenen belangstellenden fragen stelle of har miening jaan. Op 2 novimber 2011, nei it fêststellen fan it weryndielingsüntwerp yn it kolleezje, is opnij in byienkomst foar belangstellenden fan Ljouwert organisearre wurde. Nei beslütfoarming yn novimber 2011 is it weryndielingsüntwerp formeel op besjen lein. 2. Motivearring kar foarm fan draachflakündersyk Der is keazen foar in iepen en transparante oanpak. Ferskate kommunikaasjemiddels binne breed ynset, lykas advertinsjes yn de Fryske deiblêden, fraachpetearen yn de krante Huis aan Huis en de Fryske media, persoanlike ütnoeging foar iepenbiere jünen en in artikel op de gemeentlike webside. Alle ynwenners en oare belangstellenden krigen op dizze wize de gelegenheid har ynformearje te litten en fan har hearre te litten. De jünen binne organisearre troch de gemeenterie. 3. Utkomsten Likernöch tsien ynwenners fan Ljouwert hawwe de earste byienkomst besocht. Dêrnjonken wienen der tsien riedsleden en fiif minsken üt Boarnsterhim. Twa ynsprekkers joegen oan it wichtich te finen om De Aide Feanen by Ljouwert te foegjen. Dêrnjonken waarden der fragen steld oer mooglike finansjele gefolgen. Net ien fan de oanwêzigen spruts him üt tsjin in weryndieling mei Boarnsterhim. De twadde byienkomst is besocht troch 28 ynwenners fan Ljouwert. Der wienen dêrnjonken 10 riedsleden oanwêzich. De fragen dy't steld waarden giene oer it nut fan ynspraak, wêrom't der keazen is foar it tafoegjen fan de Aide Feanen by Ljouwert en in oantal fragen oangeande mooglike feroarings yn belied fan de nije gemeente. Der binne troch belanghawwenden üt Ljouwert gjin sjochwizen op it weryndielingsüntwerp yntsjinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 106