Toetsing draachflak Südwest-Fryslan Paragraaf 1 - Wize fan toetsen De gemeenterie fan Südwest-Fryslan hat op 23 juny 2011 it prinsipebeslüt naam om in trajekt te starten dat rjochte is op it gearfoegjen fan it gebiet De Lege Geaën by de gemeente Südwest-Fryslan mei yngong fan 1 jannewaris 2014. Dêrby hat de rie it kolleezje opdracht jün om yn 'e mande mei oare belutsen kolleezjes in weryndielingsüntwerp op te stellen foar in riedsbeslüt yn novimber 2011It prinsipebeslüt is nei it beslüt fan de rie op besjen lein. Ynwenners fan en belanghawwenden yn de gemeenten ha yn de ynsjochtermyn (1 july o/m 29 july 2011) de gelegenheid han om skriftlik te reagearjen op dit prinsipebeslüt. It op besjen lizzen is publisearre yn de krante, op de webside fan de gemeente en yn de trije klantkontaktsintra yn Snits, Boalsert en Warkum. Fierder is op 5 septimber 2011 in ynformaasjejün organisearre foar de doarpsbelangen fan de doarpen dy't grinzje oan it gebiet 'De Lege Geaën' en de ynwenners fan dy doarpen. Nei it fêststellen fan it weryndielingsüntwerp folget it gebrüklike wetlike trajekt, wêrby't belanghawwenden har sjochwizen yntsjinje kinne. It riedsbeslüt fan 22 novimber 2011 oer it weryndielingsüntwerp is lyksa publisearre as it prinsipebeslüt en ek lyksa op besjen lein. Paragraaf 2 - Motivearring karfoarmfan draachflaktoetsing Foar dizze draachflaktoetsing is keazen om alle ynwenners en belanghawwende boargers yn de gemeente Südwest-Fryslan te benaderjen, nettsjinsteande dat de gemeente Südwest-Fryslan te krijen hat mei in beheindere operaasje (nammentlik in grinskorreksje) as de gemeenten Ljouwert en It Hearrenfean. Paragraaf 3 - Utkomsten Der binne op it prinsipebeslüt gjin reaksjes fan ynwenners üntfongen. Ek tsjin it weryndielingsüntwerp binne gjin sjochwizen by it gemeentebestjoer fan Südwest Fryslan yntsjinne. By de oangrinzjende doarpen yn Südwest-Fryslan is der in grut draachflak foar it tafoegjen fan it gebiet "De Lege Geaën" oan de gemeente Südwest-Fryslan, sa docht bliken üt ynformele kontakten en üt de op 5 septimber 2011 holden ynformaasjejün foar de SWF-doarpen Goaiïngea, Loaiingea, Offenwier, Gau en Skearnegoutum. 46

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 108