Skarsterlan gemeente Joure Toetsing draachflak Skarsterlan Paragraaf 1 - Wizefan toetsen It inisjatyf ta weryndieling komt üt Boarnsterhim. Nei oanlieding fan de diskusje dy't yn Boarnsterhim opstart is oer de bestjoerlike takomst, hat pleatslik belang Terherne in enkête ünder ynwenners holden (respons 56%), wêrby't mar leafst 98% fan de 200 respondinten keas foar oansluting by de gemeente Skarsterlan. Yn troch de gemeente Boarnsterhim organisearre byienkomsten (ek yn Terherne) is dit sinjaal hieltyd wer werom kaam. Dêrneist hat de gemeente Skarsterlan goed 200 ynwenners fan Terherne untfongen, dy't har graach symboalysk ynskriuwe litte woenen as ynwenner fan de gemeente Skarsterlan. It gemeentehüs is dêrfoar spesjaal op sneon iepensteld, wêrby't in üntfangst troch de boargemaster arranzjearre is. As léste hat it kolleezje fan B&W fan Skarsterlan in petear mei pleatslik belang Terherne han, wêrby't Terherne nochris düdlik fernimme litten hat dat Terherne graach by Skarsterlan wol. Op 22 novimber is it weryndielingsüntwerp troch de gemeenteried fêststeld. Dêrnei hat it Ontwerp foar in perioade fan 8 wiken formeel op besjen lein. Om reden fan de foarnommen lyktidige fuzje fan Skarsterlan mei de gemeenten Lemsterland en Gaasterlan-Sleat binne ek de ynwenners fan dizze gemeenten yn de gelegenheid steld om harren sjochwize kenber te meitsjen. Foar de datum fan sluten fan de perioade fan op besjen lizzen is der yn jannewaris 2012 in bestjoerlik oerlis west mei pleatslik belang Terherne. Dizze byienkomst hat lieden ta it yntsjinjen fan ien sjochwize by de gemeente Boarnsterhim. Paragraaf 2 - Motivearring karfoarmfan draachflaktoetsing De kar foar boppesteande foarm fan it toetsen fan draachflak is mei de kar west fan de inisjatyfnimmers: de gemeente Boarnsterhim en it doarp Terherne. Omdat hjirut hieltyd eksplisyt bliken dien hat dat it draachflak tige grut is, is der keazen foar yntensyf oerlis mei pleatslik belang Terherne. It gemeentebestjoer fan Skarsterlan hat de miening fan de ynwenners fan Terherne hieltyd as liedend sjoen. 11 bylüken fan de ynwenners fan de takomstige fuzjeparners Lemsterland en Gaasterlan-Sleat is in kar west fan de gemeente Skarsterlan. Paragraaf 3 - Utkomsten Enkête: 98% fan ynwenners Terherne kiest foar Skarsterlan Ynskriuwaksje: goed 200 ynwenners fan Terherne skriuwe har alfêst symboalysk yn as ynwenner fan Skarsterlan Pleatslik belang Terherne hat yn petear mei B&W Skarsterlan nochris oanjün dat de oergong nei Skarsterlan grut draachflak hat en in goede kar wêze soe. De oriïntaasje fan Terherne op De Jouwer is dêrby hieltyd in punt. Der is troch belanghawwenden üt Skarsterlan en har fuzjeparners De Friese Meren y.o. ien sjochwize op it weryndielingsüntwerp yntsjinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 107